Charles DeRudio (folút: Charles Camillo DeRudio; Belluno (Keizerryk Eastenryk), 26 augustus 1832Pasadena (Kalifornje), 1 novimber 1910) wie in Italjaansk-Amerikaansk militêr dy't syn libben begûn as in Italjaansk ealman yn 'e Feneto, dat doedestiden ta it Keizerryk Eastenryk hearde. Yn 1848 naam er diel oan 'e rebûljes dy't dat jier oeral yn Jeropa plakfûnen en letter rekke er behelle by in gearspanning om 'e Frânske keizer Napoleon III te fermoardzjen. Hy waard feroardiele ta libbenslang, mar ûntsnapte fan Duvelseilân, emigrearre nei Amearika, tsjinne yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, oerlibbe yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 de ferneamde Slach oan de Little Bighorn, en focht neitiid noch yn 'e Nez Persé-Oarloch.

Charles DeRudio
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Charles Camillo DeRudio
(eins: Carlo Camillo di Rudio)
nasjonaliteit Eastenryksk
Amerikaansk
berne 26 augustus 1832
berteplak Belluno (Eastenryk)
stoarn 1 novimber 1910
stjerplak Pasadena (Kalifornje)
etnisiteit Italjaansk
reg. identiteit Fenesiaansk
wurkpaad
tsjinsttiid 18641866 en 18671896
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang majoar
befel E Komp./Am. 7e Kav.reg.
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
Nez Persé-Oarloch
treffen(s) Belis fan Peterburg
Slach oan de Little Bighorn

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Charles DeRudio waard yn 1832 berne as Carlo Camillo greve di Rudio, yn 'e stêd Belluno, dy't no yn 'e Italjaanske regio Feneto leit, mar doedestiden diel útmakke fan it Keninkryk Lombardije-Feneesje binnen it Eastenrykske Keizerryk. Koart foar syn dea waard DeRudio oer syn libben befrege troch de skiedkundige en publisist Walter Mason Camp, oan wa't er in famyljestambeam sjen liet dy't weromgie oant 1680. Yn syn tinerjierren studearre er oan in Eastenrykske militêre akademy yn Milaan, dy't tsjintwurdich bekendstiet as de Scuola Militare "Teulié".

Revolúsjonêr bewurkje seksje

Yn it revolúsjejier 1848, doe't er noch mar fyftjin jier wie, naam DeRudio lykwols mei oare Italjaanske nasjonalisten diel oan 'e (mislearre) ferdigening fan it yn opstân kommen Feneesje tsjin 'e Eastenrikers. Yn 1849 reizge er ôf nei Rome, om 'e republyk dy't dêr útroppen wie te ferdigenjen tsjin 'e Frânsen, wat ek al om 'e nocht wie. Doe't er neitiid útwike moast, besocht er nei Amearika te reizgjen, mar dêrby litte er skipbrek foar de kust fan Spanje. Tsjin 1855 hied er him nei wenjen set yn 'e Britske haadstêd Londen, dêr't er troud wie mei in Eliza, de fyftjinjierrige dochter fan in kleanmakker, mei wa't er neitiid trije dochters en twa soannen krije soe.

Doe't de Frânske keizer Napoleon III op 14 jannewaris 1858 yn Parys nei de opera soe, waarden der trije bommen middenmank syn staasje smiten. Dêrby kamen acht minsken en in hynder om en rekken likernôch 150 minsken ferwûne. De keizer sels kaam mei de skrik frij. Fjouwer manlju waarden foar dy oanslach oppakt, wêrûnder Felice Orsini, de lieder fan 'e gearspanning, en dy syn trewanten Giuseppe Pieri en Antonio Gomez. De fjirde man wie in Portegeeske bierferkeaper dy't bekendstie ûnder de namme 'Da Selva', mar yn wurklikheid DeRudio bliek te wêzen. Orsini en Pieri krigen de deastraf, en Gomez waard feroardiele ta libbenslang.

