De Associated Press (letterlik: "Feriene Parse"), ornaris ôfkoarte ta AP, is in Amerikaansk parseburo wêrfan't it haadkantoar yn New York fêstige is. It waard oprjochte yn 1846 en hat de foarm fan in not-for-profit-koöperaasje. AP is ien fan 'e trije grutste en ynfloedrykste parseburo's fan 'e wrâld, yn 'e mande mei it Britske Reuters en it Frânske AFP. AP hat korrespondinten yn frijwol alle lannen en territoaria fan 'e wrâld, en leveret nijs oan 1.300 kranten, radiostjoerders en tillefyzjenetwurken (teljier: 2016). AP hat anno 2023 56 kear de prestizjeuze Pulitzerpriis wûn, wêrfan 34 kear foar fotografy. It parseburo stiet ek bekend om syn útjefte AP Stylebook, in list mei stylregels foar it skriuwen fan sjoernalistike artikels, dat rûnom brûkt wurdt.

Associated Press
algemien
hist. namme New York Associated Press
nasjonaliteit Amerikaansk
type not-for-profit-koöperaasje
sektor nijsmedia
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1846
oprjochter Moses Yale Beach
sifers
omset $510,1 miljoen (2017)
winst $74,0 miljoen (2017)
aktyf yn hiele wrâld
wurknimmers 3.300
offisjele webside
www.ap.org

De Associated Press waard oprjochte op 22 maaie 1846 troch fiif deiblêden út New York, sadat se mei-inoar de hege kosten drage koene foar it ferslachdwaan oer de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch. De koöperaasje kaam út 'e koker fan Moses Yale Beach (1800-1868), de haadredakteur fan 'e The Sun. De fiif oprjochtsjende kranten wiene, njonken The Sun, de New York Herald, de New York Courier and Enquirer, The Journal of Commerce en de New York Evening Express. Party histoarisy binne fan tinken dat de New-York Tribune it sechsde oprjochtsjende deiblêd wie, mei't út offisjele dokuminten blykt dat dy krante yn 1849 lid wie fan AP, wylst der gjin inkele melding weromfûn wurde kin dat er him der nei 1846 by oansletten hat. The New York Times waard yn septimber 1851 lid fan AP.

Yn 't earstoan stie it parseburo bekend as de New York Associated Press (NYAP). Fan 1862 ôf krige it konkurrinsje fan 'e Western Associated Press, dy't krityk hie op it monopolistyske nijsgarjen en de hege prizen fan 'e NYAP. Yn 1892 kaam by in skandaal oan it ljocht dat de NYAP yn it geheim in oerienkomst sletten hie mei in oare konkurrint, de United Press, om nijs út te wikseljen en de opbringst fan it werferkeapjen fan inoars artikels te dielen. Troch dy iepenbarings rekke it mei de NYAP yn it neigean, en yn desimber 1892 gie it op yn 'e Western Associated Press yn Chicago, dy't doe omneamd waard ta de Associated Press. It fûnis fan it Heechgerjochtshôf fan Illinois yn 'e rjochtsaak Inter Ocean Publishing Co. v. Associated Press, út 1900, lei fêst dat AP in iepenbier nutsbedriuw wie. De beheinings dy't dêrtroch oplein waarden oan 'e bedriuwsfiering, laten ta de ferhuzing fan AP út Chicago nei New York, dêr't de wetjouwing geunstiger wie.

De grûnslach foar it súkses fan AP waard lein troch Melville Stone, yn 1875 de oprjochter fan 'e Chicago Daily News, dy't fan 1893 oant 1925 de lieding oer it parseburo hie. Yn 'e earste desennia fan 'e tweintichste iuw groeide AP fluch. Yn 1914 yntrodusearre Stone de 'telegraaftypmasine' yn 'e nijskeamers, in foarrinner fan 'e teleks. Kent Cooper, dy't fan 1925 oant 1948 de lieding hie, boude de organisaasje fierder op, mei korrespondinten yn alle wichtige stêden yn Súd-Amearika, Jeropa en (nei de Twadde Wrâldoarloch) it Midden-Easten. Under syn lieding waard ek úteinset mei it Wirephotonetwurk, wêrby't men nijsfoto's ferstjoere koe oer gewoane tillefoanlinen. Hoewol't dy útwikseling yn 't earstoan inkeld tusken New York, Chicago en San Francisco plakfine koe, joech dat AP in grut foardiel oer de konkurrinsje.

Yn 1945 die it Amerikaanske Heechgerjochtshôf yn 'e saak Associated Press v. United States de útspraak dat AP de Amerikaanske anty-trustwetjouwing oan syn lears lape hie troch kranten dy't lid wiene te ferbieden om nijs fan AP troch te ferkeapjen oan oare nijsmedia, en it foar oare kranten frijwol ûnmooglik te meitsjen om lid te wurden fan AP. Dy snútslach wie in ynstruier foar United Press International (UPI), de wichtichste konkurrint fan AP, dy't neitiid sterk groeide.

Fan 1941 ôf levere AP net inkeld nijs oan kranten, mar ek oan radiostjoerders. Yn 1974 sette it syn eigen radionetwurk op. Letter levere AP ek nijs oan tillefyzjestjoerders, en yn 1994 waard APTV oprjochte, in wrâldwiid parseburo dat poer rjochte wie op it garjen fan nijs yn fideofoarm. Yn 1998 fusearre APTV mei WorldWide Television News, sadat Associated Press Television News (APTN) ûntstie. Yn 2004 ferhuze it haadkantoar fan AP, dat sûnt 1900 oan Rockefeller Plaza yn New York sitten hie, nei in nij gebou oan West 33rd Street.

AP hjoed de dei

bewurkje seksje

Yn 2019 hie AP 248 fêstigings yn 99 lannen en territoaria oer de hiele wrâld. Yn 2016 wiene der wrâldwiid mear as 1.300 kranten, radiostjoerders, tillefyzjenetwurken en websiden by AP oansletten. In grut diel dêrfan komt tsjintwurdich fan bûten de Feriene Steaten. Yn 2006 behelle AP mar 30% fan syn ynkomsten troch ferkeap fan nijs oan Amerikaanske kranten. Fan 'e rest kaam 37% fan ferkeap oan radio- en tillefyzjemedia wrâldwiid, 18% fan kranten bûten de Feriene Steaten en 15% fan onlinenijs. As ûnderdiel fan 'e oerienkomst dy't kranten mei AP slute, mei AP harren artikels oer pleatslik nijs trochferkeapje oan trêden. AP omfiemet ek it AP Radionetwurk, dat twaris yn 'e oere nijsbulletêns fersoarget om útstjoerd te wurden fia de eter en fia kommunikaasjesatelliten.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.