Deadwood (Súd-Dakota)

Deadwood (Ingelsk foar "deadhout"; Lakota: Owáyasuta, "goedkarring" of "befêstiging") is in lytseftige delsetting mei de status fan stêd yn it westen fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. It is it haadplak fan it omlizzende Lawrence County. Deadwood waard yn 1876, ûnder de Goudkoarts fan de Black Hills, stifte troch blanke goudsikers dy't yllegaal it lân fan 'e Lakota-Yndianen binnenkrongen wiene. Se neamden harren delsetting nei in stikmannich deade beammen dy't se yn in ravyn oantroffen. Yn syn heechtijdagen hie Deadwood in befolking fan 5.000 minsken en loek it grutte nammen oan út 'e tiid fan it Wylde Westen, ûnder wa Wyatt Earp, Calamity Jane en Wild Bill Hickok, dy't yn Deadwood fermoarde waard. Neffens in offisjele skatting út 2015 hie it stedsje doe minder as 1.300 ynwenners. Yn 1961 krige it hiele plak de monumintale status fan in nasjonaalhistoarysk plak omreden fan 'e goed bewarre bleaune arsjitektuer út 'e tiid fan 'e goudkoarts.

Deadwood
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Súd-Dakota
County Lawrence County
Sifers
Ynwennertal 1.264 (2016)
Oerflak 9,9 km² (ynkl. wetter)
9,9 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 127,8 / km²
Hichte 1.381 m
Oar
Stifting 1876
Tiidsône UTC –7
Simmertiid UTC –6
Koördinaten 44°22′36″N 103°43′45″W
Offisjele webside
www.deadwood.com
Kaart
De lizzing fan Deadwood yn Lawrence County en yn 'e steat Súd-Dakota.

Deadwood leit yn it westlik part fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, op in hichte fan 1.381 m boppe seenivo, oan 'e noardkant fan 'e Black Hills. Dat is in lyts rotsich en alhiel mei nullebeammen begroeid geberchte dat boppe de prêrje fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika útstiket. Deadwood hat in oerflak fan 9,92 km², dat frijwol hielendal út grûn bestiet, om't er de amper oerflaktewetter is.

De krite dêr't Deadwood no leit, hearde ta lân dat, krekt as de rest fan 'e Black Hills, neffens it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, fan 1868, tawiisd wie oan 'e Lakota. De Lakota binne in Yndiaanske etnyske groep dy't ta (Sioux) heart, en dy't de Black Hills as in hillich plak beskôgje. Yn 'e simmer fan 1874 late luitenant-kolonel George Armstrong Custer lykwols in Ekspedysje nei de Black Hills fan it Amerikaanske Leger, wêrby't yn dat berchtme goud ûntdutsen waard. Dat joech oanlieding ta de Goudkoarts fan de Black Hills, wêrby't blanke goudsikers op it gebiet taswaarmen en har neat gelegen lizze lieten oan it feit dat se har yllegaal op Yndiaansk lân bejoegen.

 
In foto fan Deadwood yn 1876.

Ein 1875 of begjin 1876 waard troch de goudsikers in delsetting oan 'e noardkant fan 'e Black Hills stifte, dy't nei in stikmannich deade beammen, dy't dêr yn in ravyn oantroffen waarden, de namme Deadwood krige. Deadwood wie yn 't earstoan in yllegaal en wetteleas plak, dêr't it rjocht fan 'e sterkste gou. De befolking woeks yn minder as in jier tiid oan ta likernôch 5.000 minsken. Dat wiene net inkeld goudsikers, mar ek slûchslimme ûndernimmers, lykas salooneigners en bordeelhâlders, dy't net foar it goud kamen, mar foar de goudsikers sels, dy't in folle betrouberder boarne fan ynkomsten foarmen. Ferskate madammen út Deadwood waarden by namme bekend, ûnder wa Dora DuFran, de rykste frou fan 'e stêd, en Mollie Johnson.

