Gemeentehûs

(Trochferwiisd fan Stedhûs)

In gemeentehûs, yn stêden almeast stedhûs, stedshûs of riedhûs neamd, is in gebou dêr't de amtners fan de gemeente, de boargemaster en wethâlders yn arbeidzje en dêr’t de gemeenterie gearkomt. It gebou is eigendom fan de gemeente.

It eardere stedhûs fan de gemeente Drylts yn 2014

In gemeentehûs hat ferskate ôfdielings, bygelyks in ôfdieling Boargersaken foar berte-oanjeften, it ôfheljen fan rydbewizen en paspoarten.

By in gemeente dy’t benammen út stedske gebieten bestiet, wurdt in gemeentehûs faak in stedhûs neamd. Dêrneist wurdt it yn Nederlân ek wol riehûs neamd, it hûs dêr’t de rie gearkomt. Ek gemeentekantoar en stedskantoar komme foar.

In dielgemeente is festige yn in dielgemeentekantoar. In stedsdiel is húsfeste yn in stedsdielkantoar.

Yn in gemeentehûs is meastal in trouseal oanwêzich dêr’t it boargerlik houlik sletten wurdt.

Keppeling om utens

bewurkje seksje