DeRudio waard earst ek foar de dea opskreaun, mar nei in fersyk om kleminsje waard syn straf omset yn libbenslang. Hy waard deportearre nei de beruchte strafkoloanje op Duvelseilân, yn Frânsk-Guyana, om dêr de rest fan syn libben te sliten, mar al nei in pear moanne wist er mei tolve oare finzenen te ûntsnappen. Fia Britsk-Guyana reizge er werom nei Londen om him wer by syn frou te jaan, wêrnei't er syn namme anglisearre ta Charles DeRudio en syn aventoerlike ûnderfinings yn jild om wist te setten troch der lêzings oer te jaan.

Yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch bewurkje seksje

Yn 1860 emigrearre DeRudio mei syn gesin nei de Feriene Steaten. Hy sette him nei wenjen yn New York, en doe't it jiers dêrop de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) útbriek, naam er tsjinst by it 79e Frijwillige Ynfanteryrezjimint fan New York, byneamd de "Heechlanners". DeRudio naam û.m. diel oan it Belis fan Peterburg, yn Firginia, fan augustus oant oktober 1864. Op 11 novimber 1864 waard er oansteld as twadde luitenant yn it Amerikaanske 2e Kleure Ynfanteryrezjimint, dat bestie út befrijde negerslaven. By dy ienheid tsjinne er oant de ein fan 'e oarloch, mids april 1865. Dêrnei waard it 2e Kleure Ynfanteryrezjimint ynset as ûnderdiel fan 'e Noardlike besettingsmacht yn it Suden, wêrby't DeRudio legere wie yn noardlik Floarida. Doe't syn rezjimint ôftanke waard, gie er op 5 jannewaris 1866 út tsjinst.

Nei-oarlochste tsjinst bewurkje seksje

Op 3 augustus 1867 naam DeRudio lykwols op 'e nij tsjinst yn it Amerikaanske Leger, diskear as twadde luitenant yn it Amerikaanske 2e Ynfanteryrezjimint. Trije wiken letter waard syn oanstelling lykwols ynlutsen doe't DeRudio net foldie oan in fitheidstest en it Amerikaanske Leger boppedat foar it earst lucht krige fan syn eardere politike aktivisme. It is net dúdlik hoe't er it him lapt hat, mar in moanne letter krige DeRudio syn oanstelling werom. Dêrnei bleau er by it 2e Ynfanteryrezjimint oant yn 1869 20 fan 'e 45 Amerikaanske ynfanteryrezjiminten fuortbesunige waarden.

Nei fan mids april oant mids july sûnder oanstelling mei ferlof west te hawwen, waard DeRudio op 14 july 1869 tafoege oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, dat yn Fort Riley, yn Kansas, legere wie oant it yn 1873 oerpleastst waard nei Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's. Yn Fort Riley wie DeRudio yn 't earstoan ûnderbefelhawwer fan H Kompanjy, ûnder kaptein Frederick Benteen. Dyselde neamde DeRudio Count No Account (letterlik: "greve Stelt-Neat-Foar"), by wize fan bespotting fan syn aadlike titel, syn heechkroppigens en syn opskepperige ferhalen.

Mei syn hâlding makke DeRudio gjin freonen ûnder syn mei-ofsieren, en alhielendal net mank de klyk om Custer hinne, dy't neat fan him hawwe moast. Dat er pas op 15 desimber 1875, doe't er al 43 jier âld wie, ta earste luitenant befoardere waard, hie dêr sûnder mis wat mei te krijen. Dochs wie DeRudio gjin rare ofsier, want oars as in protte oare ofsieren, wied er gjin alkoholist of gokferslaafde en ferliet er net sûnder ferlof syn post om alderhanne ûnnoazele redens. Ek skode er syn eigen wurk net op syn ûnderhearrigen ôf en boppedat hied er ferstân fan syn fak.

De Slach oan de Little Bighorn bewurkje seksje

Fan desimber 1875 ôf tsjinne DeRudio by E Kompanjy, dêr't er yn 'e praktyk it befel oer fierde, mei't de eigentlike kommandant, kaptein Charles S. Ilsley, op permaninte basis oansteld wie as adjudant fan generaal John Pope, yn Fort Leavenworth. Doe't it 7e Kavaleryrezjimint ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 op fjildtocht gie, hie DeRudio dus it befel oer E Kompanjy fiere moatten, mar Custer joech dy posysje oan ien fan syn favoriten, luitenant Algernon Smith, mei luitenant James G. Sturgis as dy syn ûnderbefelhawwer. DeRudio waard oerpleatst nei de funksje fan ûnderbefelhawwer fan A Kompanjy (Smith syn âlde post), ûnder kaptein Myles Moylan. Mei dit hinne-en-wer-gesko rêde Custer DeRudio it libben en tekene er it deafûnis fan Algernon Smith, want E Kompanjy soe oant de lêste man sneuvelje yn 'e Slach oan de Little Bighorn.

Dat treffen fûn plak op 25 juny 1876, yn súdlik Montana, doe't de ferkenners fan it 7e Kavaleryrezjimint in grut Yndiaansk doarp ûntdieken oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn, dat yn haadsaak bewenne waard troch Lakota en Noardlike Sjajinnen. Custer besleat om daliks oan te fallen, en ferdielde dêrta syn rezjimint yn fjouwer detasjeminten. E Kompanjy, ûnder Algernon Smith, wie ien fan 'e fiif kompanjyen dy't er sels meinaam om 'e Yndianen út it noarden wei oan te fallen. Fan dy fiif kompanjyen oerlibbe nimmen de slach. A Kompanjy, mei dêrby DeRudio, wie ien fan 'e trije kompanjyen dy't ûnder lieding fan majoar Marcus Reno it Yndiaanske doarp út it suden wei oanfalle moasten.

By wat de iepeningsset fan 'e slach wie, stiek it detasjemint fan Reno de rivier oer en die in wraam op 'e súdlike ein fan it doarp. Oars as dat de Amerikanen ferwachte hiene, flechten de Yndianen net fuort, mar streamden harren krigers krekt ta it doarp út om 'e oanfal ôf te slaan. Reno oardere syn troepen om ôf te stiigjen en har yn in skermutselingsliny op te stellen, mar troch de nûmerike oermacht fan 'e fijân waard er al rillegau sa swier yn syn kwetsbere lofterflank oanfallen, dat er him weromlûke moast yn it strewelleguod dat by de rivier lâns groeide. Op dat punt fan it gefjocht waard de ferkenner Bluodderich Mês yn 'e holle rekke troch in kûgel wylst er njonken Reno op it hynder siet, sadat it bloed en stikjes harsens de majoar yn it gesicht spatten. Mooglik noch yn shock fan dat foarfal, oardere Reno syn mannen om op te stiigjen, ôf te stiigjen en wer op te stiigjen. Doe rôp er harren ta: "Wa't ûntsnappe wol, folgje my!" en late er in gaoatyske flecht de rivier oer en by it steile klif oare kant de rivier op. Reno ferlear by syn flecht 3 ofsieren en 29 soldaten, wylst 13 oant 19 man fermist rekken. De measten dêrfan wiene yn 'e dusoarder fan 'e rest fan 'e ienheid skaat rekke en efterbleaun oan 'e ferkearde kant fan 'e rivier.

Sa fergie it ek DeRudio, dy't syn hynder krekt op it stuit dat Reno de weromtocht ynsette, ferlern hie. Seisentritich oeren lang ferskûlen DeRudio en soldaat Thomas O'Neill harren yn it strewelleguod by de rivier lâns, wêrby't hope dat se sûnder sjoen te wurden fuortkomme kinne soene, en wanhope doe't se tsjûge wiene fan 'e skeining fan 'e liken fan sneuvele kammeraten troch poerrazene Lakota-froulju inoar ôfwikselen. Op 'e jûn fan 25 juny makken se kontakt mei twa oare efterbliuwers, tolk Fred Gerard en soldaat Billie Jackson, mei wa't se de nacht trochbrochten. Op 'e middei fan 26 juny waarden se ûntdutsen troch in stikmannich Yndianen, mar Gerard en Jackson, dy't oars as DeRudio en O'Neill harren hynders beholden hiene, rieden fuort en wisten de Yndianen mei te lokjen, by DeRudio en O'Neill wei. Nettsjinsteande noch in pear oare spannende mominten, slagge it de beide mannen om ferskûle te bliuwen oant de iere moarn fan 27 juny, doe't de Yndianen har ôfjûn hiene fanwegen de oankomst fan farske Amerikaanske troepen ûnder brigadegeneraal Alfred Terry en kolonel John Gibbon. Doe koene se einlings en te'n lêsten de rivier oerstekke om har by de rest fan Reno syn detasjemint te jaan.

DeRudio wûn in beskate bekendheid troch syn aventoer ûnder de Slach oan de Little Bighorn. Syn ferhaal waard al op 30 july 1876 ôfprinte yn 'e krante de New York Herald, en trije dagen letter yn 'e Chicago Tribune. Dêrby waard oanjûn dat er de beskriuwing sels optekene hie, mar DeRudio ûntstried dat en sei dat er deroer ferteld hie oan majoar James Brisbin, fan it Amerikaanske 2e Kavaleryrezjimint, dy't dermei oan 'e haal gien wie, details tafoege hie dy't er út 'e tomme sûgd hie en it doe sûnder witten of tastimming fan DeRudio publisearre hie. Oan histoarikus Walter Mason Camp fertelde DeRudio letter dat hy de iennichste wie dy't yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn in sabel hân hie. Custer hie nammentlik foarôfgeande oan 'e fjildtocht al syn soldaten en ofsieren opdroegen om harren sabels efter te litten, mar DeRudio hie yn 1870 in fergulde sabel presint krigen fan 'e soldaten fan G Kompanjy en Custer hie him op 'e hûd sitten oer it feit dat er dy oannommen hie. Om Custer dwers te sitten, hie DeRudio sadwaande gjin gehoar jûn oan it befel om 'e sabels efter te litten. (Der wiene trouwens noch trije oare sabels oanwêzich op it slachfjild, mei't ek luitenant Edward Gustave Mathey sines holden hie, mei as doel om slangen mei te deadzjen, wylst twa Yndiaanske krigers in wike earder elts in sabel bútmakke hiene yn 'e Slach oan de Rosebud.)

Lettere jierren en ferstjerren bewurkje seksje

Nei de Slach oan de Little Bighorn krige DeRudio it befel oer in nije E Kompanjy. Dy fierde er yn 1877 oan ûnder de Nez Persé-Oarloch, wêrby't er nei de Slach by Big Hole it detasjemint fan it 2e Kavaleryrezjimint fan luitenant Gustavus Doane fersterkje moast by dy syn patrûljearring fan 'e bergen fan noardwestlik Montana. Yn jannewaris 1879 tsjûge DeRudio foar it Hof fan Undersyk dat gearroppen wie op oanfraach fan majoar Reno, dy't beskuldige wie fan leffens en plichtsfersom ûnder de Slach oan de Little Bighorn en op dy wize syn namme suverje woe.

Neitiid bleau DeRudio as ofsier ferbûn oan it 7e Kavaleryrezjimint, en op 17 desimber 1882, doe't er legere wie yn Fort Meade, yn 'e Dakota's, waard er befoardere ta kaptein. Letter wied er noch stasjonearre yn Fort Sam Houson, yn Teksas, en yn Fort Bayard, yn Nij-Meksiko. DeRudio swaaide op 26 augustus 1896 ôf mei de rang fan majoar om mei pinsjoen te gean. Hy ferstoar yn 1910 yn Pasadena, yn súdlik Kalifornje, oan brongiale slymfluesûntstekking en akute búktyfus. DeRudio waard 78 jier. Syn stoflik omskot waard kremearre en byset op it Nasjonaal Begraaflik fan San Francisco.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.