Bloedbad fan de Washita
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
It Bloedbad fan de Washita of de Slach oan de Washita wie in foarfal dat plakfûn as ûnderdiel fan 'e Flakte-Yndiaanske oarloggen yn it Wylde Westen. Dêrby waard op 27 novimber 1868 it winterkamp fan 'e Súdlike Sjajinnen (Southern Cheyenne) fan opperhaad Swarte Tsjettel, oan 'e igge fan 'e rivier de Washita, by it hjoeddeiske Cheyenne, yn westlik Oklahoma, oanfallen en foar in grut diel útmoarde troch it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint ûnder lieding fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Skattings fan eachtsjûgen oangeande it tal Yndiaanske deaden rûnen útinoar fan 13 oant 150, en dêrby gie it foar in oansjenlik part om froulju en bern. Doedestiden waard de 'Slach oan de Washita' yn 'e Feriene Steaten beskôge as in wichtige oerwinning en de earste stap op 'e wei nei de ûnderwerping fan 'e opstannige Súdlike Sjajinnen. Tsjintwurdich wurdt it barren lykwols frij algemien as in oarlochsmisdie sjoen.
Foarskiednis
bewurkje seksjeNei't de Súdlike Sjajinnen en de Súdlike Arapaho yn it neijier fan 1867 it Ferdrach fan Medicine Lodge mei it Amerikaanske regear sletten hiene, moasten se út har heitelân yn Kansas en Kolorado nei it suden ta ferhúzje, nei it Sjajinne en Arapaho Yndianereservaat yn it westen fan it Yndiaanske Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma). Dêr kamen se lykwols yn drûch gebiet telâne dêr't frijwol gjin bizons foarkamen, dy't tradisjoneel it wichtichste part fan harren iten foarmen. Dêrnjonken rekken se yn it Yndiaanske Territoarium deilis mei de Kansa, mei oanfallen oer en wer.
Tsjin 'e simmer fan 1868 diene groepen krigers fan 'e Súdlike Sjajinnen, en mei harren alliëarre Súdlike Arapaho, Kajowa (Kiowa), Komantsjen, Flakte-Apachen, Noardlike Sjajinnen, Oglala- en Brulee-Lakota en sels guon Pâny (Pawnee) oanfallen op delsettings en boerespultsjes fan blanke kolonisten yn westlik Kansas, súdeastlik Kolorado en noardwestlik Teksas. Under dy oanfallen wie ek in rige oerfallen by de rivieren de Solomon en de Saline lâns, yn Kansas, dêr't teminsten 15 kolonisten by deade waarden. Teffens soene dêrby guon blanke froulju ferkrêfte wêze, wylst oaren kriichsfinzen nommen wiene om yn 'e stammen opnommen te wurden.
Op 19 augustus 1868 ûnderfrege de Yndiaansk agint kolonel Edward W. Wynkoop yn Fort Lyon it opperhaad Lytse Rots fan 'e Súdlike Sjajinnen, dy't in lid fan 'e troep fan Swarte Tsjettel wie. Lytse Rots fertelde Wynkoop wat er wist oer de oanfallen by de Solomon en de Saline, dêr't neffens him in groep fan 200 Súdlik Sjajinske krigers ferantwurdlik foar wie. Guon dêrfan wiene neitiid weromkeard nei it kamp fan Swarte Tsjettel, en fan harren wie Lytse Rots oan 'e weet kommen wat der foarfallen wie. Hy joech Wynkoop de nammen fan 'e dieders, ynsafier't dy him bekend wiene, en stimde deryn ta om te besykjen om syn folk safier te krijen dat se dyselden oan 'e Amerikaanske autoriteiten útleveren.
