Reade Wolk (Lakota: Maȟpíya Lúta, útspr.: [maχ'pi:ja 'lu:ta]; Ingelske oersetting: Red Cloud; by North Platte (Nebraska), 1822Pine Ridge (Súd-Dakota), 10 desimber 1909) wie in opperhaad fan 'e Oglala-substamme fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy wie ien fan 'e kundichste en meast ferneamde Yndiaanske lieders fan 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw, en in formidabele fijân fan 'e Feriene Steaten. Yn 'e 1860-er jierren joech er yn 'e nei him neamde Oarloch fan Reade Wolk lieding oan in súksesfolle militêre kampanje dy't de Amerikanen ferdreau út it streamgebiet fan 'e rivier de Powder, yn noardeastlik Wyoming en súdlik Montana. Nei it sluten fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, yn 1868, late er syn folk troch de maatskiplike omfoarming fan in nomadysk jagersbestean nei in sedintêr libben yn 'e reservaten.

Reade Wolk
persoanlike bysûnderheden
echte namme Maȟpíya Lúta
oare namme Red Cloud
berne 1822
berteplak by North Platte (Nebraska)
stoarn 10 desimber 1909
stjerplak Pine Ridge (Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de Oglala
jierren aktyf ±18451909

Reade Wolk waard berne yn 1822, deunby de fertakking fan 'e rivier de Platte, yn 'e neite fan 'e tsjintwurdige stêd North Platte, yn 'e steat Nebraska. Syn mem, Rint-Wylst-Hja-Tinkt, wie in Lakota-frou fan 'e Oglala-substamme, wylst syn heit, Ienlike Man, in haadman fan 'e Brulee-substamme wie. Mei't de Lakota in matrilineêre kultuer hiene, wêrby't de bern ta de famylje en de clan fan 'e mem hearden, waard Reade Wolk dus beskôge as in Oglala. Doe't syn âldelju om 1825 hinne omkamen, waard Reade Wolk fierder grutbrocht troch Ald Opperhaad Smook (1774-1864), dat in âldere broer fan syn mem wie. Al hiel jong wie Reade Wolk belutsen by oarloggen fan 'e Lakota tsjin buorfolken as de Pâny (Pawnee) en de Krieën (Crow), wêrby't er in protte weardefolle ûnderfining opdie.

De Oarloch fan Reade Wolk

bewurkje seksje

By it earste Ferdrach fan Fort Laramie, út 1851, wie de Lakota troch it Amerikaanske regear in ûnbidich grut diel fan 'e noardlike Grutte Flakten tasein, mar blanke kolonisten lieten harren oan sa'n ferdrach neat gelegen lizze, en de Amerikaanske autoriteiten kamen net fanwegen om de neilibbing ôf te twingen. Hoewol't de Lakota ûnder it ferdrach tasein hiene om Amerikaanske kolonisten dy't fia it Oregon Trail ûnderweis wiene nei de westkust rjocht fan reed oer de flakten te ferlienen, fielden sy har ek net mear bûn oan 'e betingsten fan it ferdrach doe't bliken die dat de Amerikanen har der sels net oan holden. Dat late ta in fisieuze sirkel fan geweld, mei't de Lakota de kolonisten op harren lân útmoarden en de karafanen op it Oregon Trail oanfoelen, en om't de Amerikaanske oerheid doe fanwegen kaam om 'e fijannige Yndianen (hostiles) te straffen, wat wer late ta wraakoefenings fan 'e Lakota en werwraak fan 'e Amerikanen, ensfh.

 
Reade Wolk.

Yn 1866 rûnen de oanhâldende skermutselings út op in iepen oarloch, doe't de Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho mei it Amerikaanske leger slaande deilis rekken oer de behearsking fan 'e krite fan 'e rivier de Powder, yn noardeastlik Wyoming en súdlik Montana. Dêrby wie Reade Wolk, dy't him ûnderwilens ûntjûn hie ta in grut opperhaad en in formidabel taktikus, ien fan 'e wichtichste oanfierders fan 'e Yndianen, wat de reden wie dat dit konflikt de namme krige fan de Oarloch fan Reade Wolk (Red Cloud's War). De bekendste slach út dy kriich (en de grutste nederlaach dy't de Amerikanen oant doe ta ea lit hiene yn 'e striid tsjin 'e Flakte-Yndianen) wie it saneamde Fetterman-bloedbad of Fetterman-gefjocht, wêrby't de Yndianen in Amerikaansk kavalerydetasjemint fan 81 man ûnder lieding fan kaptein William J. Fetterman oan 'e lêste man ta útrûgen.