Yn it foarjier fan 1876 laten de frontiersman Charlie Utter en syn broer Steve in karavaan kapweinen út Cheyenne (Wyoming) nei Deadwood ta, dy't alderhanne guod ferfierde dêr't yn it nije stedsje ferlet fan wie (wêrûnder mear prostituees, lykas Eleanor Dumont, dy't bekend stie as 'Madame Moustache', en Dirty Em). Ek ferskate gokkers reizgen mei Utter nei Deadwood, ûnder wa Wild Bill Hickok, dy't ek bekend wie as revolverman. Hy waard op 2 augustus 1876 yn Nuttal & Mann's Saloon yn Deadwood fan efteren deasketten en neitiid op it pleatslike boot hill-begraafplak Mount Moriah Cemetery begroeven. Dêr binne ek de grêven fan Calamity Jane, in oare tige ferneamde persoan út 'e tiid fan it Wylde Westen, en fan minder bekende figueren, lykas Seth Bullock. Oare bekende persoanen dy't Deadwood yn syn begjintiid oandiene, wiene Wyatt Earp, Sol Star, Martha Bullock en Valentine McGillycuddy.

De moardner fan Hickok, in Jack McCall, waard foar de moard yn Deadwood berjochte en frijsprutsen, mar letter waard er op 'e nij foar de rjochter brocht. Hoewol't men yn it Amerikaanske strafrjocht net twaris foar itselde fergryp (double jeopardy) berjochte wurde kin, lei dat yn dit gefal oars, om't Deadwood in yllegaal plak wie, en de dêr holden rjochtsaak dus net erkend waard troch de Amerikaanske autoriteiten. McCall koe dêrom op 'e nij berjochte wurde, en diskear waard er skuldich befûn oan moard en neitiid ophongen.

 
Utsjoch oer Deadwood yn 'e 1890-er jierren.

Geandewei 1876 waard foar it goudsykjen oerstapt fan goudpanjen op wiere mynbou. Dat wie mear wat foar bedriuwen, dat de measte yndividuële goudsikers sochten har heil doe earne oars yn 'e Black Hills of teagen hielendal út 'e krite fuort. Dêrmei ferlear Deadwood stadichoan wat fan syn rûgens, en begûn it út te groeien ta in wolfarrend mynstedsje. Op 12 augustus 1876 briek der in epidemy fan 'e pokken út, dêr't safolle lju siik fan rekken, dat der karantênetinten opset waarden 'e siken fan 'e sûnen te skieden. Yn dyselde snuorje late generaal George Crook syn troepen yn it ramt fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 fanôf de rivier de Rosebud yn Montana nei it easten ta op in fjildtocht dy't bekend kaam te stean as de Hynstefleismars, om't de soldaten úteinlik inkeld noch harren eigen hynders hiene om op te iten. Dy fjildtocht einige mids septimber yn Deadwood.

Septimber 1876 wie ek de moanne dat in Tom Miller yn Deadwood de Bella Union Saloon iepene. In oare ferneamde saloon, it Gem Variety Theater, waard yn april 1877 yn Deadwood iepene troch ûndernimmer Al Swearengen. Dat baarnde lykas yn 1879 ôf en op 'e nij yn 1899. De brân fan 1879 wie in stedsbrân, dy't op 26 septimber fan dat jier mear as trijehûndert gebouwen yn Deadwood yn 'e jiske lei. Yn 1883 waard yn it stedsje op inisjatyf fan rjochter Squire P. Romans elektrisiteit oanlein, sadat der strjitferljochting komme koe mei gloeilampen (dy't yn 1879 troch Thomas Alva Edison útfûn wiene).

In spoarwei mei smelpoar, de Deadwood Central Railroad waard yn 1888 oanlein op inisjatyf fan myneigner J.K.P. Miller en syn sakepartners, dy't it spoar brûkten om goud út harren minen te ferfieren. Yn 1893 waard it spoar oankocht troch de Chicago, Burlington and Quincy Railroad, dy't der oant 1930 gebrûk fan makke. Dêrnei waard it ôftanke, útsein it trajekt fan Kirk nei Fantail Junction, dat omboud waard ta standertspoar en diel útmakke fan it Amerikaanske spoarnetwurk oant it yn 1984 ôftanke waard troch de Burlington Northern Railroad.