Tsjin begjin novimber 1868 rjochte it opperhaad Swarte Tsjettel syn winterkamp yn oan 'e rivier de Washita. Syn kamp, dat bestie út likernôch fyftich tipys mei yn totaal likernôch 250 bewenners, wie it westlikste fan in hiele rige fan sokke kampen by dy rivier lâns oer in ôfstân fan sa'n 20 km. It iennichste oare lid fan 'e Ried fan Fjouwerenfjirtich dy't nei it Bloedbad fan Sand Creek, yn 1864, by Swarte Tsjettel bleaun wie, wie Lytse Rots. Rivierôf fan Swarte Tsjettel syn kamp rûn de Washita yn in wide lus, dêr't de Súdlike Arapaho fan Lytse Raven, Grutte Mûle, Giele Bear en Bûnte Wolf harren doarp fêstige hiene, mei yn totaal 180 tipys. Fierder streamôf, oan 'e ein fan 'e lus, wie it doarp fan it Súdlik Sjajinske opperhaad Medisynpylken. Dêr foarby hiene de Súdlike Sjajinnen fan 'e opperhaden Lyts Klaad, Sânheuvel, Stiennen Keal, Alde Lytse Wolf en Swarte Blanke Man harren kamp opslein, mei deunby in apart doarp foar de Súdlike Sjajinnen fan it opperhaad Ald Twirre. Dizze beide doarpen omfiemen mei-inoar sa'n 130 tipys. Noch fierder streamôf wie it Kajowa-kamp fan Skopfûgel, folge troch doarpen fan 'e Komantsjen en de Flakte-Apachen. Yn totaal hiene har yn it neijier fan 1868 likernôch 6.000 Yndianen oan 'e Washita nei wenjen set.
Mids novimber bejoegen Swarte Tsjettel en Lyts Klaad fan 'e Súdlike Sjajinnen en Grutte Mûle en Bûnte Wolf fan 'e Súdlike Arapaho har nei Fort Cobb. Hja hiene berjocht ûntfongen fan in blanke keapman dêre, in William Griffenstein, byneamd 'Dutch Bill', dat dy syn Sjajinske frou, dy't 'Cheyenne Jennie' neamd waard, om 10 oktober hinne stoarn wie. Griffenstein hie syn skoanâlden, dy't yn it kamp fan Swarte Tsjettel wennen, tynge dien fan har ferstjerren, en dêrby wierskynlik ek it boadskip stjoerd dat it opperhaad mar better ris mei de Amerikaanske autoriteiten prate koe. Sadwaande hiene de fjouwer opperhaden yn Fort Cobb op 20 novimber in formeel ûnderhâld mei de fortkommandant, kolonel William B. Hazen, wêrby't se oanjoegen frede hawwe te wollen mei de Amerikanen.
Swarte Tsjettel woe syn kamp graach ferpleatse nei de neite fan it fort, mar dat woe Hazen net, om't Satanta en guon oare Kajowa-opperhaden dêr mei har folk al taholden en hy bang wie foar rebûlje tusken de stammen. Wat it fredesluten oangie, dêrfoar ferwiisde Hazen de opperhaden nei syn superieur, generaal Philip Sheridan, hoewol't er wol wist dat dy alle Yndianen dy't har net yn 'e neite fan in fort nei wenjen set hiene as fijannich beskôge en opdracht jûn hie sokken oan te fallen. It probleem wie koartsein dat Hazen de opperhaden wol fertroude, mar de jonge krigers út harren doarpen net, en dat er dy net by syn fort hawwe woe te stokeljen. Sadwaande kearden Swarte Tsjettel en de oare opperhaden sûnder wat bedijd te hawwen werom nei harren doarpen oan 'e Washita, dêr't se, opholden troch ûnlijich waar, op 'e jûn fan 26 novimber oankamen. De jûns tefoaren wie krekt in oarlochstroep fan sa'n 150 krigers, wêrûnder jongemannen út 'e doarpen fan Swarte Tsjettel, Medisynpylken, Lyts Klaad en Ald Twirre, weromkeard yn 'e delling fan 'e Washita, nei't se mei de fanatike Hûnskrigers oerfallen dien hiene op blanke delsettings oan 'e Smoky Hill-rivier.
Underwilens wie ek it Amerikaanske Leger op 'en paad, dat yn opdracht fan generaal Sheridan in winterkampanje útfiere woe. Hoewol't de Amerikaanske troepen it by 't winter ek dreech hiene, wie dat in tiid dat de Yndianen gearkloften yn ymmobile kampen, sadat it mooglik wie om har ta in beslissend treffen te twingen. Boppedat koe it leger, as it de winterfoarrieden fan in doarp ferneatige, net inkeld de krigers, mar ek de froulju, bern en âlderein oan winterkjeld en honger bleatstelle, mei as gefolch dat se har wol oerjaan moasten. Dêrfandinne dat tsjin ein novimber 1868 trije Amerikaanske militêre kolonnes opteagen nei de winterkampen fuort beëasten de Texas Panhandle: ien út it noardwesten, dy't ôfset wie út Fort Lyon, yn Kolorado; ien út it westen, dy't út Fort Bascom, yn Nij-Meksiko, kaam; en ien út it easten, út Camp Supply, yn it Yndiaanske Territoarium. De lêste kolonne bestie út it Amerikaansk 7e Kavaleryrezjimint, ûnder befel fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer.
