Goudkoarts fan de Black Hills
In Goudkoarts fan de Black Hills wie in goudkoarts dy't yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw plakfûn yn 'e Black Hills, yn 'e súdwesthoeke fan it Dakota-territoarium, yn wat letter de Amerikaanske steat Súd-Dakota wurde soe. Dit barren fûn tsjin alle ferdraggen yn plak op Yndiaansk lân en lokke sa de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 út.
Skiednis
bewurkje seksjeGeroften en min ûnderboude ferslaggen fan goud yn 'e Black Hills giene tebek oant yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw, doe't in Ezra Kind yn 1833 in grutte goudfynst yn it gebiet dien hawwe soe ear't er troch de Lakota deade waard. Yn 'e 1860-er jierren seach de roomske misjonaris Pierre-Jean de Smet guon Yndianen gouden sieraden omrinnen. Doe't er dernei fernaam wêr't se dat goud wei hiene, waard him ferteld dat it út 'e Black Hills kaam. Dy heuvels wiene lykwols hillich foar de Lakota, en by it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, dêr't de Oarloch fan Reade Wolk mei beëinige waard, stie it Amerikaanske regear it gebiet yn 1868 ôf oan 'e Lakota. Neitiid makken de Black Hills sadwaande ûnderdiel út fan it Grutte Sû Reservaat.
Nettsjinsteande dat se de Black Hills 'foar ivich' oan 'e Yndianen taparte hiene, stjoerde it Amerikaanske regear yn 1874 it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint ûnder luitenant-kolonel George Armstrong Custer op 'en paad om te ûndersykjen wat der wier wie fan 'e geroften oer goud yn 'e Black Hills. Under dy Ekspedysje nei de Black Hills waard yn 'e French Creek, deunby it hjoeddeistige plak Custer, yndie goud oantroffen. Custer skreau op 15 augustus yn in brief oer de ûntdekking oan 'e assistint-adjudant-generaal fan it militêre Departemint fan Dakota dat "der gjin twifel bestiet oer it foarkommen fan ferskate metalen ferspraat troch de heuvels." Syn berjocht waard troch de ferkenner Charley Reynolds nei Fort Laramie ta brocht, en dêrwei waard it nei it easten fan 'e Feriene Steaten ta tillegrafearre.
Motivearre troch de ekonomyske panyk fan 1873 en troch klearebare habsucht brocht dat berjocht in floedweach fan goudsikers op gong, dy't sûnder har wat gelegen lizze te litten oan 'e ferdraggen it lân fan 'e Yndianen ynkrongen om dat te ekploitearjen. Dizze Goudkoarts fan 'e Black Hills sette yn it neijier fan 1874 daliks nei ôfrin fan Custer syn ekspedysje útein, en doe't de wittenskiplike Newton-Jenney-ekspedysje yn 1875 de oanwêzigens fan weardefolle grûnstoffen yn it gebiet befêstige, berikte de goudkoarts yn 1876 en 1877 in hichtepunt. De goudfoarrieden yn 'e French Creek blieken ôf te fallen, mar yn novimber 1875 waard yn 'e Deadwood Gulch in grut goudfjild oantroffen, en ûntstie dêr deunby it stedsje Deadwood, dêr't tûzenen goudsikers op ôfswaarmen.
Nei de goudfynst besochten de Amerikaanske autoriteiten de Lakota safier te krijen dat se de Black Hills ôfstiene, mar dêr woene de Yndianen neat fan witte. Doe't it Amerikaanske Leger befel krige om op te hâlden mei it tsjinkearen fan 'e goudsikers dy't nei it lân fan 'e Yndianen ta woene, setten de Lakota útein om 'e dan sels mar de ynkringers fan har lân te warjen. Dêrby foelen deaden, wat úteinlik late ta it útbrekken fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876. Yn dat konflikt waarden de Lakota en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, definityf ferslein.
Nei ôfrin fan 'e oarloch naam it Amerikaanske regear yn 1877 de Black Hills tsjin alle ferdraggen yn fan 'e Lakota ôf. Yn 1980 wiisde it Amerikaansk Heechgerjochtshôf oan acht Lakota- en oare Sû-stammen in skeafergoeding fan goed $105 miljoen ta: $17,1 miljoen dollar foar de merkwearde fan it lân yn 1877 en $88 miljoen oan rinte (fan 5% it jier). Mei't it hôf lykwols wegere en erken harren rjochten op it lân sels, stegeren de Lakota de skikking ôf. De Goudkoarts fan 'e Black Hills belune tsjin ein 1877 en einige yn 1878 en 1879. De measte goudsikers ferlieten doe de Black Hills. De mearderheid reizge fia de rivier de Missoury werom nei Kansas, dêr't se foar it grutste part oarspronklik ek wei kamen. Guon profesjonele organisaasjes setten lykwols noch jierren troch mei it eksploitearjen fan 'e Black Hills op in yndustriële manear, dy't foar yndividuële goudsikers net helber wie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |