Fort Totten (Noard-Dakota)
Fort Totten (útspr.: [fɔɹt 'tɔtn], likernôch: "fort tot-n) is in plak yn Benson County, yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Noard-Dakota. Hoewol't it net it haadplak fan 'e county is (dat is Minnewaukan), is it wol it grutste plak. Fierders is it ek it haadplak fan it Spirit Lake Yndianereservaat (Spirit Lake Indian Reservation), fan 'e Spirit Lake Stamme. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 lei it ynwennertal fan Fort Totten doe op goed 1.200 minsken.
Fort Totten | ||
De barakken fan it Steatshistoarysk Plak Fort Totten. | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Noard-Dakota | |
County | Benson County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.243 (2010) | |
Oerflak | 22,9 km² (ynkl. wetter) 22,3 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 54 / km² | |
Hichte | 454 m | |
Oar | ||
Stifting | 1867 | |
Tiidsône | UTC -6 | |
Simmertiid | UTC -5 | |
Koördinaten | 47°58′44″N 99°00′01″W | |
Kaart | ||
De lizzing fan Fort Totten yn Noard-Dakota.
|
Besjensweardichheden
bewurkje seksjeYn Fort Totten is it Steatshistoarysk Plak Fort Totten sitewearre. Dat is in fort dat yn 'e njoggentjinde iuw oanlein waard om 'e blanke kolonisten yn 'e krite te beskermjen tsjin oanfallen fan 'e Yndianen, en dat letter brûkt waard as in ynternaat foar Yndiaanske skoalbern. Deunby Fort Totten leit fierders it Nasjonaal Wyldreservaat Sullys Hill, in national wildlife refuge (natuergebiet mei in legere beskerme status as dy fan nasjonaal park), dat ynsteld is yn opdracht fan 'e Amerikaanske presidint Theodore Roosevelt. Der libje û.m. 20-30 bizons, 25-40 wapitys, 20-30 wytsturtharten en in koloanje prêrjehûnen.
Demografy
bewurkje seksjeNeffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Fort Totten 2,9% âlder as 65 jier en 49,4% jonger as 18 jier. Fierders bestie 13,0% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 53,0% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe (fan it befolkingssegmint ûnder de 18 jier sels 57,8%). Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 98,8% Yndianen; 0,7% Latino's; 0,1% blanken; 0,1% swarten; 0,3% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |