Mâl Hynder (Lakota: Tȟašúŋke Witkó, útspr.: [tˣa'ʃũ:ke wit'ko:] (eins "Syn-Hynder-Is-Mâl-Wurden" of "Syn-Hynder-Is-in-Mâlenien); Ingelske oersetting: Crazy Horse; oan 'e rivier de Cheyenne (Súd-Dakota), ±1840Fort Robinson (Nebraska), 5 septimber 1877) wie in opperhaad fan 'e Oglala-substamme fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy stie bekend as in grut kriger en oarlochslieder, en as in fûleindich fijân fan 'e Amerikanen, fanwegen de oanhâldende kolonisaasje fan Yndiaansk lân troch de blanken. It meast ferneamd is er wurden troch syn militêre lieding oer de Yndiaanske koälysje dy't yn 1876 yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn it Amerikaanske Leger in ferpletterjende nederlaach tabrocht. Syn dapperens yn 'e striid en syn persoanlike eare makken dat er sels by syn fijannen yn oansjen stie. Hy waard fjouwer moanne nei syn oerjefte ûnder ûnopheldere omstannichheden deadien.

Mâl Hynder
In skets út 1934 fan Mâl Hynder, dy't makke waard troch in mormoanske sindeling nei in petear mei Mâl Hynder syn suster. Hja sei dat it in goede likenis wie.
In skets út 1934 fan Mâl Hynder, dy't makke waard troch in mormoanske sindeling nei in petear mei Mâl Hynder syn suster. Hja sei dat it in goede likenis wie.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tȟašúŋke Witkó
oare namme Crazy Horse
berne ±1840
berteplak oan 'e Cheyenne (Súd-Dakota)
stoarn 5 septimber 1877
stjerplak Fort Robinson (Nebraska)
etnisiteit Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de Oglala
jierren aktyf 18651877

Libben bewurkje seksje

Komôf bewurkje seksje

De boarnen rinne útinoar oangeande it bertejier fan Mâl Hynder, mar dat moat yn elts gefal tusken 1840 en 1845 west hawwe. Neffens de mûnlinge oerlevering yn it Cheyenne River Yndianereservaat, yn 'e steat Súd-Dakota, dêr't de Minnikonzjû wenje, wie it yn 1840, en datselde fertelde Mâl Hynder syn heit yn 1877 ek oan 'e Amerikaanske luitenant H.R. Lemly, wêrby't er fierders oanjoech dat it berteplak oan 'e igge fan 'e rivier de Cheyenne west hie. Mâl Hynder syn mem, Ratteljende Tekken, wie fan 'e Minnikonzjû-substamme fan 'e Lakota, wylst syn heit, dy't ek fan Mâl Hynder hiet, fan 'e Oglala-substamme wie. Mei't de Lakota-kultuer doedestiden matrilineêr wie (de komôf waard fia de mem rekkene), wie de jonge Mâl Hynder dus eins in Minnikonzjû. Mar troch syn mem har iere dea troch selsmoard kaam er mear ta syn heite folk te hearren.

Ratteljende Tekken har âldere broer, Mâl Hynder syn omke, wie it Minnikonzjû-opperhaad Inkele Hoarn, en dy syn soannen wiene dus syn neven. De bekendsten dêrfan wiene Bûnte Wapity, dy't by it Bloedbad fan Wounded Knee sa ûngelokkich oan syn ein komme soe, en Reitsje-de-Wolkens-Oan, dy't Mâl Hynder in kear it libben rêde. De histoarikus George Hyde skreau dat Ratteljende Tekken de suster wie fan it ferneamde Brulee-opperhaad Bûnte Sturt, mar dêr wied er mis mei; it wiene Mâl Hynder de Aldere syn oare trije froulju, Izer-tusken-de-Hoarnen, Deadet-de-Fijân en Reade Broek, dy't susters fan Bûnte Sturt wiene. Men soe dus sizze kinne dat Mâl Hynder de Jongere in styfomkesizzer fan Bûnte Sturt wie.

