Moardearn (Lakota: Waŋblí Kté, útspr.: ['wãbli: kte:], likernôch: "ûangblii ktee"; Ingelske oersetting: Kill Eagle; op 'e noardlike Grutte Flakten (Feriene Steaten), ±1827 – oan 'e rivier de Missoury, yn it Standing Rock Yndianereservaat (Súd-Dakota), 1885) wie in opperhaad fan 'e Lakota, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy waard benammen bekend troch syn dielname oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn 1876, wêrby't in Yndiaanske koälysje de Amerikaanske kavalery in ferpletterjende nederlaach tabrocht.

Moardearn
persoanlike bysûnderheden
echte namme Waŋblí Kté
oare namme Kill Eagle
nasjonaliteit (Sioux)
berne ±1827
berteplak op 'e noardlike Grutte Flakten
   (Feriene Steaten)
stoarn 1885
stjerplak yn it Standing Rock Ynd.res.
   (Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota-
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan 'e
   Swartfoet-Lakota
reden
  bekendheid
focht mei yn 'e
   Slach oan de Little Bighorn

Jonge jierren

bewurkje seksje

Moardearn waard omtrint 1827 berne yn it noardlike diel fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, mooglik yn 'e Dakota's, Nebraska, Wyoming of Montana. Syn heit hearde ta de Lakota-substamme fan 'e Brulee, en syn mem ta dy fan 'e Swartfuotten (net te betiizjen mei it Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten). Om't de Lakota-maatskippij matrilineêr wie (ôfstamming waard fia de mem rekkene), hearde Moardearn sels ta de Swartfoet-Lakota. As jongeman sleat Moardearn him oan by ien fan krigergenoatskippen fan 'e Lakota, en troch syn lidmaatskip dêrfan ûntjoech er him ta in foaroansteand kriger. Under de blanken krige er foar it earst bekendheid doe't er yn 1864 holp om 'e blanke frou Fanny Kelly, dy't troch de Lakota finzen nommen wie, frij te krijen.

Rol yn 'e oarloggen mei de blanken

bewurkje seksje

Yn 1866 naam Moardearn nei it ferstjerren fan syn heit dy syn funksje as opperhaad fan 'e Wažaža-troep fan 'e Swartfuotten oer. Datselde jiers briek de Oarloch fan Reade Wolk út, wêrby't de Lakota en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, ûnder lieding fan it Oglala-opperhaad Reade Wolk mei súkses besochten en ferdreau it Amerikaanske Leger út syn forten oan it Bozeman Trail. Yn 1868 wie Moardearn ien fan 'e ûndertekeners fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, dat in ein oan 'e oarloch makke. Dêrmei stimde er der û.m. yn ta om him mei syn troep binnen de grinzen fan it Grutte Sû Reservaat te fêstigjen. Tsjin 1870 wie Moardearn syn troep de op ien nei grutste fan 'e Swartfuotten, en hiene se har nei wenjen set oan 'e igge fan 'e rivier de Missoury, yn 'e neite fan it Standing Rock Agintskip, yn it noarden fan wat no Súd-Dakota is. Dêr eksperimintearren se mei lânbou en ûnderholden se har mei de rantsoenen dy't se ûntfongen fan it Buro fan Yndiaanske Saken fia de Yndiaansk agint fan Standing Rock.

Doe't yn 1876 de Grutte Sû-Oarloch útbriek, wie Moardearn net fan doel om him dêryn te mingen. Mar as ûnderdiel fan 'e Amerikaanske oarlochsstrategy stelde it regear fan 'e Feriene Steaten in wapen- en munysje-embargo tsjin 'e Lakota yn, en dat trof ek de 'loyale' Lakota yn it Grutte Sû Reservaat. Mei't er deroer yn noed siet dat de troch de oerheid levere rantsoenen net genôch wêze soene om syn folk itende te hâlden, sette Moardearn yn maaie 1876 yllegaal út it reservaat wei ôf mei sa'n 26 tipys by him, wylst de rest fan 'e troep ûnder it liederskip fan Reade Hauk yn 'e neite fan it Standing Rock Agintskip bleau. It doel fan Moardearn wie om in grutte bizonjacht te hâlden, dêr't er genôch fleis mei gearbringe koe om it in moai hoart mei út te sjongen.

Dy jachtpartij slagge, mar op 'e weromwei nei it reservaat kamen Moardearn-en-dy deunby it grutte Yndiaanske doarp oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn lâns dêr't de Lakota fan 'e foaroansteande medisynman Sittende Bolle en it opperhaad Mâl Hynder, en de Sjajinnen fan Twa Moannen gearkommen wiene foar it sinnedûnsritueel. Hja besleaten dêr oan te gean om oan it ritueel diel te nimmen. Doe't op 17 juny in grut part fan 'e krigers útried om it yn 'e Slach oan de Rosebud op te nimmen tsjin 'e Amerikaanske troepen fan brigadegeneraal George Crook, wegere Moardearn him yn 'e oarloch te mingen, wat him net yn tank ôfnommen waard troch syn militantere folksgenoaten.

Lykwols befûnen en syn lytse troepke har noch altyd yn it doarp fan Sittende Bolle doe't dat op 25 juny oanfallen waard troch it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, by wat de Slach oan de Little Bighorn komme soe te hjitten. By dy gelegenheid wie it in kwestje fan klearebare selsbehâld om mei te fjochtsjen, mei't de Amerikanen gjin ûnderskie makken tusken fijannige en freonlike Yndianen. Likegoed hiene Moardearn-en-dy gjin grut oandiel yn 'e striid, en neitiid glûpten se gau-gau fuort, wêrnei't se har op 15 septimber by it Standing Rock Agintskip oerjoegen oan 'e Amerikaanske autoriteiten. Moardearn waard dêrnei troch Amerikaanske legerofsieren ûnderfrege oer de gong fan saken yn 'e Slach oan de Little Bighorn, en syn ferhaal waard rûnom ôfprinte yn 'e kranten as it earste Yndiaanske perspektyf op 'e nederlaach fan Custer. Dêrmei wûn er in beskate ferneamdens. Neitiid waarden hy en syn troep hast in jier lang troch de Amerikanen as kriichsfinzenen behannele, en moast in oare haadman, Goes, sa lang it opperhaadskip fan 'e Wažaža-troep útoefenje.

Lêste jierren en dea

bewurkje seksje

Yn 1877 waard Moardearn troch de Amerikanen wer erkend as opperhaad, wêrnei't er de rest fan syn libben yn it Standing Rock Agintskip fan it Grutte Sû Reservaat trochbrocht. By de folkstelling dy't dêr yn septimber 1881 holden waard, wie Moardearn de lieder fan in lytse troep fan 25 gesinnen mei yn totaal 123 minsken. Syn eigen gesin bestie út himsels, syn frou Earstberne en trije dochters, dy't fan Medisynfrou, Dwaze Frou en Tsjep Gesicht hieten. Fierders hied er fjouwer hynders, fiif kij, twa hûnen en tolve hinnen. Teffens waard optekene dat Moardearn twa acres boulân yn kultuer brocht hie. Yn 1885 ferdwûn Moardearn syn namme út 'e folkstellings- en rantsoenearringsdokumintaasje, wat suggerearret dat er dat jiers stoarn is, yn 'e âlderdom fan 58 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side.