Op 26 novimber ûntdieken de Osadzje-ferkenners fan 'e 7e Kavalery it spoar fan 'e krigers dy't weromkeard wiene fan 'e oerfallen oan 'e Smoky Hill-rivier. Custer syn troepen folgen dat de hiele dei sûnder rêst te nimmen oant de nacht foel. Doe holden se koart stil oant der genôch moanneljocht wie om har tocht te ferfetsjen. Op 'e iere moarn fan 27 novimber berikten se doarp fan Swarte Tsjettel. De Súdlike Sjajinnen yn dat doarp hiene de deis tefoaren ferskate warskôgings krigen dat der Amerikaanske troepen yn 'e omkriten waarnommen wiene, mar sloegen dy yn 'e wyn. Sa wie der in troep Kajowa-krigers troch it doarp kommen dy't mei eigen eagen it spoar sjoen hiene dat de 7e Kavalery yn 'e 30 sm djippe snie neiliet, mar hja waarden net leaud. Ien fan 'e Kajowa-krigers, Folget-de-Fijân, bleau yn it doarp fan Swarte Tsjettel om by freonen te útfanhúzjen. Doe't it opperhaad sels dy jûns thúskaam, waard der in gearkomste holden wêrby't er de manlju ynljochte oer wat kolonel Hazen sein hie. Der waard besletten om 'e oare moarns daliks it kamp op te brekken en tichter by de oare Yndiaanske doarpen oan 'e Washita wer op te bouwen. Swarte Tsjettel syn frou, Lettere Medisynfrou, wie it net iens mei it beslút om te wachtsjen oant de oare moarn, en stjoerde dy jûns noch fiif fan har bern (fjouwer dochters en in soan) nei it kamp fan Ald Twirre, dat in omkesizzer fan Swarte Tsjettel wie.
It Bloedbad fan de Washita
bewurkje seksjeFoar de oanfal op it doarp fan Swarte Tsjettel ferdielde Custer syn rezjimint yn fjouweren, sadat er it kamp út fjouwer ferskillende rjochtings tagelyk treffe koe. Ien fan 'e doelen fan 'e oanfal wie om ier yn 'e striid safolle mooglik froulju en bern finzen te nimmen, want, sa't Custer yn 1874 yn syn autobiografy My Life on the Plains útlizze soe, de bêste strategy by it befjochtsjen fan Yndianen wie om harren doarpen yn te kringen en dan har froulju, bern en âlderein as gizelders en minsklik skyld te brûken, sadat de krigers, as se weromfjochtsje woene, har eigen famyljeleden deasjitte moasten. Dêrnjonken hie Custer fan generaal Sheridan befel krigen dat alle krigers daliks deasketten of ophongen wurde moasten.
Doe't de dage oan 'e loft kaam, waard de oanfal ynsetten. In kriger dy't Dûbele Wolf hiet, waard wekker en fjurre syn gewear ôf om alaarm te slaan; hy wie ien fan 'e earsten dy't deade waarden troch de kavalery. De Sjajinske krigers ferlieten halje-trawalje har tipys om dekking te sykjen efter beammen en yn in pear djippe ravinen yn 'e neite fan it kamp. Ben Clark, in ferkenner foar de 7e Kavalery, tsjûge letter: "[I]t rezjimint fjouwere tusken de tipys troch [...], dêrby sûnder oansjens des persoans om har hinne sjittend en manlju likegoed as froulju deadzjend." Neffens histoarikus Jerome A. Greene efterfolge ien kavalery-ienheid in groepke froulju en bern, om dy ûnmeilydsum ôf te meitsjen. Luitenant Edward S. Godfrey tsjûge letter dat de soldaten ûnder de oanfal alhiel net besocht hiene om froulju te sparjen. Ferwûne krigers dy't yn it doarp oantroffen waarden, waarden daliks stânrjochtlik eksekutearre, sa't generaal Sheridan oardere hie. Swarte Tsjettel en syn frou, Lettere Medisynfrou, waarden yn 'e rêch sketten en deade doe't se op in mustang besochten út te naaien. Lytse Rots foarme mei de froulike Sjajinske kriger Wolvinne en de Kajowa-kriger Folget-de-Fijân in efterhoede om 'e by de rivier lâns fuortflechtsjende froulju en bern te beskermjen tsjin in groep oanfallende kavaleristen, dat wierskynlik in detasjemint ûnder majoar Joel H. Elliot west hat. Lytse Rots kaam dêrby om.
