Ely S. Parker
Ely S. Parker (folút: Ely Samuel Parker), berne as Hasanoanda, sûnt 1852 bejeftige mei de namme Donehogawa (Indian Falls (New York), 1828 – Fairfield (Konnetikut), 31 augustus 1895), wie in Amerikaansk abbekaat en yngenieur fan Seneka-Yndiaansk komôf. Yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch tsjinne er as neiste meiwurker fan 'e Noardlike generaal en lettere presidint Ulysses S. Grant, en berikte er úteinlik de rang fan brigadegeneraal. Hy wie oanwêzich yn it Gerjochtsgebou fan Appomattox, by de oerjefte fan 'e Súdlike Konfederaasje, en skreau eigener hân de úteinlike oerjeftebetingsten dy't ûndertekene waarden troch Grant en de Súdlike generaal Robert E. Lee. Under Grant syn presidintskip waard er beneamd as earste Yndiaanske kommissaris fan Yndiaanske Saken.
Ely S. Parker | ||
politikus | ||
echte namme | Ely Samuel Parker (Donehogawa) | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 1828 | |
berteplak | Indian Falls (New York) | |
stjerdatum | 31 augustus 1895 | |
stjerplak | Fairfield (Konnetikut) | |
etnisiteit | Seneka | |
partij | Republikeinske Partij | |
Kommissaris fan Yndiaanske Saken | ||
amtsperioade | 1869 – 1871 | |
foargonger | Nathaniel G. Taylor | |
opfolger | Francis A. Walker | |
Ofsier yn it Amerikaanske Leger | ||
amtsperioade | 1863 – 1867 (sûnt 1865 as brigadegeneraal) | |
sachem fan de Seneka | ||
amtsperioade | 1852 – 1895 |
Libben
bewurkje seksjeKomôf, jonkheid en oplieding
bewurkje seksjeParker waard berne yn 1828, as de sechsde fan sân bern yn it gesin fan William en Elizabeth Parker, dy't allebeide út foaroansteande Seneka-gesinnen kamen. Syn berteplak wie Indian Falls, yn 'e steat New York, dat doedestiden ûnderdiel útmakke fan it Tonawanda Yndianereservaat. Syn heit William wie in moolner en baptistysk predikant, en Parker krige ûnderwiis op in missyskoalle, sadat er folslein twatalich wie doe't er nei de universiteit gie om rjochten te studearjen. Fan gefolgen wied er net folslein mear thús yn it Seneka-reservaat, mar oan 'e oare kant bliek syn hûdskleur en etnyske identiteit kear op kear in stroffelstien dy't him behindere om foar hûndert prosint mei te dwaan yn 'e Amerikaanske maatskippij. Syn hiele libben lang brocht er troch yn dy ûnnoflike spagaat.
Nei't er syn rjochtestúdzje ôfrûne hie, wurke Parker de wenstige trije jier by in abbekatekantoar yn Ellicottville, wêrnei't er in oanfraach yntsjinne om talitten te wurden ta de Amerikaanske oarder fan abbekaten. Hy waard lykwols ôfstegere, mei't er as Seneka gjin Amerikaansk steatsboarger wie. (Pas troch de Yndiaanske Boargerskipswet fan 1924 krigen alle Yndianen yn 'e Feriene Steaten it steatsboargerskip.)
Yn 'e 1840-er jierren kaam Parker tafalligerwize yn in boekhannel yn 'e kunde mei Lewis Henry Morgan, in jonge abbekaat dy't behelle wie yn 'e oprjochting fan 'e Grutte Oarder fan de Irokezen, in feriening fan rike blanke jongemannen út it noarden fan 'e steat New York dy't it byld fan 'e Yndianen romantisearren en harsels dêrneffens werskeppe woene. Mei't de Seneka ien fan 'e stammen fan 'e echte Irokezen binne, wie Morgan tige yn Parker ynteressearre, en de beide jongemannen rekken befreone. Parker naam Morgan mei nei it Tonawanda Reservaat en waard Morgan syn primêre boarne fan ynformaasje oer de Irokezen, wêrby't er him teffens oan oare Seneka foarstelde en yn oare Irokeeske reservaten yntrodusearre. Morgan syn boek League of the Iroquois ("Konfederaasje fan de Irokezen"), dat yn 1851 útkaam, wie dan ek opdroegen oan Parker.
Mar de freonskip tusken de mannen wie gjin ienrjochtingsferkear, want wylst Parker Morgan holp om in pionier op it mêd fan 'e antropology te wurden, joegen Morgan syn konneksjes Parker de kâns om 'e foet tusken de doar te krijen by de bredere blanke maatskippij. Sa waard er op foarspraak fan Morgan talitten ta de stúdzje technyk oan it prestizjeuze Rensselaer Polytechnic Institute, yn Troy, dêr't er syn titel fan yngenieur behelle.
Iere karriêre
bewurkje seksjeNei it beëinigjen fan syn stúdzje sette Parker útein mei syn karriêre troch as tolk en diplomaat te wurkjen foar en mei de opperhaden fan 'e Seneka, yn harren ûnderhannelings mei de Amerikaanske oerheid oer û.m. lânrjochten. Yn 1852 waard er foar syn krewearjen sels beneamd ta in sachem (opperhaad), en waard er tagelyk bejeftige mei de namme Donehogawa, "Warder fan de Westlike Doar", wat in grutte eare wie.
Neitiid wurke er as yngenieur mei oan 'e ferbetterings oan en it ûnderhâld fan it Earykanaal yn 'e steat New York. As tafersjochhâlder oer in regearingsprojekt yn Galena, yn 'e steat Illinois, rekke er goed befreone mei de jonge legerofsier Ulysses S. Grant, in relaasje dêr't er letter in soad oan hawwe soe.
Militêre karriêre
bewurkje seksjeDoe't yn 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch útbriek, woe Parker in rezjimint Irokeeske frijwilligers oprjochtsje om mei te fjochtsjen foar it Noarden, mar dêr stiek de Newyorkske gûverneur Edwin D. Morgan in stokje foar. Doe besocht er sels tsjinst yn it Noardlike leger te nimmen, mar fan 'e minister fan Oarloch Simon Cameron krige er it boadskip dat der gjin sprake fan wêze koe dat Yndianen yn it Amerikaanske leger tsjinnen. Uteinlik naam Parker kontakt op mei syn freon Ulysses Grant; dy hie in razend ferlet fan yngenieurs en alhiel gjin respekt foar burokrasy. Op dy manear krige Parker yn maaie 1863 in oanstelling as kaptein.
Parker tsjinne earst by de sjeny, ûnder brigadegeneraal John Eugene Smith, en naam yn dy hoedanichheid diel oan it Belis fan Vicksburg, oan 'e Mississippy. Doe't Grant it befel krige oer alle Noardlike troepen yn 'e Mississippydelling, stelde er Parker ûnder de Chattanoogakampanje oan as syn persoanlik adjudant. Neitiid waard Parker tegearre mei Grant oerpleatst, doe't dyselde algemien oerbefelhawwer fan it Noardlike leger waard en Parker adjudant fan it legerhaadkertier. Yn dy funksje wie Parker belutsen by de Wylderniskampanje en it Belis fan Peterburg, yn Firginia. Nei de ferovering fan Peterburg waard Parker Grant syn militêr siktaris, mei de rang fan luitenant-kolonel. As sadanich skreau er in grut diel fan Grant syn korrespondinsje.
Parker wie oanwêzich doe't de Súdlike generaal Robert E. Lee yn april 1865 de oerjefte tekene yn it Gerjochtsgebou fan Appomattox. Sterker noch, hy holp by it opstellen fan 'e oerjeftebetingsten, en de úteinlike ferzje, dy't ûndertekene waard troch Grant en Lee, is yn syn hânskrift, om't er sa kreas skriuwe koe. Lee hold Parker earst foar in swarten, mar ûntskuldige him doe't er op syn flater opmerksum makke waard, en sei tsjin Parker: "Ik bin bliid dat ik hjir dochs noch ien echte Amerikaan sjoch." Ear't de oarloch offisjeel foarby wie, waard Parker op 9 april 1865 noch promovearre ta de rang fan brigadegeneraal (by de frijwilligers). Dêrmei is er ien fan twa generaals út 'e Amerikaanske Boargeroarloch dy't fan Yndiaansk komôf wiene; de oare wie it Sjeroky-opperhaad Stand Watie, dy't foar de Konfederaasje focht.
Yn 1866 krige Parker koarte tiid in oanstelling by it Amerikaanske 2de Kavaleryrezjimint. Letter waard er op 'e nij militêr siktaris fan Grant, en yn dy hoedanichheid wied er lid fan 'e saneamde Súdlike Ferdrachskommisje, dy't op 'e nij ûnderhannelje moast oer de ferdraggen tusken it Amerikaanske regear en de Yndiaanske stammen dy't oan 'e kant fan it Suden fochten hiene (benammentlik yn Oklahoma). Yn 1867 krige er de rang fan brigadegeneraal yn it geregelde leger, en yn april 1969 swaaide er úteinlik ôf.
Nei-oarlochsk libben
bewurkje seksjeYn 1867 wie Parker ûnderwilens troud mei Minnie Orton Sackett (1849-1932). Hja krigen ien dochter, Maud Theresa Parker (1878-1956). Doe't Ulysses Grant presidint waard, beneamde er Parker as earste Yndiaan ta kommissaris fan Yndiaanske Saken. Yn dy funksje, dy't er fan 1869 oant 1871 beklaaide, wied er fierhinne ferantwurdlik foar it fredesbelied dat it regear fan Grant yn it Westen oangeande de Yndianen fierde. Mar de fêstige belangen wiene te grut, en troch passive tsjinwurking en aktive sabotaazje fan syn ûnderhearrigen krige er net in protte foarinoar.
Nei't er de polityk en oerheidstsjinst efter him litten hie, ynvestearre Parker yn 'e oandielemerk. Yn 't eartoan gie dat dat it slydjage, mar úteinlik ferlear er syn hiele fermogen 'e Beurskrach fan 1873. Fia syn hege konneksjes wist er doe in oanstelling te besetten yn 'e rie fan kommissarissen fan it Komitee fan Befoarrieding en Reparaasjes fan 'e Newyorkske plysje. Dat baantsje hie wol net folle om 'e hakken, mar Parker en syn gesin koene sa teminsten itende bliuwe. Syn lêste jierren brocht Parker troch yn earmoede. Hy stoar op 31 augustus 1895, doe't er 66 of 67 jier âld wie, te Fairfield, yn 'e steat Konnetikut, dêr't er ek begroeven waard. De Seneka fûnen lykwols in grêf yn Algonkwynske grûn net foechsum (de Algonkwynske en Irokeeske folken binne fan âlds erffijannen), dat op harren oanstean waard Parker syn stoflik omskot ferpleatst nei Buffalo, yn westlik New York, dêr't er njonken syn foarfaar Reade Jas leit.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|