John Martin (Amerikaansk militêr, berne yn 1852)

(Trochferwiisd fan Giovanni Martini)

John Martin (berne as: Giovanni Crisostomo Martini; Sala Consilina (Keninkryk fan de Beide Sisyljen), ±jannewaris 1852New York, 24 desimber 1922) wie in Italjaansk-Amerikaansk militêr dy't bekend waard troch syn dielname oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, op 25 juny 1876. Hy wie de iennichste oerlibbene fan it detasjemint fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint dat dy deis ûnder lieding fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer de Yndianen út it noarden wei oanfoel.

John Martin
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút John Martin
(Giovanni Crisostomo Martini)
nasjonaliteit Sisyljaansk
Amerikaansk
berne ±jannewaris 1852
berteplak Sala Consilina
   (Ken. f.d. Beide Sisyljen)
stoarn 24 desimber 1922
stjerplak New York (New York)
etnisiteit Italjaansk
reg. identiteit Napolitaansk
wurkpaad
tsjinsttiid 18661870 & 18741904
yn tsjinst fan Itaalje (1866-70)
Feriene Steaten (1874-1904)
legerûnderdiel lânmacht
Italj. Frijwilligerskorps
Amerikaanske Leger
heechste rang sersjant
konflikt(en) 3e Italjaanske Unôfh.oarloch
Bemastering fan Rome
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
Spaansk-Amerikaanske Oarloch
treffen(s) Slach oan de Little Bighorn

Lange tiid wie ûnbekend wêr't John Martin hikke en tein wie, mar ûndersyk yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw hat útwiisd dat er tusken ein novimber 1851 en mids jannewaris 1852 berne wêze moat yn Sala Consilina, yn 'e provinsje Salerno, yn it doetiidske Keninkryk fan de Beide Sisyljen (hjoeddeisk súdlik Itaalje) – en net yn Apricale, yn Liguerje, sa't foarhinne wol oannommen waard. Op 28 jannewaris 1852 waard er te fûnling lein by it weeshûs fan Sala Consilina. Syn oarspronklike namme (dy't him by syn doop taparte waard troch de fâd fan it weeshûs) wie Giovanni Crisostomo Martini (of Martino). Martin waard fersoarge troch in pleatslike boarstbringster oant er selsstannich oerlibje koe, en groeide neitiid op yn it weeshûs.

Yn Italjaanske tsjinst

bewurkje seksje

Yn 1866 joech Martin him mei fjirtjin jier as tamboer by it Italjaanske Frijwilligerskorps fan Giuseppe Garibaldi, en yn dy hoedanichheid naam er diel oan 'e Tredde Italjaanske Unôfhinklikheidsoarloch, wêryn't de jonge (yn 1860 pas oprjochte) Italjaanske steat besocht om Feneesje op it Keizerryk Eastenryk te feroverjen. De geregelde Italjaanske leger en de float litten lykwols slimme nederlagen tsjin 'e Eastenrikers, en inkeld it Frijwilligerskorps wist yn Trentino in beskate lânwinst te boeken. (Dat Feneesje nei ôfrin fan 'e oarloch dochs by Itaalje kaam te hearren, wie te tankjen oan Prusen, de bûnsgenoat fan Itaalje, dat Eastenryk wól witten hie te ferslaan.) Neitiid wie Martin ek behelle yn 'e Bemastering fan Rome, yn 1870, wêrby't de Pauslike Steat troch Itaalje ûnder fuotten helle en anneksearre waard. Nei't er it Frijwilligerskorps ferlitten hie, kearde Martin werom nei syn berteplak Sala Consilina, dêr't it gemeente-argyf dokuminten omfiemet dy't gewach meitsje fan in fermoedsoening tusken him en syn biologyske heit.

Yn Amerikaanske tsjinst

bewurkje seksje

Yn 1873 emigrearre Martin fanút Napels nei de Feriene Steaten, dêr't er oankaam as jongfeint fan 21 jier en de Ingelske foarm fan syn namme, 'John Martin', oannaam. Mei't der doedestiden foar earme ymmigranten yn 'e Feriene Steaten dy't gjin Ingelsk sprieken mar hiel beheinde wurkmooglikheden wiene, foel er werom op wêr't er mei bekend wie, en naam er yn 1874 tsjinst yn it Amerikaanske Leger. Hy waard as sljochtwei soldaat legere yn 'e basis Jefferson Barracks, yn Missoury, dêr't er treend waard as trompetter foar de kavalery. Neitiid waard er tafoege oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, dat yn Fort Abraham Lincoln lei, yn 'e Dakota's.

