Rein-yn-'t-Gesicht
Rein-yn-'t-Gesicht (Lakota: Ité Omáǧažu, útspr.: [i'te: o'ma:ʁaʒu]; Ingelske oersetting: Rain-in-the-Face; oan de Cheyenne (Súd-Dakota), ±1835 – Bullhead Station (Noard-Dakota), 15 septimber 1905) wie in opperhaad fan 'e Hûnkpapa-substamme fan 'e Lakota-Sû (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy wie ien fan 'e lieders fan 'e Lakota yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, en focht û.m. mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't de Yndianen it Amerikaanske leger in ferpletterjende nederlaach tabrochten. Bekendheid krige er lykwols pas troch it gedicht The Revenge of Rain in the Face, dat de Amerikaanske dichter Longfellow neitiid oer him makke.
Rein-yn-'t-Gesicht | ||
Rein-yn-'t-Gesicht yn 1893. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ité Omáǧažu | |
oare namme | Rain-in-the-Face | |
berne | ±1835 | |
berteplak | oan de Cheyenne (Súd-Dakota) | |
stoarn | 15 septimber 1905 | |
stjerplak | Bullhead Station (Noard-Dakota) | |
etnisiteit | Lakota-Sû (Sioux) | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan de Hûnkpapa | |
jierren aktyf | ±1860 – 1905 | |
reden bekendheid |
● wie de mooglike deader fan gen. George Armstrong Custer ● Longfellows gedicht The Revenge of Rain in the Face |
Libben
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeRein-yn-'t-Gesicht waard om 1835 hinne berne by de fertakking fan 'e rivier de Cheyenne yn wat letter de steat Súd-Dakota wurde soe. Syn heit wie in Hûnkpapa-Lakota, wylst syn mem in Eastlike Dakota wie dy't besibbe wie oan it opperhaad Reade Mûtse. Rein-yn-'t-Gesicht kaam wierskynlik oan syn namme troch in gefjocht dat er as opslûpen jonge mei in Sjajinske kriger hie, wêrby't it bloed fan syn fijân him yn it gesicht spattere. Letter waard de namme nochris befêstige troch in gefjocht yn 'e rein tsjin in groep krigers fan 'e Gro Wânt (Gros Ventre), wêrby't nei ôfrin syn antlit bestreke wie mei útrûne oarlochsferve.
De Oarloch fan Reade Wolk en finzenskip
bewurkje seksjeDe earste kears dat Rein-yn-'t-Gesicht tsjin 'e blanken focht, wie yn 'e simmer fan 1866, doe't er ûnder de Oarloch fan Reade Wolk dielnaam oan in oanfal op Fort Totten, yn wat no Noard-Dakota is. Datselde jiers wied er mei û.o. it Oglala-opperhaad Mâl Hynder en de Sjajinske haadman Lytse Wolf behelle yn it saneamde Fetterman-bloedbad of Fetterman-gefjocht, wêrby't de Yndianen yn 'e neite fan Fort Phil Kearney, yn Wyoming, in Amerikaansk kavalerydetasjemint fan 81 man ûnder lieding fan kaptein William J. Fetterman oan 'e lêste man ta útrûgen.
Doe't it Amerikaanske Leger yn 1873 de Yellowstone-ekspedysje yn Montana útfierde, dy't nei in gaadlik rûte socht foar de oanlis fan it spoar fan 'e Northern Pacific Railway by de rivier de Yellowstone lâns, wie Rein-yn-'t-Gesicht belutsen by it Yndiaanske ferset dêrtsjin. Op 4 augustus 1873 oerfoel er mei noch in pear krigers op in ferkenningsmissy foarôfgeande oan 'e Slach by Honsinger Bluff, de legerbistedokter John Honsinger, in hynstefersoarger en twa soldaten by it hjoeddeistige Miles City, yn Montana, en die trije fan 'e mannen dea (ien soldaat koe ûntkomme). Nei't er weromkeard wie nei it Standing Rock Agintskip, waard er dêr yn 1874 foar de moard op Honsinger arrestearre troch kolonel Thomas Custer, yn opdracht fan dy syn broer, generaal George Armstrong Custer, ûnder wa't Honsinger tsjinne hie. Rein-yn-'t-Gesicht protestearre dat der gjin sprake wie fan moard, mar fan in oarlochshanneling; der waard lykwols net nei him harke. Hy waard nei Fort Abraham Lincoln ta brocht, dêr't er yn it tichthûs smiten waard.
De Slach oan de Little Bighorn
bewurkje seksjeNei ferrin fan tiid wist Rein-yn-'t-Gesicht lykwols te ûntsnappen (of mooglik waard er frijlitten troch Yndiaanske plysjeminsken dy't mei him sympatisearren), en doe flechte er nei it streamgebiet fan 'e rivier de Powder, yn wat no de steat Montana is. Yn 'e maityd fan 1876, nei it útbrekken fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, joech er him by de oanwaaksende troep fan it Hûnkpapa-opperhaad Sittende Bolle, mei wa't er begjin juny nei de delling fan 'e rivier de Little Bighorn teach.
Sadwaande wie Rein-yn-'t-Gesicht dêr oanwêzich doe't it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer op 25 juny Sittende Bolle syn mânske doarp oanfoel. Mei Mâl Hynder, Gal, Amerikaansk Hynder, Kraaiekening, Twa Moannen en oaren joech er ûnder de ferneamde Slach oan de Little Bighorn lieding oan 'e Yndianen, wêrby't Custer mei it grutste part fan syn rezjimint op in heuveltop ynsletten en alhiel ferdylge waard. By dat gefjocht soe Rein-yn-'t-Gesicht wraak nommen hawwe foar syn yn eigen eagen ûnrjochtlike finzenskip troch Thomas Custer it hert út it liif te snijen. Dy leginde, dy't fan in tige twifelich wierheidsgehalte is, waard letter ferivige yn it ferneamde gedicht The Revenge of Rain-in-the-Face, fan 'e Amerikaanske dichter Henry Wadsworth Longfellow. Rein-yn-'t-Gesicht sels ûntstried letter yn in petear mei de Dakota-skriuwer en -dokter Charles Eastman dat er Thomas Custer deade hie.
Lettere jierren
bewurkje seksjeUnder de ferfolging fan 'e Lakota troch de Amerikanen, dy't nei de Slach oan de Little Bighorn op gong kaam, flechte Rein-yn-'t-Gesicht yn 1877 mei Sittende Bolle en in soad oare Hûnkpapa nei Kanada ta, dêr't er ferskate jierren yn ballingskip trochbrocht. Uteinlik late er syn troep yn 1880 werom nei de Feriene Steaten, dêr't de hiele groep nei it Standing Rock Agintskip stjoerd waard. Ut 'e folkstelling fan 1881 yn Standing Rock, die bliken dat de troep fan Rein-yn-'t-Gesicht út 39 famyljes mei yn totaal 180 persoanen bestie. Rein-yn-'t-Gesicht brocht de rest fan syn libben troch yn it Standing Rock Reservaat, en ferstoar nei in lang siikbêd op 15 septimber 1905 te Bullhead Station yn Noard-Dakota. Op syn stjerbêd, sa giet it ferhaal, soed er oan in sindeling opbychte hawwe dat er tocht dat hysels miskien dejinge wie dy't oan 'e Little Bighorn generaal George Armstrong Custer deade hie, mei't er him fan sa deunby delsketten hie dat it buskrûd skroeiplakken op syn gesicht makke hie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |