Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten

It Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten (Ingelsk: Supreme Court of the United States), ornaris better bekend as it Amerikaansk Heechgerjochtshôf, en wolris ôfkoarte ta SCOTUS, is it heechste federale gerjochtshôf fan 'e Feriene Steaten. It is fêstige yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., dêr't it syn sit hat yn it Heechgerjochtsgebou fan de Feriene Steaten. It Heechgerjochtshôf is in ynstânsje fan 'e Amerikaanske oerheid, mar is bestjoerlik selsstannich, sa't dat betamsum is yn in lân dat de skieding fan 'e machten earbiediget.

Heechgerjochtshôf fan
de Feriene Steaten
flagge embleem
algemiene gegevens
namme folút Supreme Court of
   the United States
ôfkoarting SCOTUS
lân Feriene Steaten
oprjochte 1788
falt ûnder neat (selsstannige ynstânsje)
doel rjochtshanthavening
sifers
leden 9 (sûnt 1869)
jierliks budget $94 miljoen (2017)
oar
webside www.supremecourt.gov

It Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten waard yn 1789 oprjochte neffens kêst III fan 'e Amerikaanske Grûnwet. It is it iennichste diel fan 'e Amerikaanske rjochterlike macht dat weromgiet op 'e Grûnwet; alle oare gerjochtshôven en rjochtbanken binne ynsteld troch it Amerikaanske Kongres. It Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten is de hoeder en hanthavener fan 'e Amerikaanske Grûnwet en fan 'e Amerikaanske federale wetjouwing, hoewol't de ynfloed derfan beheind is ta rjochtsaken dêr't it jurisdiksje oer hat. It is it ultime hôf fan berop yn 'e Feriene Steaten, ferlykber mei de Ried fan Steat yn Nederlân. Sadwaande binne de útspraken fan it Heechgerjochtshôf finaal, wat betsjut dat der net fierder tsjin yn heger berop gien wurde kin. It hôf kin der trouwens ek foar kieze om oan te jaan dat it fynt dat it sels yn in beskate saak gjin foech hat; dêrmei wurdt sa'n saak weromferwiisd nei it fûnis fan in legere rjochtbank.

 
De gearstalling fan it Amerikaansk Heechge- rjochtshôf fan 2010 oant febrewaris 2016: Steand f.l.n.rj.: Sonia Sotomayor, Stephen G. Breyer, Samuel A. Alito en Elena Kagan; sittend f.l.n.rj.: Clarence Thomas, Antonin Scalia, John Roberts, Anthony Kennedy en Ruth Bader Ginsburg.

It Heechgerjochtshôf bestiet sûnt 1869 út njoggen leden: de opperrjochter fan de Feriene Steaten en acht mei-rjochters fan it Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten. Alle njoggen wurde dy't nominearre troch de sittende presidint fan de Feriene Steaten en befêstige troch de Amerikaanske Senaat. Sawol de opperrjochter as de mei-rjochters wurde yn prinsipe foar it libben beneamd, of it moat wêze dat se der út eigen beweging foar kieze om ûnslach te nimmen of mei pinsjoen te gean, of dat se ûnfrijwillich ôfset wurde fanwegen ûnbekwaamheid, hoewol't dat lêste noch nea foarkommen is.

Hjoed oan 'e dei wurde de leden fan it Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten ornaris klassifisearre as konservatyf, moderaat of progressyf (yn 'e Feriene Steaten liberal neamd) yn harren politike en maatskiplike opfettings en juridyske ynterpretaasje. By eltse rjochtsaak dy't it Heechgerjochtshôf oanheart, hat elts fan 'e leden ien stim, en hoewol't in protte saken mei unanime stimmen beslist wurde, komt út 'e wichtichste en/of kontroversjeelste saken gauris in dúdlik ferskil yn ideologyske opfettings nei foarren tusken benammen de konservative en de progressive leden. Dêrby kin yn 'e regel de miening fan 'e konservative leden lykslein wurde mei dy fan 'e Republikeinske Partij, wylst de miening fan 'e progressive leden oerienkomt mei dy fan 'e Demokratyske Partij.

Per 1 jannewaris 2017 wie de opperrjochter John Roberts; mei-rjochters fan it Heechgerjochtshôf wiene: Samuel A. Alito, Stephen G. Breyer, Ruth Bader Ginsburg, Elena Kagan, Anthony Kennedy, Sonia Sotomayor en Clarence Thomas. De achtste mei-rjochterssit wie fakant sûnt febrewaris 2016, doe't Antonin Scalia kommen wie te ferstjerren. Neitiid joech Kennedy syn sit yn july 2018 op, wylst Ginsburg yn septimber 2020 kaam te ferstjerren. Dat stelde de Republikeinske presidint Donald Trump by steat om trije nije aartskonservative rjochters yn it Heechgerjochtshôf te beneamen: Neil Gorsuch yn april 2017, Brett Kavanaugh yn oktober 2018 en Amy Coney Barrett yn oktober 2020. Dêrmei waard it polityk lykwicht fan it hôf bliuwend fersteurd, mei't de konservativen der doe in mearderheid fan 6 tsjin 3 krigen. Dat hie fiergeande gefolgen, lykas it omsmiten, yn juny 2022, fan 'e eardere útspraak fan it Heechgerjochtshôf yn 'e rjochtsaak Roe v. Wade út 1973, wêrmei't it algemien rjocht op abortus yn 'e Feriene Steaten opheft waard.

Guon fan 'e meast ferneamde en ynfloedrike rjochtsaken dy't troch útspraken fan it Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten besljochte waarden, wiene:

 
It Heechgerjochtsgebou fan 'e Feriene Steaten, oan 1st Street yn Washington, D.C.

Utspraken fan it Heechgerjochtshôf fan de Feriene Steaten kinne mei opsetsin troch it Amerikaanske Kongres weromdraaid wurde troch in amendemint oan 'e grûnwet ta te foegjen. Dat is yn 'e Amerikaanske skiednis fiif kear bard:

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.