Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn
It Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn (Ingelsk: Little Bighorn Battlefield National Monument) is it plak oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Montana, dêr't op 25 en 26 juny 1876 de ferneamde Slach oan de Little Bighorn útfochten waard tusken it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer en krigers fan 'e Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho ûnder lieding fan Sittende Bolle, Mâl Hynder en Gal.
Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn | ||
It Slachfjild oan 'e Little Bighorn, mei it begraafplak. | ||
De lizzing fan it Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn yn Montana. |
Dit âlde slachfjild hat no de beskerme status fan in nasjonaal monumint. It omfiemet net inkeld Custer Hill, dêr't luitenant-kolonel Custer en fiif kompanjyen fan syn rezjimint ynsletten en útrûge waarden en it mei dat barren ferbûne begraafplak, mar ek Reno Hill, 5 km nei it suden ta, dêr't in oar diel fan it 7e Kavaleryrezjimint ûnder lieding fan majoar Marcus Reno en kaptein Frederick Benteen twa dagen lang belegere waard troch de Yndianen.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Slach oan de Little Bighorn wie in fjildslach dy't op 25 en 26 juny 1876 útfochten waard oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn yn wat no it suden fan 'e Amerikaanske steat Montana is. Dit treffen hearde ta de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, wêrby't de Feriene Steaten definityf in ein makken oan 'e selsstannichheid fan 'e Yndiaanske folken yn it noardlike part fan 'e Grutte Flakten. Yn dat ramt wie de Slach oan 'e Little Bighorn lykwols in slimme tebeksetter, mei't dat treffen útrûn op in klinkende oerwinning foar de Yndianen.
Yn dizze fjildslach foel it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint ûnder lieding fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in tige grut Yndiaansk doarp oan dêr't tafalligerwize in grut part fan 'e oarlochssterkte fan 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho gearkommen wie. Ynspirearre troch de fizioenen fan 'e medisynman Sittende Bolle, en oanfierd troch de opperhaden Mâl Hynder en Gal, sloegen de Yndianen de oanfal fan 'e trije kompanjyen fan majoar Marcus Reno op 'e suderein fan harren doarp ôf, wêrnei't se oan 'e noarderein de oanfal fan Custer sels en syn fiif kompanjyen brieken noch foar't dy goed en wol begûn wie. De troepen fan Custer waarden doe op 'e top fan in heuvel dy't neitiid Custer Hill kaam te hjitten, besingele en oant de lêste man útrûge. De troepen fan Reno, fuortsterke de trije kompanjyen ûnder kaptein Frederick Benteen, waarden 5 km súdliker op in klif boppe de rivier, dat no Reno Hill hjit, ek besingele, mar koene nei twa dagen ûntset wurde troch Amerikaanske fersterkings. Yn totaal kamen der 268 Amerikanen om, wat it ta ien fan de swierste nederlagen makke dy't de Amerikanen ea tsjin 'e Yndianen litten.
Nei de slach waarden de sneuvele soldaten en ofsieren provisoarysk op it slachfjild begroeven op 'e plakken dêr't harren liken oantroffen wiene. In jier letter, yn 1877, waarden se wer opgroeven. De stoflike omskotten fan 'e measte ofsieren waarden doe nei it Easten ta oerbrocht, dêr't se oerdroegen waarden oan 'e djipdrôven om op it plak fan dy harren kar werbegroeven te wurden. Custer, bygelyks, krige sa syn lêste rêstplak op it begraafplak fan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point. De sljochtwei soldaten (en trije ofsieren fan wa't de liken nea identifisearre binne) waarden yn dyselde snuorje seremonieel werbegroeven op in diel fan it slachfjild dat doe as begraafplak ynrjochte waard.
It plak fan it gefjocht op en om Custer Hill waard troch de Amerikaanske oerheid yn 'e oarspronklike steat beholden as in nasjonaal begraafplak, in status dy't it op 29 jannewaris 1879 taparte krige fan it Amerikaansk Ministearje fan Oarloch, om 'e grêven fan 'e sneuvelen te beskermjen. Op 7 desimber 1886 waard it slachfjild útroppen ta it Reservaat fan it Nasjonaal Begraafplak Slachfjild fan Custer (National Cemetery of Custer's Battlefield Reservation), sadat der ek Amerikaanske soldaten beïerdige wurde koene út oare kampanjes en oarloggen. Op 14 april 1926 krige ek Reno Hill in beskerme status.
Op 1 july 1940 waard it slachfjild troch it Amerikaansk Ministearje fan Oarloch oerdroegen oan 'e National Park Service (NPS), wêrnei't it hiele slachfjild, sawol Custer Hill as Reno Hill ynbegrepen, op 22 maart 1946 omfoarme waard ta it Nasjonaal Monumint Slachfjild fan Custer (Custer Battlefield National Monument). Op 15 oktober 1966 waard dit nasjonaal monumint opnommen yn it Amerikaansk Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken. Nei't op 11 augustus 1983 in prêrjebrân it lange gers en al it strewelleguod fuortbaarnde, koe der yn 1984 en 1985 argeologysk ûndersyk op it slachfjild ferrjochte wurde.
Neigeraden dat der, fan 'e 1960-er jierren ôf, mear erkenning kaam foar it feit dat de Slach oan 'e Little Bighorn twa siden hie, kaam men ta it besef dat de namme 'Slachfjild fan Custer' net doogde. Sadwaande waard it monumint op 10 desimber 1991 troch in wet dy't ûndertekene waard troch de Amerikaanske presidint George H.W. Bush omneamd ta it Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn (Little Bighorn Battlefield National Monument). Yn 1881 wie der in moarmeren obelisk pleatst as tinkteken foar de Amerikaanske deaden, en yn 1890 waarden moarmerne tinkstiennen tafoege dy't it plak oanjoegen dêr't yndividuële Amerikaanske soldaten sneuvele wiene. Yn 1991 waard in tinkteken foar de Yndiaanske deaden opsteld, en tusken 1999 en 2006 waarden tsien readgranitene tinkstiennen pleatst foar yndividuële Yndiaanske deaden op 'e plakken dêr't hja sneuvelen.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|