It twadde Ferdrach fan Fort Laramie

bewurkje seksje

Yn 1867 stelde in Amerikaanske kommisje fêst dat de Yndianen rjochtlike griven hiene, en dat der datoangeande sprake wie fan útlokking troch de kolonisaasje fan harren lân troch de blanken. Sadwaande waard der yn 1868 in fredeskonferinsje holden te Fort Laramie, yn Wyoming, dêr't folmachten fan it Amerikaanske regear ûnderhannelen mei fertsjintwurdigers fan 'e Noardlike Arapaho, de Oglala-, Minnikonzjû- en Brulee-stammen fan 'e Lakota en de Janktonai-stamme fan 'e Westlike Dakota. Reade Wolk wie ien fan 'e lieders fan 'e Oglala-delegaasje. Der waard in fredesferdrach opsteld dat de skiednis yngien is as it twadde Ferdrach fan Fort Laramie. Under de betingsten dêrfan stimden de Amerikanen deryn ta om in rige forten by it Bozeman Trail lâns, dy't se sûnder tastimming op Lakota-lân boud hiene, wer ôf te brekken, wylst de Lakota "foar ivich" it Grutte Sû Reservaat taparte krigen, dat de westlike helte fan Súd-Dakota en in stikje fan Nebraska omfieme, harren hillige lân, de Black Hills, ynbegrepen. De Oarloch fan Reade Wolk wie sadwaande feitliken de súksesfolste kampanje dy't de Flakte-Yndianen ea tsjin 'e Amerikanen fierden.

Nei de ûndertekening fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie besocht Reade Wolk om tenei yn frede te libjen mei de blanken. Yn 1870 besocht er Washington, D.C., dêr't er oerlei mei de Seneka-Yndiaan Ely S. Parker, de earste kommissaris fan Yndiaanske Saken dy't fan Yndiaansk komôf wie, en dêr't er ek in ûnderhâld hie mei presidint Ulysses S. Grant. Dy reis oertsjûge Reade Wolk derfan dat de blanken te machtich wiene (sawol yn oantal as wat ynfloed oanbelange) en dat de Lakota harren nea foargoed ferslaan kinne soene.

 
Reade Wolk (sittend, 2de f. l.) mei oare Lakota-lieders.

Yn 1871 sette er him nei wenjen by it nei him neamde Reade Wolk Agintskip (fan it Buro fan Yndiaanske Saken), oan 'e rivier de Platte, streamôf fan Fort Laramie. Neffens it ferdrach fan 1868 wiene de Yndiaansk agint en syn stêf dêre ferantwurdlik foar it wykliks útdielen fan itensrantsoenen oan 'e Oglala-Lakota, en foar it ien kear yn 't jier oerdragen fan 'e jierjilden en it replik guod dat dêr ûnderdiel fan útmakke. Mar de agint en oare oerheidsfunksjonarissen bepaalden hoefolle fan 'e jierjilden oft yn baar jild en hoefolle oft yn natuera útbetelle waard, en soms wiene de rantsoenen of de jierjilden of allebeide te let, of fan minne kwaliteit, of gewoan te min, of kamen se hielendal net, in sitewaasje dy't benammen te witen wie oan 'e ûnbidige korrupsje binnen it Buro fan Yndiaanske Saken. Hjerstmis 1873 waard it Reade Wolk Agintskip ferhuze nei de bopperin fan 'e Wite Rivier, yn noardwestlik Nebraska, dêr't Reade Wolk al gau yn konflikt kaam mei de nije Yndiaansk agint, John J. Saville.

De Grutte Sû-Oarloch fan 1876

bewurkje seksje

Doe't der yn 1874 goud fûn waard yn 'e Black Hills, krongen blanke goudsikers dat foar de Lakota hillige lân binnen, nettsjinsteande dat se dêr neffens it Ferdrach fan Fort Laramie net komme mochten. Yn maaie 1875 reizgen de opperhaden Reade Wolk, Bûnte Sturt, fan 'e Brulee, en Inkele Hoarn, fan 'e Minnikonzjû, nei Washington ta om der by presidint Grant op oan te stean dat de Amerikanen de ferdraggen neikomme soene. Mar yn Washington krigen se te hearren dat it Amerikaanske Kongres besletten hie om 'e Lakota $25.000 te beteljen foar harren lân en fan doel wie om harren in nij reservaat te jaan yn it Yndiaanske Territoarium (it tsjintwurdige Oklahoma). Bûnte Sturt fertolke de gefoelens fan alle Lakota, doe't er sei: "Jo hawwe it oer in oar lân, mar dat is net myn lân; it kin my neat skele en ik wol der neat mei te krijen ha. [...] As dat sa'n geweldich lân is, stjoer dan de blanken der mar hinne dy't no ús lân besette, en lit ús gewurde."