Mâl Hynder syn bertenamme wie Čha’oha, dat "Yn-it-Wyldlân" of "Mank-de-Beammen" betsjut (en sizze woe dat er ien mei de natoer wie). Neffens ien ferhaal joech syn heit him dy syn eigen namme doe't er ienris folwoeksen wurden wie en toand hie dat er dy namme wurdich wie. Syn heit soe dêrop sels in oare namme oannommen hawwe, Waglula, dat "Wjirm" betsjut. Neffens in oar ferhaal soe Mâl Hynder syn nije namme op eigen manneboet oannommen hawwe nei't er dêr yn in fizioen ta oanfitere wie.

Jonkheid bewurkje seksje

Doe't Mâl Hynder sa'n foege jonge wie, wenne er yn it kamp fan it opperhaad Oerwinnende Bear, mei syn healbroer Heech Hynder (in soan fan syn heit en Izer-tusken-de-Hoarnen) en Lytse Hauk, in neef fan syn trije styfmemmen. Dêr wied er yn 1854 tsjûge fan 'e moard op Oerwinnende Bear troch in Amerikaanske soldaat en it dêropfolgjende gefjocht dat late ta de dea fan 29 fan 'e 31 leden fan in Amerikaansk kavalerydetasjemint ûnder lieding fan luitenant John Lawrence Grattan (it saneamde Grattan-bloedbad of Grattan-gefjocht).

Neitiid begûn Mâl Hynder fizioenen te krijen. Syn heit naam him mei nei it hjoeddeistige Sylvan Lake, yn Súd-Dakota, dêr't se allebeide in hembleča ûndernamen (aktyf in fizioen besochten op te wekjen). Yn Mâl Hynder syn fizioen waard him in medisynbondel jûn dy't him foar it libben beskermje moast, en waard him ek toand hoe't er syn oarlochsferve oanbringe moast. Ta ein beslút waard er bejeftige mei in hillich liet dat hjoed de dei noch altyd songen wurdt troch de Oglala-Lakota, en waard him ferteld dat er in beskermer fan syn folk wêze soe.

Yn 'e tsien jier tusken 1855 en 1865 makke Mâl Hynder in namme foar himsels as kriger. De earste kears dat er immen deade, wie yn in gefjocht mei in Sjosjoanske oerfaller dy't in Lakota-frou fermoarde hie wylst hja bizonfleis oan it waskjen wie oan 'e kant fan 'e rivier de Powder. Mâl Hynder focht yn in grut tal skermutselings en fjildslaggen fan 'e Lakota mei harren tradisjonele fijannen, lykas de Pâny (Pawnee), Sjosjoanen (Shoshone), Krieën (Crow), Swartfuotten (Blackfeet) en Arikara. Nei't de milysje fan Kolorado yn 1864 it Bloedbad fan Sand Creek oanrjochte hie ûnder de Súdlike Sjajinnen, dat tradisjonele bûnsgenoaten fan 'e Lakota wiene, gie in Yndiaanske koälysje besteande út de Noardlike Sjajinnen, de Noardlike Arapaho en de Oglala- en Minnikonzjû-Lakota op oarlochspaad tsjin 'e blanken. Mâl Hynder focht mei yn 'e Slach by Platte Bridge en de Slach by Red Buttes, beide yn july 1865. Dêrby fêstige er sa'n reputaasje, dat er ta ogle taŋka un of "himddrager" útroppen waard, wat sizze woe dat er tenei de krigers yn 'e striid liede soe.

 
In foto dêr't fan beweard wurdt dat er fan Mâl Hynder is en makke is yn 1877. De measte histoarisy geane der lykwols fan út dat it om in ferfalsking giet of dat de foto yn elts gefal net autintyk is.

Oarloch fan Reade Wolk bewurkje seksje

Yn 'e Oarloch fan Reade Wolk, dy't yn 1866 útbriek, besochten de Lakota ûnder harren opperhaad Reade Wolk, stipe troch harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, foar te kommen dat it Amerikaanske leger forten stiftsje soe by it Bozeman Trail lâns, dat troch harren lân rûn. It wie feitlik de súksesfolste kampanje fan 'e Flakte-Yndianen tsjin 'e blanken, en hie ta gefolch dat it Amerikaanske regear by it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, út 1868, in grut reservaat oan 'e Lakota taparte, dat harren hillige lân, de Black Hills, hielendal omfette.

