Alfred Terry
Alfred Terry (folút: Alfred Howe Terry; Hartford (Konettikut), 10 novimber 1827 – New Haven (Konettikut), 16 desimber 1890) wie in Amerikaansk militêr dy't focht yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 en de Nez Persé-Oarloch. Hoewol't er foarôfgeande oan 'e Boargeroarloch gjin ofsiersoplieding folge hie, ûntjoech er him ta in kundich legeroanfierder, en garre er rom mei de ynname fan 'e Konfederearre fêsting Fort Fisher. Terry waard lykwols it bekendst troch syn rol yn 'e simmerkampanje fan 1876 tsjin 'e Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, wêrby't er fersomme om syn dryste ûnderhearrige George Armstrong Custer te berongjen, mei as gefolch de ûndergong fan Custer syn Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.
Alfred Terry | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | Alfred Howe Terry | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 10 novimber 1827 | |
berteplak | Hartford (Konettikut) | |
stoarn | 16 desimber 1890 | |
stjerplak | New Haven (Konettikut) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1861 – 1888 | |
yn tsjinst fan | Feriene Steaten | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Amerikaanske Leger | |
heechste rang | generaal-majoar (sûnt 1886) | |
befel | 2e Frijw. Ynfanteryreg. f. Konn. Am. Xe Korps Mil. Dif. f.d. Missoury | |
konflikt(en) | Amerikaanske Boargeroarloch Grutte Sû-Oarloch fan 1876 Nez Persé-Oarloch | |
treffen(s) | 1e Slach by Bull Run 2e Slach om Charleston Slach by Proctor's Creek Belis fan Petersburg Slach by New Market Heights 2e Slach om Fort Fisher Slach om Wilmington |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeTerry waard yn 1827 berne yn Hartford, yn 'e Amerikaanske steat Konettikut. Hy groeide lykwols op yn New Haven, dêr't er oant 1838 syn ûnderwiis genoat oan 'e Hopkins School. Letter folge er yn syn wenplak in oplieding oan 'e ferneamde Universiteit fan Yale, dêr't yn 1848 ôfstudearre as master yn 'e rjochten. Neitiid waard er oansteld as griffier fan it gerjochtshôf fan New Haven County.
Tsjinst ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch
bewurkje seksjeDoe't yn 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch útbriek, stalde Terry op eigen manneboet it 2e Frijwillige Ynfanteryrezjimint fan Konettikut gear, wêrfan't er sels ta kolonel beneamd waard. Syn rezjimint naam yn 'e Earste Slach by Bull Run diel oan 'e ferdigening fan 'e Noardlike haadstêd Washington, D.C., en waard neitiid oerpleatst nei kust fan Súd-Karolina. Terry kearde werom nei New Haven, dêr't er yn septimber 1861 mei Joseph Roswell Hawley in twadde frijwilligersrezjimint organisearre, it 7e Frijwillige Ynfanteryrezjimint fan Konettikut, wêrfan't Hawley kommandant waard. Sels waard Terry yn april 1862 befoardere ta brigadegeneraal mei it befel oer de difyzje fan it Amerikaanske Xe Korps dy't legere wie op Morris, in eilân foar de kust fan Súd-Karolina. Dêr wied er begjin 1863 behelle yn 'e Twadde Slach om de haven fan Charleston (yn Charleston), en naam er letter dat jiers diel oan in skermutseling by Grimball's Landing. Yn septimber 1863 ferovere er yn dyselde krite Fort Wagner.
Begjin 1864 waard it Xe Korps oerpleatst nei Firginia, dêr't it ûnderdiel út kaam te meitsjen fan it Leger fan de James, fan generaal Benjamin Franklin Butler. Terry syn difyzje waard omneamd ta de 1e Difyzje, Xe Korps, en focht yn 'e Slach by Proctor's Creek en yn 'e Bermuda Hundred-kampanje yn 'e omkriten fan 'e Konfederearre haadstêd Richmond. Nei't it Belis fan Petersburg begûn, wie Terry belutsen by operaasjes benoarden de rivier de James, wêrûnder de Slach by New Market Heights. Doe't de kommandant fan it Xe Korps, David B. Birney, yn oktober omkaam, naam Terry koarte tiid it befel oer it legerkorps oer foar't dat opgie yn oare ienheden. Hoewol't er beslist gjin minne steat fan tsjinst hie, wie it Terry tsjin dy tiid noch net slagge om itselde soarte gloarje op it slachfjild te winnen as in protte oare Noardlike generaals.