It duorre net lang ear't Custer it heal ferrinnewearre winterkamp behearske, al hie de 7e Kavalery wat mear tiid nedich om alle ferset te smoaren. In groep fan 53 Sjajinske froulju en bern waard kriichsfinzen nommen, mei dêrûnder Maitydsgers, in dochter fan Lytse Rots dy't mooglik de mêtresse fan Custer wie. Nei't er him baas makke hie fan it doarp, ûntdiek Custer dat er yn in prekêre sitewaasje ferkearde. Hy seach dat har op 'e heuveltoppen om it kamp hinne grutte groepen Sjajinske, Arapaho- en Kajowa-krigers te hynder sammelen út 'e oare doarpen oan 'e Washita, dêr't er oant doe ta net fan witten hie dat dy bestiene. Bang dat er oanfallen wurde soe troch in grutte nûmerike oermacht, joech er befel om gau-gau alles yn it doarp fan Swarte Tsjettel te ferneatigjen dat syn mannen net meitôgje koene. De 875 bútmakke hynders, liet er foar it grutste part deasjitte, op 200 nei dy't as pakdieren en ryddieren foar de finzenen brûkt waarden. Tsjin 'e tiid dat it tsjuster waard, wie Custer benaud dat de Yndianen de bagaazjetrein fan syn rezjimint fine soene, dat hy die in skynoanfal wêrby't er de finzenen tusken syn mannen yn ride liet, en doe't de Yndianen tebekwykten, om't se de froulju en bern net reitsje woene, kearde Custer om en sette er ôf yn 'e rjochting fan syn basis.
Oan 'e ein fan 'e 'slach' rapportearre Custer oan syn superieur, generaal Philip Sheridan, oer syn súksessen, wêrby't er úthold dat syn mannen de liken fan 103 krigers teld hiene "by in wier en soarchfâldich ûndersyk nei de slach". Feitliks hie der alhiel gjin telling west, en basearre Custer dit oantal op in kombinaasje fan 'e rûge skattings dy't er fan ferskate ofsieren ûntfongen hie. Oer syn eigen ferliezen fermelde er amper wat, mei't fan it 7e Kavaleryrezjimint mar ien man (kaptein Louis Hamilton) sneuvele wie, wylst der trettjin ferwûne rekke wiene. Tsjin dy tiid wiene majoar Joel H. Elliott en njoggentjin manskippen lykwols noch altyd net weromkeard. Elliott hie him mei syn lytse groepke soldaten ôfskaat fan 'e trije kompanjyen dêr't er it befel oer hie, om, nei't it skynt sûnder goedkarring fan Custer, efter guon flechtsjende Sjajinnen oan te jeien wylst er rôp: "In promoasje of in deakiste!" Letter die bliken dat Elliott-en-dy sa'n oardel kilometer fan it doarp fan Swarte Tsjettel ôf in groep Sjajinske, Arapaho- en Kajowa-krigers tsjinkommen wiene, dy't harren yn ien inkele stoarmrin ûnder de foet rûn en ferdylge hiene.
Custer syn abrupte weromlûking út it doarp, sûnder dat er fersterkings efter Elliott en de fermiste soldaten oan stjoerde, sette in protte kwea bloed by oare ofsieren. Neitiid soe it 7e Kavaleryrezjimint ferdield wêze yn twa kampen: de saneamde 'Custer-klyk', in groep famyljeleden en freonen fan Custer dy't yn it rezjimint de tsjinst útmakke, en in groep ofsieren dy't Custer ferspijden en neat fan him hawwe moasten. Ta dy lêste groep hearde kaptein Frederick Benteen, de kommandant fan H Kompanjy en in goede freon fan Elliott, dy't Custer nea ferjoech dat er Elliott-en-dy "yn 'e steek litten" hie, sa't Benteen dat seach. Acht jier letter, doe't Benteen yn 'e Slach oan de Little Bighorn oarders yn 'e wyn sloech om Custer te fersterkjen, mei as gefolch de folsleine útrûging fan Custer en fiif kompanjyen fan 'e 7e Kavalery, waarden Benteen syn dieden dan ek yngeand ûnder de lûp nommen yn it ljocht fan 'e langjierrige fete dy't sûnt it Bloedbad fan 'e Washita tusken him en Custer bestie.
