William Ludlow
William Ludlow (Islip (New York), 27 novimber 1843 – Convent Station (Nij-Jersey), 30 augustus 1901) wie in Amerikaansk yngenieur en ofsier fan it Sjenykorps fan it Amerikaanske Leger. Hy focht yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, de Spaansk-Amerikaanske Oarloch en de Filipynsk-Amerikaanske Oarloch. Teffens wied er belutsen by de kontroversjele Ekspedysje nei de Black Hills, fan 1874, en hied er yn 1875 de lieding oer in wittenskiplike ekspedysje nei wat letter it Nasjonaal Park Yellowstone wurde soe. Ludlow brocht it ta de rang fan generaal-majoar foar't er yn 1901 beswiek oan tuberkuloaze.
William Ludlow | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | William Ludlow | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 27 novimber 1843 | |
berteplak | Islip (New York) | |
stoarn | 30 augustus 1901 | |
stjerplak | Convent Station (Nij-Jersey) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1864 – 1901 | |
yn tsjinst fan | Feriene Steaten | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Amerikaanske Leger | |
heechste rang | generaal-majoar (1898) | |
konflikt(en) | Amerikaanske Boargeroarloch Ekspedysje nei de Black Hills Grutte Sû-Oarloch fan 1876 Spaansk-Amerikaanske Oarloch Filipynsk-Amerikaanske Oarloch | |
treffen(s) | Slach by Peachtree Creek Atlanta-kampanje Shermans Mars nei de See Karolina's-kampanje Slach by El Caney Belis fan Santiago |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeLudlow waard yn 1843 berne yn Islip, op Long Island, yn 'e Amerikaanske steat New York, as de soan fan brigadegeneraal William H. Ludlow (1821-1890) en dy syn frou Frances Louisa Nicoll (1822-1887). Hy hie in âldere broer, Nicoll Ludlow (1842-1915) en in jongeren-ien, Newton Perkins Ludlow (1846-1858). Ludlow genoat syn ûnderwiis oan 'e Universiteit fan de Stêd New York, en folge neitiid in ofsiersoplieding oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point. Hy studearre dêr ôf ûnder it lêste jier fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, yn juny 1864, en waard as twadde luitenant tafoege oan it Sjenykorps fan it Amerikaanske Leger.
Tsjinst ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch
bewurkje seksjeYn 'e Boargeroarloch tsjinne Ludlow yn 'e Atlanta-kampanje ûnder generaal-majoar Joseph Hooker. Fanwegen betoande moed op it slachfjild ûnder de Slach by Peachtree Creek waard er befoardere ta de rang fan kaptein. Neitiid tsjinne er yn 'e stêf fan generaal William Tecumseh Sherman ûnder dy syn Mars nei de See en syn Karolina's-kampanje. Yn maart 1865 waard Ludlow beneamd ta luitenant-kolonel, hoewol't er letter dat jiers yn rang weromset waard fanwegen in oerskot oan ofsieren doe't it leger yn fredestiid ôfslanke waard. Ludlow troude op 17 april 1866 yn St. Louis mei in Genevieve Almira Sprigg (1846-1926), mei wa't er ien dochter krige, Genevieve Sprigg Ludlow, dy't letter oan in Clement Griscom boaske.
Tsjinst nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch
bewurkje seksjeNei ôfrin fan 'e Boargeroarloch tsjinne Ludlow jierrenlang oan 'e Amerikaanske frontier, wêrby't er benammen legere wie yn 'e Dakota's. As haad fan 'e sjeny yn it Dakota-territoarium hied er yn 1874 it technysk tafersjoch oer de kontroversjele Ekspedysje nei de Black Hills, troch it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, dy't er as in freon beskôge. By dy ekspedysje waard der goud fûn yn 'e Black Hills, op lân dat hillich wie foar de Lakota-Yndianen, wat neitiid oanlieding joech ta de Goudkoarts fan de Black Hills.
Yn 1875 hie Ludlow de lieding oer in militêr-wittenskiplike ekspedysje nei wat letter it Nasjonaal Park Yellowstone wurde soe. Under de Grutte Sû-Oarloch fierde er it befel oer de sjenytroepen dy't dielnamen oan 'e simmerkampanje fan 1876. Yn 1877 wied er ien fan 'e ofsieren dy't de deakiste fan George Armstrong Custer droegen doe't dyselde werbegroeven waard te West Point, nei't er it jiers tefoaren omkommen wie yn 'e Slach oan de Little Bighorn. Yn lettere jierren tsjinne Ludlow ek yn 'e Amerikaanske federale haadstêd Washington, D.C., hied er it tafersjoch oer riviertransport en havenbestjoer yn Philadelphia, en wurke er yn it gebiet fan 'e Grutte Marren, yn Nikaragûa en yn 'e stêd New York.
Tsjinst yn 'e Spaansk-Amerikaanske en de Filipynsk-Amerikaanske Oarloch
bewurkje seksjeYn maaie 1898 waard er befoardere ta brigadegeneraal mei it befel oer alle Amerikaanske sjenytroepen yn it fjild. Under de Spaansk-Amerikaanske Oarloch, letter datselde jiers, fierde er op Kuba de 1e Brigade fan 'e difyzje fan generaal-majoar Henry W. Lawton oan yn 'e Slach by El Caney en it Belis fan Santiago. Nei de Amerikaanske oerwinning yn dy oarloch tsjinne Ludlow as de militêre gûverneur fan Santiago en fierde er it befel oer it militêre Departemint fan Havana.
Yn septimber 1898 waard Ludlow nochris befoardere, no ta generaal-majoar. Yn april 1901 waard er ûnder de Filipynsk-Amerikaanske Oarloch (1899-1902) nei de Filipinen ta stjoerd, dêr't er koarte tiid it befel hie oer it militêre Departemint fan de Visayas. Doe't lykwols ûntdutsen waard dat er op Kuba in foarm fan tuberkuloaze oprûn hie dy't no yn fiergeande steat wie, kearde er yn juny fan datselde jier halje-trawalje werom nei de Feriene Steaten.
Ferstjerren
bewurkje seksjeLudlow kaam op 30 augustus 1901 oan tuberkuloaze te ferstjerren yn Convent Station, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey. Hy waard begroeven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, ûnder de reek fan Washington, D.C. Yn 1904 waard yn 'e haadstêd in legere skoalle, de William Ludlow Elementary School, nei him ferneamd, dy't ûnderwilens mei de Zachary Taylor Elementary School fúzjearre is ta de noch altyd besteande Ludlow-Taylor Elementary School.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |