Eugene A. Carr (folút: Eugene Asa Carr; Hamburg (New York), 20 maart 1830Washington, D.C., 2 desimber 1910) wie in Amerikaansk militêr dy't namme makke ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch en foar syn optreden yn 'e Slach by Pea Ridge, yn 1862, letter de Medal of Honor taparte krige, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding. Hy focht ek yn 'e Sû-Oarloggen, de Apache-Oarloggen, de Komantsje-Oarloggen en de Lytse Boargeroarloch tsjin 'e mormoanen. Yn 1869 skeakele er yn 'e Slach by Summit Springs de Sjajinske Hûnskrigers út as militêre macht fan betsjutting. Carr syn bynamme wie the Black-Bearded Cossack ("de Swartburdige Kosak").

Eugene A. Carr
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Eugene Asa Carr
bynamme de Black-Bearded Cossack
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 20 maart 1830
berteplak Hamburg (New York)
stoarn 2 desimber 1910
stjerplak Washington, D.C.
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
tsjinsttiid 18501893
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang generaal-majoar (1865-'66)
befel Fort Washita
3e Frijw. Kavaleryreg. f. Illinois
Leger fan it Súdwesten
Am. 6e Kavaleryrezjimint
konflikt(en) Jikarylla-Oarloch
Earste Sû-Oarloch
Lytse Boargeroarloch
Grinsoarloch
Amerikaanske Boargeroarloch   
Komantsjekampanje
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
Oarloch fan Geronimo
treffen(s) Slach yn it Diablo-berchtme
Slach by Wilson's Creek
Slach by Pea Ridge
Slach by Port Gibson
Belis fan Vicksburg
Slach by Spanish Fort
Slach by Fort Blakeley
Slach by Summit Springs
Slach by Slim Buttes
Slach by Cibecue Creek
Slach by Fort Apache
ûnderskiedings Medal of Honor 1894

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Carr waard yn 1830 berne yn Hamburg, yn 'e Amerikaanske steat New York. Hy studearre yn 1850 ôf oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point, as de op achttjin nei bêste yn in klasse fan 44 kadetten. Hy waard mei de rang fan twadde luitenant tafoege oan it Amerikaanske Rezjimint Beriden Skerpskutters, wêrmei't er legere waard oan 'e frontier, yn it Amerikaanske Súdwesten.

Iere jierren yn it leger

bewurkje seksje

Dêr naam Carr op 3 oktober 1854, ûnder de Jikarylla-Oarloch (in ûnderdiel fan 'e Apache-Oarloggen), foar it earst diel oan 'e striid, yn 'e Slach yn it Diablo-berchtme tsjin 'e Jikarylla-Apachen. Letter wie Carr belutsen by de striid tsjin 'e Lakota, yn 'e Earste Sû-Oarloch (1854-1856) nei it Grattan-bloedbad, mar ek by de Lytse Boargeroarloch tsjin 'e mormoanen (1857-1858), en de rebûlje yn Kansas tusken lju dy't mei it Noarden sympatisearren en oanhingers fan it Suden, dy't bekend kaam te stean as de Grinsoarloch. Yn 1858 waard Carr befoardere ta kaptein yn it Amerikaanske 1e Kavaleryrezjimint, mei it befel oer Fort Washita, yn it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma).

Yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch

bewurkje seksje

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) joech Carr him by it Noardlike Leger. Hy focht foar it earst mei op 10 augustus 1861 yn 'e Slach by Wilson's Creek. Seis dagen letter waard er befoardere ta kolonel mei it befel oer it 3e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan Illinois. Yn 'e Slach by Pea Ridge, op 7 maart 1862 yn Arkansas, fierde Carr de 4e Difyzje fan it Leger fan it Súdwesten oan yn 'e gefjochten om Elkhorn Tavern hinne. Dêrby rekke er ferwûne yn 'e hals, in earm en in ankel. Foar betoande moed op dat slachfjild soed er yn 1894 de Medal of Honor taparte krije, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding.

Yn april 1862 waard Carr befoardere ta brigadegeneraal. Hy fierde fan 7 oktober oant 12 novimber 1863 koart it befel oer it hiele Leger fan it Súdwesten, mar krige dêrnei it kommando oer de 2e Difyzje fan it Leger fan Súdeastlik Missoury foar't er mei syn difyzje oerpleatst waard nei it Leger fan de Tennessee, as de 14e Difyzje fan it Amerikaanske XIIIe Korps. Under de Vicksburg-kampanje, yn Mississippy, fierde Carr it befel oer de Noardlike oanfallen op 'e Konfederearre troepen yn 'e Slach by Port Gibson. Neitiid naam er diel oan 'e Slach by Champion's Hill en it Belis fan Vicksburg.

Nei de fall fan Vicksburg, yn july 1863, waard Carr weromstjoerd nei Arkansas, dêr't er it befel krige oer in difyzje fan it Leger fan Arkansas. Nei ferrin fan tiid waard er oan it haad steld fan 'e kavalerydifyzje fan it VIIe Korps ûnder de Camden-ekspedysje fan generaal Frederick Steele. De rest fan 1864 fierde Carr it befel oer it Militêr Distrikt Little Rock. Syn lêste oanstelling yn 'e Boargeroarloch wie as befelfierder fan 'e 3e Difyzje fan it XVIe Korps by de tarieding fan 'e fjildtocht tsjin Mobile, yn Alabama, dêr't er neitiid focht yn 'e Slach by Fort Blakeley. Carr waard op 11 maart 1865, in moanne foar de ein fan 'e oarloch, noch befoardere ta generaal-majoar.

Lettere jierren en dea

bewurkje seksje

Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch waard Carr fanwegen in oerskot oan ofsieren, trochdat it Amerikaanske Leger yn fredestiid ôfslanke waard, yn rang weromset ta luitenant-kolonel. Op 11 july 1869 skeakele er ûnder de Komantsjekampanje yn 'e Slach by Summit Springs, yn 'e neite fan it hjoeddeiske Sterling, yn Kolorado, de fanatike Sjajinske Hûnskrigers út as in militêre macht fan betsjutting.

Yn 1876 wie Carr behelle yn 'e simmerkampanje tsjin 'e Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho yn it ramt fan 'e Grutte Sû-Oarloch. Dêrby naam er ûnder brigadegeneraal George Crook diel oan 'e saneamde Hynstefleismars, dy't dy namme krige om't de rantsoenen oprekken en de kavaleristen har eigen hynders opite moasten. Tffens focht Carr op 9 septimber yn 'e Slach by Slim Buttes tsjin 'e krigers fan it Lakota-opperhaad Amerikaansk Hynder de Aldere. Neitiid wied er op 'e nij aktyf yn 'e Apache-Oarloggen yn it Amerikaanske Súdwesten, dêr't er yn 1881, ûnder de Oarloch fan Geronimo, de Amerikaanske troepen oanfierde yn 'e Slach by Cibecue Creek en de Slach by Fort Apache.

Carr waard yn 1879 befoardere ta kolonel mei it befel oer it Amerikaanske 6e Kavaleryrezjimint. Yn 1892 waard er nochris befoardere, diskear ta brigadegeneraal. Mei dy rang gied er yn 1893 mei pinsjoen. Carr stoar yn 1910 yn 'e Amerikaanske federale haadstêd Washington, D.C., yn 'e âlderdom fan 80 jier. Hy waard begroeven op it begraafplak fan 'e Amerikaanske Militêre Akademy yn West Point.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.