Yn dizze oarloch wie Mâl Hynder yn desimber 1866 mei û.o. de Hûnkpapa-haadman Rein-yn-'t-Gesicht, de Minnikonzjû-lieder Hege Rêchbonke en it Sjajinske opperhaad Lytse Wolf belutsen by it saneamde Fetterman-bloedbad of Fetterman-gefjocht, wêrby't de Yndianen yn 'e neite fan Fort Phil Kearney, yn Wyoming, in Amerikaansk kavalerydetasjemint fan 81 man ûnder lieding fan kaptein William J. Fetterman oan 'e lêste man ta útrûgen. De patrûlje waard yn 'e fâle lokke troch Mâl Hynder en seis oaren, dy't foar harren útnaaiden. Dêrby spile Mâl Hynder sels in krúsjale rol, troch te bearen dat syn hynder kreupel wie. Ek naam er diel oan it saneamde Weinboarchgefjocht, yn augustus 1867, alwer yn 'e neite fan Fort Phil Kearny. Dêrby foelen de Lakota in groep soldaten oan dy't derop útstjoerd wiene om hout te hakjen. De soldaten namen har taflecht yn in weinboarch en trochdat se tarist wiene mei nije repeteargewearen, dy't net nei elts skot werladen hoegden te wurden, rjochten se in slachting ûnder de Yndianen oan doe't dy harren posysje bestoarmen, dat sadwaande einige dat gefjocht yn in ympasse.

Priveelibben bewurkje seksje

De leafde fan Mâl Hynder syn libben wie nei't it skynt Swarte Bizonfrou, dy't er al fan bern ôf oan kend hie. Hja troude lykwols mei in oare kriger, dy't fan Gjin Wetter hiet, en in alkoholist west skynt te hawwen. Yn 1870 krige Mâl Hynder Swarte Bizonfrou safier dat se mei him op bizonjacht gie. Under de Lakota wie it foar froulju in rjocht om altyd skiede te meien, om lykfol hokker reden. Soks waard dien troch by famyljeleden yn te lûken of troch de besittings fan 'e man bûten de tipy te pleatsen. Hoewol't soms in beskate finansjele kompinsaasje fereaske wie, koe in man tsjin 'e skieding sels neat ynbringe, en waard fan him ferwachte dat er him derby dellei. Mar sokke regels wiene yn dit gefal net fan tapassing, want der wie neffens de ferhalen gjin sprake fan in skieding.

Gjin Wetter wie net thús doe't Swarte Bizonfrou mei Mâl Hynder útnaaide, mar doe't er derefter kaam, liende er in pistoal en sette er harren efternei. Nei't er de tipy fan Mâl Hynder fûn hie, rôp er fan bûtenôf Mâl Hynder syn namme al. Dêrop stiek er it pistoal nei binnen ta, rjochte op it boarst fan syn rivaal en helle de trekker oer. Mar Mâl Hynder syn neef Reitsje-de-Wolkens-Oan, dy't yn 'e tinte njonken de iepening siet, stompte Gjin Wetter syn hân omheech, sadat de kûgel Mâl Hynder yn 'e kaak rekke ynstee fan yn it boarst. Gjin Wetter spile fan ruten, en ried syn hynder kroandea yn in besykjen om oan Mâl Hynder syn poerrazene famyljeleden te ûntkommen. Uteinlik wist er geandefoets syn eigen doarp te berikken, dêr't er yn beskerming nommen waard troch syn famylje. De rie fan âldsten gie oer de saak gear en oertsjûge beide partijen derfan om gjin geweld mear te brûken. Fierders kaam men ta de konklúzje dat beide partijen mis west hiene: Mâl Hynder hie net mei in troude frou omslaan moatten, mar dat koe Gjin Wetter syn besykjen ta moard net behimmelje. As kompinsaasje foar de ferwûning, dy't in opfallende groede yn Mâl Hynder syn gesicht efterliet, moast Gjin Wetter him trije hynders jaan. Om't Mâl Hynder mei in oar syn frou omslein hie, ferlear er syn titel fan "himddrager". Swarte Bizonfrou kearde werom nei har man.

