Hynstefleismars
(ûnderdiel fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876)
datum: augustus en septimber 1876
plak: súdlik Montana, de westlike Dakota's
útkomst: de Slach by Slim Buttes
konfliktpartijen
Lakota
Noardlike Sjajinnen
Noardlike Arapaho
Feriene Steaten


befelhawwers
Sittende Bolle
Mâl Hynder
Amerikaansk Hynder
George Crook
Anson Mills
Eugene A. Carr
sterkte
±2.000 2.200

De Hynstefleismars (Ingelsk: Horsemeat March), soms ek wol de Drekmars (Mud March) of de Hongermars (Starvation March) neamd, wie in militêre ekspedysje dy't yn 'e simmer fan 1876 yn it ramt fan 'e Grutte Sû-Oarloch ûndernommen waard troch it Amerikaanske Leger yn súdlik Montana en it westen fan wat letter Súd-Dakota wurde soe. Dizze fjildtocht stie ûnder befel fan brigadegeneraal George Crook, en hie ta doel om nei de foar de Amerikanen desastreus ferrûne Slach oan de Little Bighorn de Lakota en de Noardlike Sjajinnen te straffen. Mei't de ekspedysje min tarist wie en behindere waard troch drekkige omstannichheden, rekken de rantsoenen foartidich op en wiene de soldaten twongen om har eigen hynders op te iten. De Hynstefleismars einige mei de Slach by Slim Buttes.

Foarskiednis

bewurkje seksje

Under de simmerkampanje Grutte Sû-Oarloch fan 1876 besocht it Amerikaanske Leger om 'e opstannige Lakota, en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, fan trije kanten ôf yn 'e skjirre te nimmen. Ut it noarden kaam de Montana-kolonne, ûnder befel fan kolonel John Gibbon, dy't op 30 maart ôfsette út Fort Ellis. Ut it easten wei kaam brigadegeneraal Alfred Terry mei de Dakota-kolonne út Fort Abraham Lincoln, dy't op 17 maaie ôfsette. En út it suden teach op 29 maaie brigadegeneraal George Crook op, mei de Wyoming-kolonne út Fort Fetterman.

Op 17 juny waarden de troepen fan Crook lykwols tsjinkeard yn 'e Slach oan de Rosebud, wêrnei't dy in skoft op dat plak stilhâlde moasten en effektyf útskeakele wiene. Dat liet romte foar de ferpletterjende nederlaach dy't de Yndianen op 25 juny yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn tabrochten oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, dat it meastepart fan Terry syn troepemacht omfieme. Pas nei't er fersterkings en nije foarrieden ûntfongen hie, koe Crook yn begjin augustus syn opmars fuortsette, mar tsjin dy tiid hiene de Yndianen har al yn lytse troepkes opspjalten en wiene se alle kanten útspatten.

 
Soldaten slachtsje in hynder ûnder de Hynstefleismars.

De fjildtocht

bewurkje seksje

Crook stie oan it haad fan in troepemacht fan sa'n 2.200 man, besteande út 1.500 man kavalery en 450 man ynfantery. De kavalery omfieme de Kompanjyen A, B, D, E en I fan it Amerikaanske 2e Kavaleryrezjimint, de Kompanjyen A, B, C, D, E, F, G, I, L en M fan it 3e Kavaleryrezjimint ûnder kaptein Anson Mills en de Kompanjyen A, B, C, D, E, F, G, I, K en M fan it 5e Kavaleryrezjimint ûnder luitenant-kolonel Eugene A. Carr. Crook syn ynfantery waard foarme troch de Kompanjyen D, F en G fan it 4e Ynfanteryrezjimint, de Kompanjyen C, G en H fan it 9e Ynfanteryrezjimint en de Kompanjyen B, C, F en I fan it 14e Ynfanteryrezjimint. Fierders hie Crook 240 Yndiaanske ferkenners by him, en teffens in groep boargerwurknimmers fan it Leger, wêrûnder de blanke ferkenners Frank Grouard, John Wallace Crawford (byneamd 'Captain Jack'), Baptiste Pourier (byneamd 'Big Bat') en Baptiste Garnier (byneamd 'Little Bat'). Ek ferskate sjoernalisten, lykas Robert Edmund Strahorn en John F. Finerty, hiene har by Crook syn troepen jûn.

It wie Crook syn opdracht en bedoeling om 'e Lakota en de Noardlike Sjajinnen dy't ferantwurdlik wiene foar de pynlike Amerikaanske nederlaach yn 'e Slach oan de Little Bighorn, op te spoaren en mei har ôf te weven. De Yndianen wiene lykwols nearne te bekennen, en doe't Crook by min waar mei swiere reinfal út súdlik Montana wei opteach nei it easten, yn 'e rjochting fan 'e Black Hills fan 'e Dakota's, koene syn troepen mar stadich foarút komme fanwegen de drekkige omstannichheden. Troch de breklike tarissing en de opmars dy't folle stadiger gie as ferwachte, rekken de rantsoenen op, en wiene de soldaten úteinlik twongen om harren eigen hynders op te iten om net te ferhongerjen.

Oan 'e ein fan 'e earste wike fan septimber hie Crook syn troepemacht einlings en te'n lêsten de Black Hills berikt, dêr't er in ôfdieling kavalery nei it goudsikersstedsje Deadwood ta stjoerde om om iten te biddeljen. Underweis dêrhinne state dizze ôfdieling kavalery, ûnder kaptein Anson Mills, by tafal op in Yndiaansk kamp, te witten it doarp fan it Lakota-opperhaad Amerikaansk Hynder de Aldere. By moarnsdage op 9 desimber foelen Mills en syn manskippen dat kamp oan, ek al lei it binnen de grinzen fan it Grutte Sû Reservaat. Dat late ta de Slach by Slim Buttes, wêrby't it Yndiaanske kamp ferovere waard. Letter dyselde deis arrivearre Crook mei syn haadmacht op it slachfjild. De hongerige soldaten plonderen de winterfoarrieden fan 'e Yndianen en stillen sa har slimste honger. De Hynstefleismars einige op 13 septimber, doe't Crook einlings en te'n lêsten kontakt makke mei syn bagaazjetrein.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.