Boston Custer (New Rumley (Ohio), 31 oktober 1848 – oan 'e rivier de Little Bighorn (Montana), 25 juny 1876) wie in Amerikaansk boarger-foerazjeur yn 'e tsjinst fan it Amerikaanske Leger. Hy wie de jongste broer fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer en kaptein Tom Custer, mei wa't er yn 1876 yn súdlik Montana omkaam yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Boston Custer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Boston Custer
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 31 oktober 1848
berteplak New Rumley (Ohio)
stoarn 25 juny 1876
stjerplak oan 'e Little Bighorn (Montana)
etnisiteit Dútsk
Ingelsk
Skotsk
wurkpaad
berop/amt foeraazjemaster
jierren aktyf 18741876
reden
  bekendheid
sneuvele yn 'e ferneamde
   Slach oan de Little Bighorn

Komôf en famylje

bewurkje seksje

Custer waard yn 1848 berne yn New Rumley, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, as de soan fan boer en hoefsmid Emanuel Henry Custer (1806-1892) en dy syn frou Marie Ward Kirkpatrick (1807-1882). Oan syn heitekant stamme er ôf fan Paulus en Gertrude Küster, Dútske emigranten út it Rynlân dy't omtrint 1693 oerkommen wiene nei Amearika. Syn mem wie fan mingd Ingelsk en Skotsk etnysk komôf.

Boston Custer wie de fjirde en jongste soan yn it gesin fan syn âlden. Syn âldste broer Nevin koe fanwegen astma en rimmetyk net yn it leger, en waard sadwaande boer. Syn twadde broer wie George Armstrong Custer, dy't it ta luitenant-kolonel yn it Amerikaanske Leger brocht en ferneamd waard as de fjildkommandant fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint. De trêde broer, Tom Custer, waard kaptein yn itselde rezjimint. Fierders wie der in suster, Margaret, dy't troude mei luitenant James Calhoun, dy't ek al by de 7e Kavalery tsjinne. Teffens wiene der noch ferskate âldere healbruorren en -susters.

Om't er in swakke sûnens hie, koe Boston Custer net lykas syn bruorren George en Tom tsjinst nimme yn it Amerikaanske Leger. Lykwols naam George him oan as foeraazjemaster fan syn kontroversjele Ekspedysje nei de Black Hills, yn 1874, wêrby't goud yn 'e Black Hills fûn waard, op lân dat hillich wie foar de Lakota, mei de Goudkoarts fan 'e Black Hills ta gefolch. Twa jier letter, ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, waard Boston Custer op 'e nij oannommen troch it 7e Kavaleryrezjimint, diskear as foerazjeur en fersoarger fan 'e hynders, mar ek as opbiner en lieder fan 'e pakezels, as gids en foar in lyts part as ferkenner.

Op 25 juny 1876 naam Custer diel oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn súdlik Montana, wêrby't it 7e Kavaleryrezjimint ferslein en foar in grut part útrûge waard troch in Yndiaanske koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Dy deis befûn Boston Custer him mei syn achttjinjierrige omkesizzer Autie Reed by de bagaazjetrein hielendal efteroan 'e marsfolchoarder fan it rezjimint, mar doe't se fan boadskippers te hearren krigen dat luitenant-kolonel Custer om 'e reservemunysje frege hie foar it kommende gefjocht, laten se harren pakezels gau-gau nei foarren ta, en foegen se har by de fiif kompanjyen dy't Yndianen út it noarden wei oanfoelen.

 
De grêfsark fan Boston Custer (lofts).

Sa kaam Boston Custer yn 'e mande mei syn bruorren George en Tom, syn omkesizzer Autie Reed en syn sweager James Calhoun om doe't de troepen op in heuveltop besingele rekken en troch de oermacht oan Yndiaanske krigers alhiel ferdylge waarden. De rest fan 'e bagaazjetrein waard mei de oare sân kompanjyen fan it rezjimint twa dagen lang belegere, mar kaam net folle oer. As Boston Custer op syn post bleaun wie, hied er de slach dus foar 't neist gewoan oerlibbe. Op it plak op Custer Hill (sa't de heuveltop no hjit) dêr Boston Custer syn lichem fûn waard, stiet no in moarmeren tinkteken.

Nei't er earst provisoarysk op it slachfjild begroeven wie, waard it stoflik omskot fan Boston Custer in goed jier letter mei dat fan Autie Reed werbegroeven op it Woodland Begraafplak yn Monroe, yn Michigan, dêr't se famylje te wenjen hiene. Sy wiene de iennichste útsûnderings op 'e regel dat inkeld de liken fan 'e ofsieren werombrocht waarden nei it easten, wylst de beïerdiging fan sljochtwei soldaten en boargers op it slachfjild plakfûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography, op dizze side.