Cheyenne (Oklahoma)
Cheyenne is in plak (town) in de Amerikaanske steat Oklahoma, en falt bestjoerlik ûnder Roger Mills County.
Cheyenne | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Oklahoma | |
County | Roger Mills County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 801 (2010) | |
Oerflak | 2,6 km² | |
Befolkingsticht. | 310 / km² | |
Hichte | 600 m | |
Oar | ||
Stifting | 1892 | |
Tiidsône | UTC-6 | |
Simmertiid | UTC-5 |
It plak leit oan de US Highway 283 en de Oklahoma Highway 47.
Cheyenne wie it toaniel fan de Slach oan de Washita. Generaal George Armstrong Custer foel doe op 26 novimber 1868 mei de 7e FS kavallery opperhaad Swarte Tsjettel syn kamp oan. Goed 100 minsken ferlearen dêrby it libben.
Yn de jierren santich waard yn de omkriten in grutte ierdoalje- en ierdgas-foarried fûn. Fan 1973 oant 1993 waard 230.000.000 m³ gas wûn.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Museums/Histoaryske plakken - by RogerMills.org
- Washita Battlefield site - by National Park Service
- The Cheyenne Star (pleatslike krante)
- Ensyklopedy fan Oklahoma - Cheyenne (Town)