 
"Mâl Hynder en syn Oglala-troep ûnderweis fan Kamp Sheridan om har oer te jaan oan generaal Crook by it Reade Wolk-agintskip", in skets út 1877.

Om syn wûne te fersoargjen, stjoerden de âldsten Swarte Sjaal, in famyljelid fan Bûnte Sturt, nei Mâl Hynder ta, mei wa't er yn 1871 troude. Mei har krige er syn iennichste bern, it famke Se-Binne-Bang-fan-Har, dy't lykwols al yn 1873 ferstoar. Swarte Sjaal oerlibbe hast al har tiidgenoaten en ferstoar yn 1927 op hege jierren oan 'e gryp. Mâl Hynder troude ek mei in Nellie Larrabee (of Laravie), de dochter fan in Sjajinske mem en in Frânsk-Kanadeeske heit, dy't neffens guon ferhalen nei him ta stjoerd wêze soe troch it Oglala-opperhaad Reade Wolk, en neffens oare ferhalen in spionne foar it Amerikaanske leger west hawwe soe.

Grutte Sû-Oarloch fan 1876 bewurkje seksje

Doe't de Amerikanen yn 1876 de Lakota harren hillige lân, de Black Hills, ûntnaderje woene, waard it op 'e nij oarloch. Op 17 juny fan dat jier fierde Mâl Hynder in legermacht fan likernôch 1.500 Lakota en Noardlike Sjajinnen oan dy't it yn 'e Slach oan de Rosebud opnaam tsjin 'e 1.000 man Amerikaanske kavalery en ynfantery en 300 Krieën en Sjosjoanen fan generaal George Crook. Hoewol't de striid min ofte mear yn in ympasse einige, slagge it Mâl Hynder om Crook fan syn paad wike te litten, wat derfoar soarge dat er him net op 'e tiid by de troepemacht fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer foegje koe.

Net dat dat trouwens Mâl Hynder syn bedoeling wie, want de Yndianen wisten doedestiden noch neat ôf fan Custer syn opmars. It wie Mâl Hynder derom te dwaan om Crook by it grutte Yndiaanske doarp fan it opperhaad Sittende Bolle, oan 'e rivier de Little Bighorn, wei te hâlden, dat troch it gearkloftsjen fan lytse troepkes Lakota en Sjajinnen tsjin 'e ein fan 'e maityd oanwoeksen wie ta in grutte fan nei skatting mear as 10.000 minsken. It lân koe sa'n grutte kloft folk net drage, dat der waard besletten om it kamp op te spjalten yn in stikmannich lytsere groepen. Ear't se útinoar gean koene, knoffele lykwols in goed wike nei de Slach oan 'e Rosebud, op 25 juny 1876, Custer syn Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint tsjin it doarp oan, yn in treffen dat de Slach oan de Little Bighorn kaam te hjitten.

Mâl Hynder syn persize rol ûnder dy slach is net alhiel dúdlik. Neffens de oerlevering fierde hy it algemiene befel oer de Yndiaanske krigers en late er boppedat de flankoanfal dêr't de haadmacht fan Custer syn rezjimint op in heuveltop troch besingele rekke, sadat hy en it grutste diel fan it 7e Kavaleryrezjimint deade wurde koene. Dêr binne lykwols gjin histoaryske bewizen fan. It iennichste dat mei wissichheid sein wurde kin, is dat Mâl Hynder in wichtige dielnimmer oan 'e slach wie en dat ferskate Yndiaanske eachtsjûgeferslaggen syn dapperens yn 'e striid befêstigje. Is soe lykwols bêst ris kinne dat foar it eigentlike ferrin fan 'e slach de dieden fan it Hûnkpapa-opperhaad Gal wichtiger wie.

Nei de fernederjende nederlaach oan 'e Little Bighorn sette it Amerikaanske regear alles op alles om 'e Yndianen derûnder te krijen. Op 10 septimber 1876 feroveren en ferrinnewearren kaptein Anson Mills en twa bataljons fan it Amerikaanske 3de Kavaleryrezjimint yn 'e Slach by Slim Buttes it Minnikonzjû-doarp fan opperhaad Amerikaansk Hynder de Aldere. Mâl Hynder en syn Oglala besochten him te help te kommen, mar arrivearren te let. Amerikaansk Hynder kaam om, mei in grut diel fan syn famylje, nei't se har ferskate oeren yn in ravyn beskûl holden hiene. Dat wie de earste fan in stikmannich soartgelikense oanfallen op Lakota- en Sjajinne-doarpen.

Slim yn 'e benearing brocht troch de ûnmeilydsume ferfolging troch de Amerikanen, hiene Mâl Hynder en syn krigers der klauwen oan om troch de winter en de dêrmei mank geande tiid fan krapte hinne te kommen. Op 8 jannewaris 1877 waard it lêste grutte wapene treffen útfochten yn 'e Slach by Wolf Mountain, yn it hjoeddeiske Montana. Mei't syn folk ferswakke rekke fan 'e honger en de kjeld, besleat Mâl Hynder úteinlik om him oer te jaan, wat er die op 5 maaie 1877, by Reade Wolk-agintskip yn 'e neite fan Fort Robinson, yn Nebraska, yn 'e mande mei guon oare Lakota-lieders, lykas Reu en Lytse Grutte Man.

 
In tinkteken foar Mâl Hynder te Fort Robinson, op it plak dêr't er deade wêze soe.

Lêste moannen en dea bewurkje seksje

De folgjende fjouwer moannen wenne Mâl Hynder yn it doarp dat hy en syn folgelingen deunby it Reade Wolk-agintskip opslein hiene. Neffens ûnbewiisde ferhalen rekken de âldere opperhaden, lykas Reade Wolk en Bûnte Sturt, dy't al lang yn 'e reservaten wennen en net meifochten hiene yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1976, oergeunstich op Mâl Hynder syn rom en oansjen, en begûnen se geroften te fersprieden as soed er fan doel wêze om fuort te glûpen en syn âlde ferset tsjin 'e blanken wer op te nimmen. Yn augustus 1877 waard Mâl Hynder frege oft er de Amerikanen helpe woe om 'e Nez Persé te befjochtsjen, dy't doe ûnder harren lieder Opperhaad Joseph útbrutsen wiene út harren reservaat en besochten om nei Kanada te flechtsjen. Mâl Hynder wegere de Amerikanen te helpen, of mooglik waard syn antwurd ferhaspele troch de tolk, mar der ûntstie yn elts gefal sa'n betizing dat men de saak mar gewurde liet.

Doe't generaal George Crook in moeting mei Mâl Hynder hawwe soe, waard er warskôge dat it opperhaad fan doel wie om him te fermoardzjen, dat de gearkomste waard ôfblazen. Crook oardere dat Mâl Hynder arrestearre wurde moast, en sette doe ôf, wêrby't er de saak fierders oerdroech oan 'e kommandant fan Fort Robinson, luitenant-kolonel Luther P. Bradley. Der waarden mear troepen oproppen fanút Fort Laramie, mar doe't men moarnsier op 4 septimber Mâl Hynder syn kamp besingelje woe om 'e arrestaasje út te fieren, die bliken dat it doarp yn 'e nacht opbrutsen en de bewenners útpykt wiene. Mâl Hynder flechte nei it Bûnte Sturt Agintskip, dêr't er him by de militêre post Kamp Sheridan melde. Hy stimde deryn ta om ûnder militêre eskorte werom te gean nei Fort Robinson, dêr't kolonel Bradley ûnderwilens oarders krigen hie dat er yn 'e hechten set en by nacht ôffierd wurde moast nei it difyzjehaadkertier. Sadwaande waard Mâl Hynder op 'e moarn fan 5 septimber yn Fort Robinson oerdroegen oan kaptein James Kennington, de ofsier fan 'e wacht, dy't him nei it wachthûs ta bringe woe.