Yn 1876, ûnder de Grutte Sû-Oarloch, tsjin 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho, hearde Martin ta H Kompanjy, fan kaptein Frederick Benteen, mar ûnder de simmerkampanje fan dat jier waard er tydlik oansteld as ien fan Custer syn trompetter-boadskippers. Op 25 juny ûntdieken ferkenners fan 'e 7e Kavalery oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn, yn súdlik Montana, in grut Yndiaansk doarp. By wat de Slach oan de Little Bighorn kaam te hjitten, besleat Custer om daliks oan te fallen. Dêrby late er sels fiif kompanjyen dy't út it noarden wei kamen, wylst er twa detasjeminten fan elts trije kompanjyen ûnder kaptein Benteen en majoar Marcus Reno, útstjoerde om út it suden wei oan te fallen.

Doe't Custer syn detasjemint oan 'e oanfal begûn, die al gau bliken dat it doarp folle grutter wie as ferwachte en dat de nûmerike oermacht fan 'e Yndiaanske krigers withoegrut wie. Custer stjoerde doe Martin nei it suden ta om Benteen te sykjen en in boadskip oer te bringen dat skreaun wie troch syn adjudant William W. Cooke: "Kom... grut doarp, opsjitte... bring pakken." ("Pakken" ferwiisde nei de reservemunysje yn 'e bagaazjetrein.) Martin wist Benteen te finen en dyselde it boadskip te oerlangjen, mar koe der gjin mûnlinge útlis by jaan om't er noch altyd frijwol gjin Ingelsk spriek.

Histoarisy achtsje it hiel goed mooglik dat Martin syn ûnfermogen om Ingelsk te sprekken bydroegen hat oan 'e nederlaach yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn. Yn elts gefal besleat Benteen om 'e oarders net op te folgjen, mar ynstee de oansleine troepen fan majoar Reno te fersterkjen, dy't op in klif boppe de rivier troch de Yndianen belegere waarden. Nei hast twa dagen fan oanhâldende oanfallen waarden de detasjeminten fan Benteen en Reno dêr op 'e moarn fan 27 juny ûntset troch de oankomst fan farske Amerikaanske troepen ûnder brigadegeneraal Alfred Terry en kolonel John Gibbon. Nei de Slach oan de Little Bighorn kaam Martin bekend te stean as de iennichste oerlibbene fan Custer syn detasjemint en as "de lêste blanke dy't Custer yn libben seach".

Letter libben

bewurkje seksje

Yn jannewaris 1879 tsjûge Martin yn Chicago foar it Hof fan Undersyk dat gearroppen wie op oanfraach fan majoar Reno, dy't beskuldige wie fan leffens en plichtsfersom ûnder de Slach oan de Little Bighorn en op dy wize syn namme suverje woe. Letter dat jiers, doe't er by de artillery yn Fort Schuyler, yn 'e steat New York, tsjinne, mette Martin in Iersk fanke dat fan Julia Higgins hiet. Mei har troude er en krige er in stikmannich bern, wêrfan't fiif langernôch libben om folwoeksen te wurden. Yn 1898 tsjinne er noch oan it front yn 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch. Martin berikte de rang fan sersjant en bleau by it Amerikaanske Leger oant er yn 1904 twongen ôfswaaide om't er te âld waard. Dêrnei sette er him mei syn gesin nei wenjen yn Baltimore, dêr't se in snobbersguodwinkel hiene.

Yn 1906 ferfear Martin nei de Newyorkske wyk Brooklyn, mooglik om't ien fan syn dochters dêr ek bedarre wie. Hy fûn wurk as kaartsjeferkeaper foar de Newyorkske metro op it stasjon oan 103rd Street yn Manhattan. Neigeraden dat er âlder waard, wied er yn 1915 lykwols fanwegen de lange reistiid nei syn wurk en teffens om't er de lange wurkdagen net mear folhâlde koe, twongen om in minder goed beteljende baan as bewekker fan 'e marineskipswerf yn Brooklyn oan te nimmen. Yn 1922 waard Martin oanriden troch in frachtwein doe't er yn Brooklyn de dyk oerstiek; hy belâne yn it sikehûs, dêr't er trije dagen letter, op 24 desimber 1922, oan syn ferwûnings ferstoar. Hy waard begroeven yn it diel fan it Cypress Hill Begraafplak yn Brooklyn dat reservearre wie foar feteranen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.