Hert
It hert is in holle spier dy't troch him gear te lûken bloed troch it lichem pompt. In ienfâldich ynsektehert bestiet út in holle buis dy't út en troch gearlûkt en in slutsje floeistof yn beweging hâldt, min ofte mear yn ien rjochting, mar sûnder sletten fettesysteem. In sûchdierhert is in mear spesjalisearre orgaan mei fjouwer aparte, troch kleppen skate keamers dy't tegearre twa pompen foarmje dy't in yn searje skeakele, mar fierders skate long- en in lichemssirkulaasje op gong hâlde.
- Dizze side giet oer it lichemsdiel en orgaan. Foar oare betsjuttings, sjoch: hert (betsjuttingsside).
Lizzing en omlizende anatomy
bewurkje seksjeIt hert is asymmetrysk fan foarm (liket eins net op in 'hertsje' (♥) sa't dat faak tekene wurdt) en leit yn de toaraksholte sawat midden efter it boarstbien, yn it mediastinum (de romte tusken de twa longen). Pine oan it hert wurdt hast altiten ek midden efter de boarstbonke field. It hert leit mear oan de linkerkant as oan de rjochterkant fan de boarstbonke. It stekt mar ± 2 sm. út oan de rjochterkant. Mar yn de linkerlong soarget it hert foar in djippe yndûking. It hert kin foarsteld wurde as in kegel. De top fan de kegel wurdt de apeks neamd, it grûnflak de basis. De apeks leit mear kaudaal (nei ûnderen ta), fentraal (nei foaren ta ) en links as de basis dy't mear servikaal (nei boppen ta), dorsaal (nei efteren ta) en rjochts leit. De as fan de kegel ferrint dus skean yn de toaraks. It hert grinzet oan it mulruft (diafragma) mei de facies diaphragmaticus. In twadde snijflak fan it hert grinzet oan it boarstbien (sternum) en in oantal ribben. Dit is de facies sternocostalis. Lykas earder sein grinzet it hert ek oan de linkerlong mei de facies pulmonalis. Dizze facies pulmonalis wurdt soms ek sjoen as in oergong fan de twa oare flakken (in tige ûnskerpe oergong), dêrom ek wol margo obtusus ('stompe râne') neamd. De oergong tusken de facies sternocostalis en de facies diaphragmaticus oan de oare kant wurdt de margo acutus neamd. Dizze oergang is wol skerp.
It hert wurdt hielendal omjûn troch it hertsekje, it pericard (pericardium). Dit bestiet út in fibreus gedielte en in sereus gedielte. Dit lêste is in dûbelflues om it hert mei in parietaal blêd dat de binnenkant fan it hertsekje beklaait en in fiskeraal blêd dat it hert sels beklaait, dy't yn elkoar oergeane op de hichte fan de omslachploaien. Dizze sitte op de hichte fan ferskate wichtige arteryen en fenen dy't respekyflik it hert ferlitte en binnenkomme. It fibreuze gedielte (it eigentlike 'sekje') is op syn beurt fergroeid mei it mulruft. Sa wurdt in oerfolling fan it hert behindere. De romte tusken fiskeraal en parietaal blêd wurdt de perikardiale romte neamd en is normaal fold mei (in lyts bytsje) focht. Tanksij dit focht is it mooglik dat dizze blêden ten opsichte fan elkoar ferskowe.
Hertôfwikings
bewurkje seksjeIt bart ek dat bern mei in minder sûn hert berne wurde. De meast foarkommende ôfwikings binne in gatsje yn de skiedingswand tusken de hertboezems (atrium) ofwol it atriumseptumdefekt, en in gatsje tusken de hertkeamers (ventrikel), it fentrikelseptumdefekt (VSD).
In tredde relatyf soad foarkommende ôfwiking is de tetralogy fan Fallot, in beneaming foar it gehiel fan fjouwer ôfwikings dy't tagelyk optrede kinne en dy't ûnder ien neamer brocht binne.
Tige slimme hertôfwikings kinne ferholpen wurde troch in herttransplantaasje. In keunsthert is ynearsten allinnich geskikt as tydlike oerbrêging nei in herttransplantaasje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|