De balâns
bewurkje seksjeNeffens modern ûndersyk troch it Sintrum foar Kriichsskiednis fan it Amerikaanske Leger wiene by it Bloedbad fan 'e Washita oan Amerikaanske kant 21 deaden te betreurjen, wêrfan 20 út it detasjemint fan majoar Elliott. Fierders hie de 7e Kavalery 13 ferwûnen. Oer de oantallen Yndiaanske slachtoffers is lange tiid hiel wat te dwaan west. Skattings fan kontemporêne Amerikaanske militêre boarnen rûnen útinoar fan 16 oant mear as 140 krigers dy't de dea fûnen en "guon" oant 75 froulju en bern dy't deade wiene. Kontemporêne Sjajinske boarnen (d.w.s. de kriichsfinzen nommen froulju) sprieken fan 11 oant 18 krigers en 17 oant "in protte" froulju en bern dy't deade wiene. It Sintrum foar Kriichsskiednis, dat ûndersyk nei dizze kwestje dien hat, is fan betinken dat der mooglik yn totaal 50 Súdlike Sjajinnen (ynkl. krigers, froulju, bern en âlderein) deade wiene, wylst mooglik nochris 50 Yndianen ferwûne rekke wiene.
Neisleep
bewurkje seksjeYn 1868 waard de 'Slach oan de Washita' yn 'e Feriene Steaten oer it algemien beskôge as in wichtige oerwinning en de earste stap op 'e wei nei de ûnderwerping fan 'e opstannige Súdlike Sjajinnen. Lykwols wiene der doe ek al ôfwikende stimmen, lykas dy fan Yndiaansk agint kolonel Edward W. Wynkoop, dy't nei oanlieding fan it Bloedbad fan 'e Washita syn ûntslach yntsjinne. Yn elts gefal hie it ynsidint in folslein averjochts effekt, mei't de fredespartij ûnder de Sjajinnen troch de dea fan Swarte Tsjettel en Lytse Rots slim ferswakke waard, wylst de oarlochspartij, oanfierd troch de fanatike Hûnskrigers, troch it bloedbad krekt fuorsterke waard.
Letter ûntstie der in skeel oer de fraach oft it foarfal in fjildslach of in bloedbad neamd wurde moast. It Buro fan Yndiaanske Saken omskreau it as in "slachtpartij ûnder ûnskuldige Yndianen" en de hjoeddeiske Sjajinnen fiere in kampanje om 'e namme fan it Nasjonaal Histoarysk Plak Slachfjild oan 'e Washita omneamd te krijen (fan "slachfjild" yn "bloedbad"). Custer sels fûn (uteraard) dat der gjin sprake wie fan in bloedbad; hy sei dat syn soldaten net foarkomme kinnen hiene dat der in pear froulju en bern deasketten wiene. Hjoeddeiske histoarisy binne noch altyd net unanym oer dizze kwestje, al neame de measten it wol deeglik in oarlochsmisdie.
Skiedkundige Paul Andrew Hutton skreau: "Hoewol't it gefjocht oan de Washita beslist iensidich wie, wie it dêrom noch gjin bloedbad. De Sjajinnen fan Swarte Tsjettel wiene gjin ûnbewapene ûnskuldigen dy't tochten dat it frede wie. Ferskaten fan Swarte Tsjettel syn krigers hiene koartby noch tsjin 'e soldaten fochten, en it opperhaad wie troch Hazen ynformearre dat der gjin frede wêze koe salang't er him net oerjûn hie oan Sheridan. De soldaten hiene gjin befel om eltsenien om te bringen, want Custer hold persoanlik it deadzjen fan non-kombattanten tsjin, en der waarden trijeënfyftich minsken kriichsfinzen nommen."
Skiedkundige Joseph B. Thoburn fûn lykwols de ferneatiging fan it doarp fan Swarte Tsjettel te iensidich om in fjildslach neamd wurde te kinnen. Hy riddenearre dat as de saken omdraaid wiene, en in nûmeryk sterkere kloft Yndianen in blanke delsetting oanfallen hie mei likefolle ynwenners as it kamp fan Swarte Tsjettle, en mei deselde resultaten, dat dat dan sûnder ienige twifel as in bloedbad beskôge wêze soe. Skiedkundige Stan Hoig woe hawwe dat de oanfal op it kamp fan Swarte Tsjettel in bloedbad wie om't de Sjajinnen deade waarden "sûnder oansjens des persoans, ûnmeilydsum en yn grutte oantallen."
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|