Federaasje fan Yndiaanske Naasjes fan Saskatchewan
De Federaasje fan Yndiaanske Naasjes fan Saskatchewan (Ingelsk: Federation of Saskatchewan Indian Nations, FSIN) is in regionaal yntertribaal gearwurkingsferbân fan Yndiaanske stamme-organisaasjes yn 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan, mei syn haadkertier yn Saskatoon. De FSIN hat op 't heden (2022) 74 leden, ûnderferdield yn tsien stammerieën en in stikmannich "earste naasjes" (in Kanadeeske term foar "stammen") dy't op selsstannige basis lid binne.
Federaasje fan Yndiaanske Naasjes fan Saskatchewan Federation of Saskatchewan Indian Nations | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | FSIN | |
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
type org. | koepelorganisaasje | |
wurkmêd | yntertribale gearwurking | |
haadkertier | Saskatoon (Saskatchewan) | |
oprjochte | 1982 | |
fuortk. út | Federaasje fan Yndianen yn Saskatchewan | |
tal leden | 74 stammen (2022) | |
offisjele webside | ||
www.fsin.com |
Skiednis
bewurkje seksjeDe FSIN ûntstie yn 1982 troch in reorganisaasje fan 'e eardere Federaasje fan Yndianen fan Saskatchewan (Federation of Saskatchewan Indians, FSI), dy't sels yn 1959 oprjochte wie as fuortsetting fan 'e Uny fan Yndianen fan Saskatchewan (Union of Saskatchewan Indians, USI). Dy lêste organisaasje wie yn 1946 wer ûntstien út in fúzje fan 'e Beskermingsferiening foar de Yndianen en harren Ferdraggen (Protective Association for the Indians and their Treaties, PAIT) en de Assosjaasje fan Yndianen fan Saskatchewan (Association of Saskatchewan Indians, ASI).
Doelen
bewurkje seksjeIt doel fan 'e FSIN is om troch gearwurking sterker te stean foar oare partijen oer, lykas it provinsjaal regear fan Saskatchewan of it federale Kanadeeske regear. Dêrby leit de organisaasje him fral ta op 'e beskerming fan 'e ferdraggen tusken de stammen en de Kanadeeske oerheid en de dêryn fêstleine rjochten fan 'e Yndianen; it befoarderjen fan foarútgong op ekonomysk, ûnderwiiskundich en maatskiplik mêd; gearwurking mei boargerlike en religieuze autoriteiten; opbouwende krityk op 'e lidorganisaasjes en ûnderlinge diskusje; it fêsthâlden oan demokratyske prinsipes; en it oanmoedigjen fan respekt en tolerânsje foar eltsenien.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |