Wite Bolle (Lakota: Tȟatȟáŋka Ská, útspr.: [tˣa'tˣã:ka ska:], likernôch: "tchatchaanka skaa"; Ingelske oersetting: White Bull; yn 'e Black Hills (Súd-Dakota), april 1849 – yn Súd-Dakota, 21 juny 1947) wie in opperhaad fan 'e Hûnkpapa-substamme fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy waard ferneamd troch syn dielname oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't de Yndianen it Amerikaanske Leger in ferpletterjende nederlaach tabrochten.

Wite Bolle
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tȟatȟáŋka Ská
oare namme White Bull
nasjonaliteit (Sioux)
Amerikaansk
berne april 1849
berteplak yn 'e Black Hills (Súd-Dakota)
stoarn 21 juny 1947
stjerplak yn Súd-Dakota
etnisiteit Lakota-
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan 'e
   Hûnkpapa-Lakota
jierren aktyf ±18741947

Wite Bolle waard yn 1849 berne yn 'e Black Hills, yn it súdwesten fan wat no de Amerikaanske steat Súd-Dakota is. Hy wie in telch út in foaroansteande Lakota-famylje. Syn heit wie Makket-Romte, in haadman fan 'e Minnikonzjû-stamme en in broer fan it opperhaad Ien Bolle, wylst syn mem ta de Hûnkpapa-stamme hearde en in suster wie fan 'e foaroansteande medisynman Sittende Bolle. Wite Bolle hie ek in jongere broer dy't fan Ien Bolle hiet.

Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 joech Wite Bolle him by syn omke Sittende Bolle, dy't doe de wichtichste Yndiaanske oanfierder yn 'e striid tsjin 'e Amerikanen wie. Hy waard bekend doe't er op 25 juny 1876 dielnaam oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't in koälysje fan , Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in ferpletterjende nederlaach tabrocht en foar in diel útrûge. Under de slach fierde Wite Bolle tegearre mei it Oglala-opperhaad Mâl Hynder de oanfal oan dy't troch de Amerikaanske linys briek op 'e heuveltop dêr't de lêste oerlibbenen fan Custer syn detasjemint har weromlutsen hiene. Neitiid waard der jierrenlang fan grute dat Wite Bolle dejinge west hie dy't Custer sels deade hie, hoewol't lju dy't Wite Bolle persoanlik koene, hawwe wolle dat er sels nea sein hat dat er Custer deade hie, mar inkeld dat er mei Custer fochten hie.

Nei de slach beselskippe Wite Bolle syn omke Sittende Bolle, ek doe't dy yn it foarjier fan 1877 fanwegen de oanboazjende ferfolging troch de Amerikaanske autoriteiten yn ballingskip gean moast yn Kanada. Wite Bolle bleau lykwols net lang om utens, mar kearde datselde jiers noch werom nei de Feriene Steaten, dêr't er him oan 'e autoriteiten oerjoech. Nei it ferstjerren fan syn heit folge er dyselde op as lid fan 'e ried fan opperhaden fan syn folk. Letter beklaaide er it amt fan rjochter by it Yndiaansk Gerjochtshôf fan syn reservaat. Wite Bolle wurke mei oan it boek Warpath: The True Story of the Fighting Sioux Told in a Biography of Chief White Bull, dat Stanley Vestal oer syn libben skreau. Hy kaam yn 1947 yn Súd-Dakota te ferstjerren, yn 'e hege âlderdom fan 98 jier.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.