Wat der dêrnei barde, is net dúdlik en sil ek wol nea mear efterhelle wurde kinne. Neffens de offisjele lêzing (fan it Amerikaanske leger) waard Mâl Hynder it wachthûs binnenbrocht, mar begûn er him doe te fersetten en besocht er te ûntsnappen, wêrby't er tsjinwurke waard troch de oanwêzige sipiers en de Lakota-haadman Lytse Grutte Man, dy't net allinnich syn ûnderhearrige mar ek ien fan syn grutste rivalen wie. Krekt bûten de doar fan it wachthûs waard er troch in soldaat mei de bajonet yn 'e rêch stutsen, wêrnei't er let op 'e jûn fan 5 septimber 1877 ferstoar wylst er fersoarge waard troch de legerdokter fan Fort Robinson, Valentine McGillycuddy. By dizze lêzing binne fuort al in pear problemen. McGillycuddy notearre yn syn deiboek dat Mâl Hynder nei midsnacht stoar, wat syn stjerdei 6 septimber meitsje soe, mar it offisjele legerraport joech de stjerdatum as 5 septimber. En fierders is de identiteit fan 'e soldaat dy't Mâl Hynder deadien hawwe soe, altyd wat dizenich bleaun. Mar ien eachtsjûgeferslach identifisearret him as soldaat William Gentles, wylst by histoarysk ûndersyk twa oare nammen nei boppen kamen.

 
It Tinkteken foar Mâl Hynder (Crazy Horse Memorial) yn 'e Black Hills, dat nei mear as 55 jier noch altyd lang net ôf is.

In oar ferhaal komt nei foarren út 'e memoires fan John Gregory Bourke oangeande syn militêre tsjinst ûnder de Flakte-Yndiaanske Oarloggen, titele On the Border with Crook. Bourke basearre syn ferzje fan it barren op in fraachpetear dat er likernôch in jier nei dato hie mei Lytse Grutte Man. Neffens dyselde soe Mâl Hynder ûnderweis nei it wachthûs ynienen twa messen ûnder syn klean wei foar 't ljocht helle hawwe, wêrfan't it iene makke wie fan in bajonet. Lytse Grutte Man, dy't efter him oankaam, griep him fêst om him tsjin te hâlden, mar Mâl Hynder skuorde him los en stiek himsels mei it bajonetmês djip yn 'e ûnderrêch. Ien fan 'e soldaten soe yndie tastutsen hawwe mei in echte bajonet, mar troch it gewelddiedige wjerakseljen fan Mâl Hynder stiek de man mis en rekke inkeld de doarpost fan it wachthûs. Neffens Lytse Grutte Man wie it offisjele ferhaal in besykjen fan fortkommandant Bradley om te behimmeljen dat Lytse Grutte Man by de dea fan it opperhaad belutsen west hie, mei't de Amerikanen benaud wiene dat der tusken de ferskillende groepen Lakota ûnderling geweld útbrekke soe as dat bekend waard. Histoarisy hawwe lykwols harren betinkings by Lytse Grutte Man syn ferhaal, en wize derop dat hy der mooglik belang by hie om 'e reputaasje fan syn rivaal Mâl Hynder te skansearjen.

Hoe dan ek, de oare moarns waard Mâl Hynder syn stoflik omskot oerdroegen oan syn heit, dy't doe al op jierren wie. Dy naam it mei nei Kamp Sheridan, dêr't er it op in begraffenisstelling pleatste (om troch de fûgels skjinpikt en fersille te wurden). Doe't in moanne letter it Bûnte Sturt Agintskip ferpleatst waard, waard it lichem fan Mâl Hynder troch syn famylje nei in ûnbekend plak ta brocht. Der binne teminsten fjouwer mooglike plakken identifisearre dy't it lêste rêstplak fan it grutte opperhaad wêze kinne. Nei syn dea woeks Mâl Hynder syn reputaasje fierder oan as it iennichste Lakota-opperhaad dat nea de holle foar de blanken bûgd hie (dêr't úteinlik sels Sittende Bolle ta twongen west hie). Yn 1948 begûn ûnder lieding fan 'e Poalsk-Amerikaanske byldhouwer Korczak Ziółkowski yn 'e Black Hills it wurk oan it Tinkteken foar Mâl Hynder, in ûnbidich byld dat út in hiele heuvel houd wurdt, en dat no, mear as 55 jier letter, nòch lang net klear is.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.