Mar dat diene de Amerikanen net, en in jier letter briek de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 út, wêryn't de Lakota oanfierd waarden troch Sittende Bolle en Mâl Hynder. Hoewol't Reade Wolk syn stribjen nei it bewarjen fan 'e frede mislearre wie, focht er sels net mei yn 'e nije oarloch. Yn it neijier fan 1877 waard it Reade Wolk Agintskip ferpleatst nei de bopperin fan 'e rivier de Missoury, en it jiers dêrop waard it op 'e nij ferhuze, no nei it súdwesten fan Súd-Dakota, dêr't it omneamd waard ta it Pine Ridge Agintskip.

Lettere jierren

bewurkje seksje

Nei de úteinlike Yndiaanske nederlaach yn 'e oarloch ûntjoech Reade Wolk him ta in wichtich lieder by de oergong fan it oarspronklike, nomadysk bestean fan 'e Lakota as jagers-sammelders op 'e Grutte Flakten ta in sedintêr libben yn 'e reservaten. Yn 1884 liet er himsels en syn frou Dravend Hart mei de bern, yn 'e mande mei fiif oare Oglala-haadlju en har gesinnen, dope troch de roomske misjonaris Joseph Bushman.

 
Reade Wolk mei syn fearretoai op.

Likegoed hold Reade Wolk oan mei syn krewearjen foar de takomst fan syn folk. Sa fersette er him yn 1887 fûleindich (mar úteinlik om 'e nocht) tsjin 'e Wet-Dawes, dy't de stammen twong om it mienskiplik grûnbesit as yndividueel eigendom oer te dragen oan 'e stamleden. Mei't dy net mear lân besitte mochten as 160 acres, bleau der in protte lân oer, dat doe troch it Amerikaanske regear frijjûn waard foar kolonisaasje troch de blanken. Yn 1889 besocht Reade Wolk in nije wet tsjin te hâlden dy't it Grutte Sû Reservaat opheffe soe, de helte derfan frijjaan foar kolonisaasje en de rest ferdiele yn fiif folle lytsere reservaten. Fanwegen de stiiffêste wegering fan him en Sittende Bolle om oan 'e druk fan 'e Amerikaanske oerheid ta te jaan, namen de Amerikanen harren taflecht ta klearebare bedragerij, bygelyks troch harren ferdraggen ûndertekenje te litten troch Lakota-bern.

Reade Wolk oerlibbe alle oare grutte Lakota-lieders út 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen, en ferstoar op 10 desimber 1909 yn 'e âlderdom fan 87 jier yn it Pine Ridge Reservaat, dêr't er ek begroeven leit. Op hege jierren seid er oer de Amerikanen: "Se hawwe ús withoefolle ûnthjitten dien, mear as dat my noch krekt heucht. Mar se binne mar ien ûnthjit neikommen – se ûnthieten dat se ús ús lân ûntnaderje soene... en dat hawwe se dien."

Berjochten oer it ferstjerren fan Reade Wolk ferskynden yn alle grutte Amerikaanske kranten, wêrby't er yn 'e regel oantsjut waard as de lieder fan alle Lakota, wat net wier wie, want de Lakota hiene altiten in grut tal opperhaden dy't yn prinsipe allegear lykweardich wiene. Yn 2000 waard Reade Wolk postúm ynhuldige yn 'e Hall of Fame fan 'e steat Nebraska. Syn byltenis stie op in Amerikaanske postsegel fan 10¢, en it skynt dat presidint John F. Kennedy in mei kearnwapens tariste dûkboat fan 'e Amerikaanske Marine nei him ferneame woe (mar dêr troch it Pentagon fan ôfbrocht waard om't "Reade Wolk" te kommunistysk klonk).

Reade Wolk syn neikommelingen, dy't "Red Cloud" foar efternamme oannamen, wiene oant koartby altyd keazen as tradisjonele opperhaden fan 'e Oglala-Lakota, te begjinnen mei syn soan Jack Red Cloud (1909-1928), doe syn pakesizzer James Red Cloud (1928-1960), dy't opfolge waard troch syn broer Charles Red Cloud (1960-1979), en ta einbeslút Reade Wolk syn oerpakesizzer Oliver Red Cloud (1979-2013), dy't op 4 july 2013 yn 'e âlderdom fan 93 jier ferstoar.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.