Stiennen Keal
Stiennen Keal (Ingelsk: Stone Calf; ?, 18?? – yn it Sjajinne-reservaat (Oklahoma), 1885) wie in opperhaad fan 'e Súdlike Sjajinnen (Southern Cheyenne), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hoewol't er yn syn jonkheid in grut kriger wie, stied er benammen bekend as in fredesstifter, dy't besocht hat om syn folk te helpen by de oergong fan in nomadysk bestean nei in sedintêr libben yn 'e reservaten.
Stiennen Keal | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme | Stone Calf | |
berne | 18?? | |
berteplak | westlike Feriene Steaten | |
stoarn | 1885 | |
stjerplak | yn it Sjajinne- en Arapaho- reservaat (Oklahoma) | |
etnisiteit | Súdlik Sjajinsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan de Súdlike Sjajinnen | |
jierren aktyf | 18?? – 1885 |
Libben
bewurkje seksjeYn syn jonkheid wie Stiennen Keal in grut kriger, mar letter besocht er yn frede te libjen mei de blanken. Hy wie it iennichste opperhaad fan 'e Súdlike Sjajinnen dat yn april 1870 oanwêzich wie by de gearkomste yn Darlington dêr't it agintskip fan it Sjajinne- en Arapaho-reservaat fêstige waard yn it Yndiaanske Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma). Syn stipe foar dat reservaat holp om oare Súdlike Sjajinnetroepen dêrhinne te lokjen.
Yn wat bekend kommen is te stean as de Oarloch fan de Reade Rivier begûnen yn 1874 party Súdlike Sjajinske opperhaden de boerespultsjes en delsettings fan 'e blanke kolonisten te oerfallen, út frustraasje oer de oanhâldende blanke jacht op 'e Amerikaanske bizon, dy't dat bist úteinlik op it rântsje fan it útstjerren bringe soe, en dy't doe by 't winter al hongersneed yn 'e reservaten feroarsake. Ek Stiennen Keal wie by de opstân belutsen, al late hy syn troep yn 'e midden fan 1874 súdoan alhiel nei Meksiko ta, om dêr beskûl te sykjen. Doe't er oan 'e ein fan 'e simmer weromkearde om him oer te jaan, hearde er dat de omstannichheden fan syn ûntfangst ôfhongen fan it sûn en wol weromjaan fan Catherine en Sophia German, de beide noch missende dochters fan 'e blanke kolonist John German, waans gesin earder dat jiers yn Kansas fierhinne útmoarde wie troch in groep Súdlike Sjajinnen ûnder lieding fan opperhaad Medisynwetter en dy syn frou Bizonkeal. Dêrop liet Stiennen Keal de beide fammen opspoare en yn in tipy njonken sines pleatse. Se waarden mei de Sjajinske froulju oan it wurk set, mar oer it algemien goed behannele. Op 2 maart 1875 joech Stiennen Keal him oer te Darlington, wêrby't de German-dochters frijkamen.
Oars as guon oare foaroanlju fan 'e Súdlike Sjajinnen, lykas Griis Burd, Medisynwetter en Bizonkeal, dy't nei Floarida ta deportearre waarden, mocht Stiennen Keal him wer yn it Sjajinnereservaat nei wenjen sette, dêr't him de folgjende tsien jier tige ynsette om syn folk te helpen by de oergong fan in nomadysk jagersbestean op 'e iepen flakten nei in sedintêr libben yn 'e reservaten. Koart foar syn dea, yn 1885, wie syn wjerstân tsjin it ferpachtsjen fan reservaatlân oan blanke feehâlders in kritike faktor by it beslút fan 'e Amerikaanske presidint Grover Cleveland om it near te lizzen op sokke pachtoerienkomsten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |