Joel H. Elliott (folút: Joel Haworth Elliott; Centerville (Indiana), 27 oktober 1840 – oan 'e rivier de Washita (Yndiaansk Territoarium), 27 novimber 1868) wie in Amerikaansk militêr fan etnysk Ingelsk komôf dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en de Flakte-Yndiaanske oarloggen focht. Hy sneuvele yn 1868 ûnder it Bloedbad oan 'e Washita.

Joel H. Elliott
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Joel Haworth Elliott
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 oktober 1840
berteplak Centerville (Indiana)
stoarn 27 novimber 1868
stjerplak oan 'e Washita (Yndiaansk Terr.)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18611868
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang kolonel (1864-1865)
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Komantsjekampanje
treffen(s) Bloedbad oan de Washita

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Elliott waard yn 1840 berne yn Centerville, yn 'e Amerikaanske steat Indiana, as de soan fan Mark Elliott (1813-1858) en dy syn frou Mary S. Haworth (1813-1902). Hy hie in âldere healsuster, Permelia, in âldere broer, William Quincy, en in jongere broer, Lewis Cassius.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) naam Elliott yn 1861 as sljochtwei soldaat tsjinst by it 2e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan Indiana. Yn 1863 krige er in ofsiersoanstelling yn it 7e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan Indiana, dêr't er yn 1864 mei de rang fan kolonel it befel oer krige. Datselde jiers naam Elliott mei syn rezjimint diel oan 'e ynfal yn Mississippy ûnder Benjamin Grierson.

Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch waard Elliott mei de rang fan majoar oansteld yn it reguliere Amerikaanske Leger. Hy waard tafoege oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint dat legere wie yn Fort Riley, yn Kansas. Dêr tsjinne er ûnder luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Op 27 novimber 1868 naam er diel oan 'e oanfal op it winterkamp fan it opperhaad Swarte Tsjettel fan 'e Súdlike Sjajinnen, oan 'e igge fan 'e rivier de Washita, yn it westen fan it Yndiaanske Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma). Dy oanfal rûn út op it Bloedbad oan de Washita, wêrby't it 7e Kavaleryrezjimint in grut diel fan 'e bewenners fan it kamp útmoarde.

Under dat foarfal skate Elliott him mei in lyts groepke fan njoggentjin manskippen ôf fan 'e trije kompanjyen dy't er oanfierde, om, nei't it skynt sûnder goedkarring fan Custer, efter guon flechtsjende Sjajinnen oan te jeien wylst er rôp: "In promoasje of in deakiste!" Letter die bliken dat Elliott-en-dy sa'n oardel kilometer fan it doarp fan Swarte Tsjettel ôf in groep Sjajinske, Arapaho- en Kajowa-krigers tsjinkommen wiene, dy't harren yn ien inkele stoarmrin ûnder de foet rûn en ferdylge hiene.

Elliott waard begroeven op it Nasjonaal Begraafplak Fort Gibson, yn Oklahoma. Custer syn abrupte weromlûking út it doarp, sûnder dat er fersterkings efter Elliott en de fermiste soldaten oan stjoerde, sette in protte kwea bloed by oare ofsieren. Neitiid soe it 7e Kavaleryrezjimint ferdield wêze yn twa kampen: de saneamde 'Custer-klyk', in groep famyljeleden en freonen fan Custer dy't yn it rezjimint de tsjinst útmakke, en in groep ofsieren dy't Custer ferspijden en neat fan him hawwe moasten. Ta dy lêste groep hearde kaptein Frederick Benteen, de kommandant fan H Kompanjy en in goede freon fan Elliott, dy't Custer nea ferjoech dat er Elliott-en-dy "yn 'e steek litten" hie, sa't Benteen dat seach.

Acht jier letter, doe't Benteen yn 'e Slach oan de Little Bighorn oarders yn 'e wyn sloech om Custer te fersterkjen, mei as gefolch de folsleine útrûging fan Custer en fiif kompanjyen fan 'e 7e Kavalery, waarden Benteen syn dieden dan ek yngeand ûnder de lûp nommen yn it ljocht fan 'e langjierrige fete dy't sûnt it Bloedbad oan 'e Washita tusken him en Custer bestie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: