Stephen Grover Cleveland (Caldwell, 18 maart 1837Princeton, 24 juny 1908) wie de 22ste en 24ste presidint fan de Feriene Steaten fan 1885 oant 1889 en fan 1893 oant 1897.

Stephen Grover Cleveland

Cleveland wie in demokratysk politikus, boargemaster fan Buffalo en gûverneur fan New York west doe't er James Blaine fersloech by de presidintsferkiezingen fan 1884. Yn syn regearperioaden, fan 1885 oant 1889 en fan 1893 oant 1897, waard er priizge om syn moed, earlikheid as man sûnder wryt of slyt. Syn besykjen om de ynfierrjochten te ferleegjen, syn protte feto's fan Kongresbesluten en it stelselmjittich negearjen fan de parse makke him net sa populêr. Dat hy ferlear de Amerikaanske presidintsferkiezingen fan 1888 fan Benjamin Harrison.

By presidintsferkiezingen fan 1892 fersloech er lykwols deselde Benjamin Harrison; syn twadde termyn rûn fan 1893 oant 1897. In wapenfeit fan Cleveland út dy regearperioade dat it fernijen wurdich is, wie it ynlûken fan de troch Harrison útfeardige Sherman Silver Purchase Act (1890) yn 1893. Tenei lei goud yn stee fan sulver oan de basis fan de jildhûshâlding. Cleveland is de iennige presidint dy't yn twa net oaniensletten terminen presidint west hat. Hy wie teffens de iennige presidint dy't yn it Wite Hûs it houlik oangie. Op 2 juny 1886 troude er mei de 27 jier jongere Frances Cleveland (Frances Clara Folsom), dy't doe 21 wie en sa de jongste First Lady oant no ta waard. Sy ferfong Rose Cleveland, de suster fan de presidint, dy't as First Lady optrede yn de tiid dat hy noch frijfeint wie.

Kabinetsleden ûnder Cleveland (1e perioade) bewurkje seksje

KABINETSLEDEN MINISTEARJE Perioade Bysûnderheden:
Thomas Boyard Bûtenlânske Saken 1885 - 1889
Lucius Lamar Binnenlânske Saken 1885 - 1888
William C. Endicott Oarloch 1885 - 1889
Daniel Manning Finânsjen 1885 - 1887
Augustus Garland Justysje 1885 - 1889
William Whitney Marine 1885 - 1889
William Vilas Posterijen 1885 - 1888
Binnenlânske Saken 1888 - 1889
Charles Fairchild Finânsjen 1887 - 1889
Donald Dickinson Posterijen 1888 - 1889
Norman Colman Lânbou 1889

Kabinetsleden ûnder Cleveland (2e perioade) bewurkje seksje

KABINETSLEDEN MINISTEARJE Perioade Bysûnderheden:
Walter Gresham Bûtenlânske Saken 1893 - 1895 Minister fan Posterijen / Finânsjen ûnder Arthur
Hoke Smith Binnenlânske Saken 1893 - 1896 Daniel Lamont Oarloch 1893 - 1897
John Carlisle Finânsjen 1893 - 1897
Richard Olney Justysje 1893 - 1895
Bûtenlânske Saken 1895 - 1897
Hilary Herbert Marine 1893 - 1897
Wilson Bissell Posterijen 1893 - 1895
Julius Morton Lânbou 1893 - 1897
Judson Harmon Justysje 1895 - 1897
William Wilson Posterijen 1895 - 1897
David Francis Binnenlânske Saken 1896 - 1897