John Wallace Crawford
John Wallace Crawford (Carndonagh (Ierlân), 4 maart 1847 – Woodhaven (New York), 27 febrewaris 1917), byneamd Captain Jack en the Poet Scout ("de Dichter-Ferkenner"), wie in Amerikaansk ferkenner, artyst en aventoersman fan Ulstersk en Skotsk etnysk komôf. Hy waard bekend as ferkenner foar it Amerikaanske Leger ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, doe't er as boadskipper de lange en gefaarlike tocht nei Fort Laramie makke om tynge te dwaan fan 'e Amerikaanske oerwinning yn 'e Slach by Slim Buttes. Letter ûntjoech er him ta ien fan 'e meast ferneamde en populêrste wyldwest-artysten fan it lân.
John Wallace Crawford | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | John Wallace Crawford | |
oare namme | Captain Jack | |
nasjonaliteit | Britsk Amerikaansk | |
berne | 4 maart 1847 | |
berteplak | Carndonagh (Ierlân) | |
stoarn | 27 febrewaris 1917 | |
stjerplak | Woodhaven (New York) | |
etnisiteit | Ulstersk Skotsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | ferkenner foar it Amerikaanske Leger | |
jierren aktyf | 1876 – 1877 1879 – 1880 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonge jierren
bewurkje seksjeCrawford waard yn 1847 berne yn Carndonagh, yn eastlik Donegal, yn noardlik Ierlân. Sawol syn heit as syn mem wiene berne yn Skotlân. Syn heit, John A. Crawford, waard út syn heitelân ferballe foar it hâlden fan oproerige taspraken. Neitiid setten hy en syn frou Susie Wallace har in hoart nei wenjen yn it noarden fan Ierlân, foar't it gesin yn 1861, doe't Crawford fjirtjin jier wie, nei de Feriene Steaten emigrearre. Dêr fêstigen hja har yn Minersville, yn 'e steat Pennsylvania, dat oerset "Mynwurkersstêd" hiet om't it yn it hert fan 'e it Amerikaanske stienkoalgebiet lei.
It jiers dat de Crawfords yn 'e Feriene Steaten oankamen, briek de Amerikaanske Boargeroarloch út, en Crawford syn heit naam tsjinst yn it Noardlike Leger. John Wallace Crawford gie oan it wurk as mynwurker yn 'e koaleminen om te helpen it gesin te ûnderhâlden. Mei santjin jier naam er yn 1864 sels ek tsjinst yn it Noardlike Leger, dêr't er as soldaat tsjinne yn it 48e Frijwillige Ynfanteryrezjimint fan Pennsylvania. Hy wie belutsen by de ferbittere gefjochten dêr't de oarloch mei ôfsletten waard en rekke dêrby twaris ferwûne, ienris yn 'e Slach by it Gerjochtsgebou fan Spottsylvania en jitris yn 'e Slach by Petersbug, in pear dagen foar't de Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika har yn april 1865 oerjoegen. Wylst er dêrnei opbettere yn in sikehûs yn Philadelphia, learde er lêzen en skriuwen fan in non dy't dêr as sikefersoarchster wurke.
Priveelibben
bewurkje seksjeNei ôfrin fan 'e Boargeroarloch ferfear Crawford mei syn âlden nei Centralia, yn Pennsylvania, dêr't er fannijs wurk yn in koalemyn fûn, wylst syn heit skroar waard. Syn mem stoar dêr yn 1867, mar hja hie in duorjende ynfloed op syn fierdere libben, mei't hja him op har stjerbêd ûnthjitte liet om nea alkohol te drinken. It alkoholisme fan syn heit hie it gesin nammentlik oates en toates yn 'e swierrichheden brocht. Crawford hold wurd en dronk net allinnich nea alkohol, mar waard in foaroanman fan 'e pleatslike gehielûnthâldersbeweging yn Centralia. Yn septimber 1869 troude er mei in Anna Maria Stokes, in skoaljuffer dy't ôfkomstich wie út Numidia. Hja krigen fiif bern, wêrûnder in famke (May Cody Crawford) dat ferneamd waard nei Crawford syn freon William Frederick Cody, better bekend as Buffalo Bill.
Yn it Wylde Westen
bewurkje seksjeDoe't yn 1875 de Goudkoarts fan de Black Hills útbriek, sette Crawford ôf nei it Wylde Westen. Letter soed er beweare dat de ierste westernromantsjes, de saneamde dime novels, him dêrta ynspirearre hiene. Hy waard korrespondint foar de krante de Omaha Daily Bee, en die dêrfoar in healjier lang ferslach fanút 'e mynwurkerskampen yn 'e Black Hills. Dy leine binnen it Grutte Sû Reservaat, op lân dat hillich wie foar de Lakota. Foar de befeiliging rjochte it nije mynstedsje Custer yn 1876, doe't de Grutte Sû-Oarloch útbriek, dan ek in milysje fan 125 man op, dy't bekend kaam te stean as de Black Hills Rangers. Crawford waard oansteld as it haad fan 'e tolve ferkenners fan dy milysje, en út dy tiid stammet nei alle gedachten syn bynamme Captain Jack. Mei syn mannen eskortearre Crawford yn dy tiid groepen kolonisten troch gefaarlike ravinen dêr't de Lakota maklik mûklagen opsette koene.
Nei't de Lakota en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer op 25 juny 1876 yn 'e Slach oan de Little Bighorn in ferpletterjende nederlaach tabrocht hiene, melde Crawford him ein july as ferkenner oan by it Amerikaanske Leger. Hy waard yndield by it Amerikaanske 5e Kavaleryrezjimint, dat ta de troepemacht hearde fan brigadegeneraal George Crook. As lid dêrfan naam Crawford yn augustus en septimber diel oan 'e saneamde Hynstefleismars, dy't dy namme krige om't de rantsoenen oprekken en de kavaleristen twongen wiene om har eigen hynders op te iten. Crawford brocht boadskippen fan Crook oer oan Fort Fetterman, oer in ôfstân fan krapoan 645 km troch fijannich gebiet. Teffens naam er op 9 septimber diel oan 'e Slach by Slim Buttes, wêrby't it Lakota-opperhaad Amerikaansk Hynder de Aldere de dea fûn. Neitiid brocht er it nijs fan Crook syn oerwinning mei in seis dagen duorjende rit oer nei Fort Laramie, dat goed 480 km fierderop lei. Troch dit foarfal kaam er mei namme en tanamme yn 'e Amerikaanske kranten te stean en waard er ferneamd.
Under syn tiid as ferkenner foar it Amerikaanske Leger kaam Crawford yn 'e kunde mei in oare bekende ferkenner, Frank Grouard, en teffens mei de ferneamde jager, artyst en aventoersman William Frederick Cody, better bekend as Buffalo Bill. Hy besoarge Buffalo Bill, doe't dy mei it leger yn it fjild wie, ris in flesse whiskey, dy't er dêrfoar meitôgje moast oer in ôfstân fan 480 km. Letter soe Buffalo Bill yn syn autobiografy skriuwe dat der neffens him gjin inkele oare man yn it Wylde Westen wie dy't him oer sa'n ôfstân in folle flesse besoargje kinnen hie. Nei ôfrin fan 'e simmerkampanje fan 1876 joech Crawford him by Buffalo Bill syn wyldwestshow, dêr't er dielnaam oan optredens wêrby't ferneamde foarfallen út 'e skiednis fan it Wylde Westen neispile waarden. Syn gearwurking mei Buffalo Bill einige lykwols yn 'e simmer fan 1877 mei spul tusken de beide mannen, doe't Crawford by in foarstelling yn Virginia City (Nevada) by fersin yn it krús sketten waard sadat er goed fjirtjin dagen op bêd trochbringe moast. Crawford wiet dat ûngelok oan it feit dat Buffalo Bill op dat stuit dronken west hie.
Yn 1878 reizge Crawford alhiel nei Britsk-Kolumbia ta, doe't dêr in goudkoarts útbrutsen wie. In jier letter liet er syn gesin út Pennsylvania oerkomme, en sette er him mei wiif en bern nei wenjen yn Nij-Meksiko. Dêr wied er op 'e nij ferkenner foar it Leger ûnder de Oarloch fan Victorio (1879-1880), dy't ta de Apache-Oarloggen hearde. Tagelyk wied er ek as keapman aktyf yn Fort Craig, en nei 1880 wied er wurksum as mynwurker en feeboer. Sels nei't it fort yn 1885 opdoekt waard as legerpost, bleaune hy en syn gesin dêr, en krigen se de rol fan warders fan 'e leechsteande gebouwen. Yn 1889 naam Crawford in oanstelling oan as spesjaal agint foar it Amerikaansk Ministearje fan Justysje, wêrfoar't er fjouwer jier lang yn 'e Yndianereservaten yllegale drankhannel bestried.
Hâlding foar de Yndianen oer
bewurkje seksjeFoar syn tiid hie John Wallace Crawford hiel progressive ideeën oer de Yndianen. Hy leaude dat hja it fermogen hiene om har oan te passen oan 'e Westerske maatskippij, wylst it meastepart fan syn tiidgenoaten, fral yn it Wylde Westen, der noch fan oertsjûge wie dat útrûging foar harren de iennichste oplossing wie. Yn syn gedichten en lêzings stelde Crawford de Yndianen yn 't earstoan foar as gefaarlike, mar weardige fijannen. Letter krige er mear sympaty foar harren lot. Hy wie in foarstanner fan it talitten fan ynterrasiale houliken (in gefoelich ûnderwerp yn syn tiid) en fersette him tsjin 'e praktyk om Yndiaanske bern by de âldelju wei te heljen om se nei kostskoallen te stjoeren dêr't har de blanke kultuer yndruid wurde koe.
Artyst en skriuwer
bewurkje seksjeFan 1893 oant 1898 boude Crawford in nasjonale reputaasje op as artyst en wûn er de bynamme the Poet Scout ("de Dichter-Ferkenner"). Hy hie syn hiele libben al dichte en ferskes skreaun, en ûnder de fjildtochten dêr't er oan dielnommen hie, hied er dêrmei de soldaten fermakke. No begûn er lykwols organisearre optredens te jaan yn muzykhallen en teäters, en wûn er dêrmei grutte populariteit. Behalven fermaak omfiemen Crawford syn optredens ek stikken serieuze lêzings, dêr't er syn gehoar mei besocht te ûnderrjochtsjen oer it Wylde Westen. Hy publisearre sân dichtbondels en skreau mear as hûndert koarte ferhalen en fjouwer toanielstikken. Guon fan syn bekendste gedichten binne The Death of Custer, Rattlin' Joe's Prayer, California Joe and the Girl Trapper en Only a Miner Killed, dêr't de tweintichste-iuwske folksmuzyksjonger Bob Dylan nei't it skynt syn liet Only a Hobo op basearre.
Lêste jierren en ferstjerren
bewurkje seksjeFan 1898 oant 1900 brocht Crawford ûnder de Goudkoart fan Klondike twa jier yn 'e Yukon troch mei it sykjen nei goud. Nei syn weromkear gied er fannijs op toernee mei syn lêzings en optredens. Op jierren gied er by de frou wei en sette er him nei wenjen yn Woodhaven, op Long Island, dêr't er op 27 febrewaris 1917 yn 'e âlderdom fan 69 jier kaam te ferstjerren oan nefritis.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.
|