Syn grutste prestaasje yn 'e Boargeroarloch kaam doe't Terry oan it haad pleatst waard fan it Ekspedysjekorps nei Fort Fisher. Generaal Butler wie it ein 1864, by de Earste Slach om Fort Fisher, net slagge en nim dy Konfederearre fêsting yn. Begjin 1865 skonk de Noardlike legerkommandant Ulysses S. Grant Terry lykwols it fertrouwen om dêr in nije goai nei te dwaan. Troch goed gear te wurkjen mei in flottylje fan 'e Amerikaanske Marine, ûnder admiraal David Dixon Porter, wist Terry op 13 jannewaris de oerwinning te beheljen. Dêrby stjoerde er in difyzje 'kleurlingetroepen' (befrijde negerslaven) nei it noarden ta om 'e Konfederearre legermacht fan generaal Braxton Bragg tsjin te kearen, wylst er syn oare difyzje, ûnder kolonel Adelbert Ames, tsjin Fort Fisher sels ynsette. Nei ferheftige man-tsjin-mangefjochten waard it fort doe ynnommen. Foar dy prestaasje waard Terry befoardere ta generaal-majoar.
Yn febrewaris arrivearren fersterkings ûnder generaal John M. Schofield, dy't doe it befel oernaam foar de opmars nei Wilmington, yn Noard-Karolina. Terry naam diel oan 'e Slach om Wilmington en de ferovering fan dy stêd, wêrnei't it Ekspedysjekorps nei Fort Fisher omneamd waard ta it Xe Korps, mei Terry as kommandant. Yn it einstadium fan 'e Boargeroarloch naam er yn dy hoedanichheid diel oan 'e Karolina's-kampanje fan generaal William Tecumseh Sherman. Terry wurdt noch altyd beskôge as ien fan 'e bekwaamste Noardlikste generaals út 'e Boargeroarloch dy't foartiid gjin ofsiersoplieding folge hiene.
Lettere tsjinst
bewurkje seksjeNei't de Boargeroarloch yn april 1865 einige mei de oerjefte fan 'e Konfederaasje, besleat Terry en bleau yn it Amerikaanske Leger. Hy waard yn rang weromset nei kolonel fanwegen in oerskot oan ofsieren doe't it leger yn fredestiid ôfslanke waard, mar krige al rillegau wer in befoardering ta brigadegeneraal. Yn 1868 wied er belutsen by de ûnderhannelings dy't laten ta it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, dêr't de Oarloch fan Reade Wolk, tusken de Feriene Steaten en de Lakota, mei beëinige waard. Fan desimber 1869 ôf tsjinne er as de lêste militêre gûverneur fan 'e súdlike steat Georgia, dêr't er him ûntjoech ta in ûnfersoenlike fijân fan 'e rasistyske Ku Klux Klan.
Under de simmerkampanje fan 1876, dy't ta de Grutte Sû-Oarloch hearde, fierde Terry it befel oer de kolonne fan it Amerikaanske Leger dy't yn maaie nei it westen ta ôfsette út Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's. It wie de bedoeling dat Terry yn 'e mande mei kolonel John Gibbon, dy't út it noardwesten opteach, en brigadegeneraal George Crook, dy't út it suden kaam, de opstannige Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho fan 'e medisynman Sittende Bolle en it opperhaad Mâl Hynder yn 'e skjirre nimme soe.
Terry joech syn ûnderhearrige luitenant-kolonel George Armstrong Custer lykwols de frije hân, en de sucht nei gloarje op it slachfjild ferlate dy dryste ofsier derta om op 25 juny yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn súdlik Montana, syn eigen libben en de libbens fan in grut diel fan syn manskippen wei te smiten yn in striid mei in oermacht oan fijannen, dy't net te winnen wie. Terry en de rest fan syn kolonne arrivearren yn 'e mande mei Gibbon syn troepen twa dagen neitiid op it slachtjild. Hja ûntsetten it diel fan Custer syn Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint dat de slach oerlibbe hie en op in heech klif boppe de rivier de Little Bighorn belegere waard troch de Yndianen, en fûnen de stoflike omskotten fan Custer en de leden fan fiif kompanjyen dy't oan 'e lêste man ta útrûge wiene.
Yn oktober 1877 waard Terry nei Kanada ta stjoerd om dêr te ûnderhanneljen mei Sittende Bolle, dy't om utens beskûl socht hie. It slagge him net om 'e âlde medisynman derfan te oertsjûgjen en kom werom nei de Feriene Steaten. Datselde jiers wie Terry ek behelle yn 'e Nez Persé-Oarloch yn Montana, wêrby't er him mei fersterkings nei it striidtoaniel hastige om foar te kommen dat de Nez Persé de Kanadeeske grins berikke soene. Yn 1878 waard Terry mei generaal-majoar John Schofield beneamd yn in presidinsjele kommisje om 'e feroardieling troch de kriichsrie fan generaal Fitz John Porter tsjin it ljocht te hâlden. De befinings fan 'e kommisje wiene dat Porter ûnrjochtlik feroardiele wie foar leffens en oerhearrigens. Terry waard yn 1886 befoardere ta generaal-majoar mei it befel oer de Militêre Difyzje fan 'e Missoury, wêrfan't it haadkertier yn Chicago fêstige wie.
Ferstjerren
bewurkje seksjeAlfred Terry stoar op 16 desimber 1890, yn 'e âlderdom fan 63 jier, yn New Haven, dêr't er begroeven leit op it Grove Street Cemetery.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |