Buffalo Bill, echte namme: William Frederick Cody (Scott County (Iowa), 26 febrewaris 1846 - Denver (Kolorado), 10 jannewaris 1917), wie in Amerikaanske soldaat, bizonjager en showman.

William Frederick Cody
Buffalo Bill's Wild West Show, 1890
Yn de Grand Canyon (1916)

Biografy bewurkje seksje

Cody krige syn bynamme doe't er as jager oan de gong gie om de arbeiders oan it Kansas Pacific Spoar fan bizonfleis te foarsjen (Bizon is buffalo yn it Ingelsk).[1] Deselde bynamme waard earder al jûn oan in Bill Comstock. Cody fertsjinne de bynamme doe't er in wedstriid "buffels sjitte" wûn mei 69 tsjin 48.

Hy hat in soad baantsjes hân, hûdejager (trapper) bollefanger, goudsiker (Fifty-niner) yn Kolorado, ruter yn de Pony Express yn 1860, gids fan kolonisten-karavaans, menner fan postkoetsen, soldaat yn de Amerikaanske Boargeroarloch en bedriuwslieder fan in hotel.[1] Hy waard lykwols ferneamd fan syn Wild West Show.

William Cody krige 1872 de earemedalje (Medal of Honor) foar it sjen litten fan "moed yn aksje" as boargerferkenner foar de kavalry. De medalje waard op 5 febrewaris 1917, 26 dagen nei syn dea, wer ynlutsen omdat er as boarger dêr gjin rjocht op hie neffens de nije rjochlinen dy't it leger yn 1917 útjoech. Yn 1989 waard de medalje fannijs oan him takend.

Nei syn wjerfarren yn it "westen" gie Buffalo Bill de showbusiness yn. Hy toerde troch de Feriene Steaten mei spektakels basearre op syn western-aventoeren. Yn 1883 rjochte er de "Buffalo Bill Wild West Show" op, in soarte fan sirkusattraksje dy't jierrelang omreizge.[1] Annie Oakley (in skerpskutter) en Sitting Bull sieten yn de show. De show fan Buffalo Bill ynspirearre Irving Berlin by it skriuwen fan de musikal Annie Get Your Gun yn 1946.

Yn 1887 trede er mei it hiele sirkus op yn Londen by it fieren fan it jubileum fan keninginne Viktoria en yn 1889 makkee er in omloop troch Europa.

Hy sette syn tinten op tichteby de wrâldtentoanstelling fan Chicago yn 1893, in tûke set dy't sines die foar syn populariteit.[1]

Yn syn libben seach er it Amerikaanske westen bot feroarjen. Tsjin de ein fan syn libben makke er noch mei dat yn Wyoming dêr't er sa fan hâlde de eksploitaasje fan stienkoal, ierdoalje en ierdgas begûn. Yn 1904 waard yn de Shoshonerivier in keardaam boud foar it produsearjen fan elektrisiteit en foar yrrigaasje. De namme fan de daam waard Buffalo Bill Dam.

Nei syn dea waard er, sa't er frege hie,bedobbe yn it Lookout Mountain Park in Kolorado, justjes bewesten de stêd Denver oan de râne fan de Rocky Mountains en mei útsicht oer de Grutte Flakten (Great Plains).

Neitins bewurkje seksje

Buffalo Bill mei in rûge fjildman west hawwe, hy hie ek in liberale ynslach. Sa hie er in dúdlike miening oer de rjochten fan Yndianen en froulju, en hoewol't er ferneamd wurden wie as buffeljager wie er foarstanner fan it bewarjen fan dat Amerikaansk symboal. Hy wie tsjinstanner fan de jacht om hûden en foar it ynstellen fan in jachtseizoen.

Ut ûnderfining as ferkenner mei respekt foar de oarspronklike befolking hat er ris sein:

"Alle fjochterij mei Yndianen dy't it meimakke haw wie it gefolch fan it brekken fan tasizzings en ferdraggen troch de regearing."

Nettsjinsteande de wize wêrop't Yndianen útstald waarden yn syn Wild-Westshows die er war foar in bettere behanneling fan dy befolkingsgroep. Njonken Sitting Bull hie er noch in protte oare Yndianen yn tsjinst, net yn it lêste plak omdat er it gefoel hie dat dy sa in better libben hiene. Hy neamde harren "de âlde fijân, de freon fan no, de Amerikaan."

Yn 1896 stichte Cody, yn 'e mande mei in stikmannich jildsjitters, de stêd Cody yn Wyoming.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 William “Buffalo Bill” Cody (1907). Oproppen op 2 juny 2013.