Yn septimber 1959 wie der wer in grutte brân yn Deadwood, wêrby't 1.800 ha fan 'e stêd yn flammen opgie. Hast 3.600 brânspuitlju fan 'e brânwachten fan 'e Homestake-myn yn it oanbuorjende Lead, de Loftmachtbasis Ellsworth en it 109e Bataljon Sjeny fan 'e Nasjonale Garde fan Súd-Dakota hiene der klauwen oan om foar te kommen dat it hiele stedsje troch de brân ferwuostge wurde soe. Yn 1961 waard hiel Deadwood, omreden fan 'e goed bewarre bleaune njoggentjinde-iuwske frontier-arsjitektuer, útroppen ta in nasjonaalhistoarysk plak. Yn 'e 1960-er en 1970-er jierren belune de befolking fan Deadwood fierder. Ien fan 'e oarsaken dêrfan wie de oanlis fan 'e autodyk Interstate 90, yn 1964, dy't it ferkear by it stedsje lâns late ynstee fan derhinne. Nei in ynfal troch de plysje giene yn 1980 de oant dy tiid gedoogde lêste bordelen ticht.

 
It wierskynlike plak fan 'e histoaryske Nuttal & Mann's Saloon, oan 624 Main Street, dêr't Wild Bill Hickok op 2 augustus 1876 deasketten waard.


In brân wêrby't yn desimber 1987 it histoaryske Syndicate Building yn flammen opgie, late ta nije belangstelling foar Deadwood. Der ûntstiene plannen om gokken yn it stedsje te legalisearjen om 'e fertuteaze pleatslike ekonomy te stypjen. Deadwood wie de earste lytse mienskip yn 'e Feriene Steaten bûten de Yndianereservaten dy't gokken legaal meitsje woe. It Steatskongres fan Súd-Dakota stimde yn 1989 mei it plan yn. Neitiid brochten gokkers yn Deadwood yndie in protte nij jild yn 't laadsje, mar de oantallen wêrmei't se op it stedsje ta kamen, hiene ek negative effekten op 'e histoaryske yntegriteit fan wat ommers eins in monumint wie.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
It Gem Variety Theater yn 1878.

Fan in hichtepunt fan likernôch 5.000 minsken yn 1876 gie de befolking fan Deadwood omleech nei 3.800 yn 1880 en 2.400 yn 1890. Yn 1900 wiene der wer 3.400 ynwenners en yn 1910 wie de befolking fierder oanwoeksen ta 3.600 minsken, mar dêrnei gie it ynwennertal wer omleech nei 2.400 yn 1920. Under de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren teagen der noch mear lju fuort, mar tsjin 1940 wie de befolking wer oanwoeksen ta 4.100 minsken.

Sûnt is it mei it ynwennertal fan Deadwood allinnich noch mar efterút gien, fan 3.200 yn 1950 fia 3.000 yn 1960, 2.400 yn 1970, 2.000 yn 1980 en 1.800 yn 1990 nei 1.400 yn 2000 en 1.300 yn 2010. Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Deadwood yn 2016 in befolking fan 1.264 minsken. Dat is in fermindering mei 0,5% yn ferhâlding mei 2010. De befolkingstichtens bedroech yn 2016 127,8 minsken de km².

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Deadwood 17,8% âlder as 65 jier en 15,0% jonger as 18 jier. Fierders bestie 44,6% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 10,8% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe, ynkl. 19,4% fan 'e leeftydskategory fan ûnder de 18 jier. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 91,5% blanken; 3,4% Latino's; 1,8% Yndianen; 0,5% Aziaten; 0,2% swarten; 0,6% oaren; en 2,0% fan mingd etnysk komôf.

 
It stedhûs fan Deadwood yn 1890.
 
It grêf fan Wild Bill Hickok.

Berne yn Deadwood

bewurkje seksje

Stoarn yn Deadwood

bewurkje seksje

Deadwood hat in lânklimaat, mei waarme simmers (hoewol mei koele nachten) en kâlde winters. De maityd is koart en wurdt karakterisearre troch buiïgens, sawol fan rein as wiete snie. De hjerst is oer it algemien drûch mei sinneskynwaar, mei de earste nachtfroast om 23 septimber hinne en de earste snie om 5 oktober hinne. Yn july en augustus, de waarmste moannen, is de trochsneed temperatuer oerdeis 27 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 1 °C. Rekôrtemperatueren wiene 39,4 °C op 10 july 1954 en –34,4 °C op ferskate dagen yn desimber 1989. Deadwood kriget jiers trochinoar 721 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 261,6 sm snie. Dêrmei is Deadwood ien fan 'e wietste plakken yn Súd-Dakota, mei't it grutste part fan 'e steat yn trochsneed minder as 640 mm delslach yn 't jier kriget.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.