Tsjeppe Noas (Ingelsk: Pretty Nose; westlike Feriene Steaten, 1851 – yn it Wind River Yndianereservaat (Wyoming), nei 1952) wie in froulik kriichsopperhaad fan 'e Noardlike Arapaho, dy't meifocht yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876. Hoewol't hja yn guon boarnen identifisearre wurdt as in Noardlike Sjajinne, wie hja beslist in Arapaho. De betizing waard wierskynlik feroarsake trochdat de beide folken nau besibbe binne en foarhinne trouwe bûnsgenoaten wiene. Tsjeppe Noas oerlibbe de oarloch en wenne oant op hege jierren yn it Wind River Yndianereservaat fan 'e Noardlike Arapaho Stamme yn 'e Amerikaanske steat Wyoming.

Tsjeppe Noas
persoanlike bysûnderheden
oare namme Pretty Nose
nasjonaliteit Noardlik Arapaho
Amerikaansk
berne 1851
berteplak westlike Feriene Steaten
stoarn nei 1952
stjerplak yn it Wind River Res. (Wyoming)
etnisiteit Noardlik Arapaho
wurkpaad
aktyf as opperhaad en kriichsliedster
jierren aktyf <1876 – >1952

Tsjeppe Noas waard yn of omtrint 1851 berne. Neffens in foto út 1878 fan Laton Alton Huffman, dêr't beide froulju op te sjen binne, hie se in jongere suster dy't fan Spikkelbûnt Hartejong (Spotted Fawn) hiet. Mei't dy op 'e foto trettjin jier wie, moatte de susters sa'n fjirtjin jier skeeld hawwe. De platen fan dizze foto (mei as titel Spotted Fawn & Pretty Nose) meitsje no ûnderdiel út fan 'e Western Americana Photographs Collection (doaze S12, map S2215) fan 'e ôfdieling manuskripten fan it Departemint fan Seldsume Boeken en Spesjale Kolleksjes fan 'e Bibleteek fan 'e Universiteit fan Princeton, yn Nij-Jersey. In oare foto fan Spikkelbûnt Hartejong allinnich is yn it besit fan it Keunstynstitút fan Chicago.

Lettere jierren

bewurkje seksje

As opslûpen fanke ûntjoech Tsjeppe Noas har ta in betûft kriger, en letter waard se in kriichsopperhaad fan 'e Noardlike Arapaho. Yn dy hoedanichheid joech se har mei guon oare Noardlike Arapaho yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 by de tradisjonele bûnsgenoaten fan har folk, de Noardlike Sjajinnen en de Lakota. Tsjeppe Noas focht û.m. mei yn 'e ferneamde Slach oan 'e Little Bighorn, dêr't de Yndianen ûnder lieding fan Sittende Bolle, Mâl Hynder en Gal it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in ferpletterjende nederlaach tabrochten. Hoewol't guon Amerikaanske boarnen har by dy gelegenheid ek as Sjajinne te boek stelden, waarden yn ferskate beskriuwings de mei reade, swarte en wite kralen fersierde úteinen fan har mouwen neamd, dy't har foar saakkundigen dúdlik identifisearren as in opperhaad fan 'e Arapaho.

Nei de úteinlike Yndiaanske nederlaach yn 'e oarloch waard Tsjeppe Noas mei de oare Noardlike Arapaho oerbrocht nei it Wind River Yndianereservaat fan Wyoming, dêr't se oan har dea ta libbe as in foaroansteand en respektearre stamâldste. Har beppesizzer, Mark Soldier Wolf, dy't letter ek opperhaad en stamâldste fan 'e Arapaho Stamme fan it Wind River Reservaat waard, tsjinne as Amerikaansk marinier yn 'e Koreaanske Oarloch. It is ûnbekend wannear't Tsjeppe Noas stoar, mar hja wie yn elts gefal yn 1952, yn 'e âlderdom fan 101 jier, noch tsjûge fan 'e weromkear fan har beppesizzer út Koreä yn it Wind River Reservaat.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.