Wind River Yndianereservaat
It Wind River Yndianereservaat (Ingelsk: Wind River Indian Reservation) is in reservaat yn it westen fan 'e Amerikaanske steat Wyoming, yn 'e countys Fremont en Hot Springs. It is útsûnderlik om't it dield wurdt troch twa federaal erkende stamme-organisaasjes: de Arapaho Stamme fan it Wind River Reservaat (Arapaho Tribe of the Wind River Reservation) en de Eastlike Sjosjoanestamme (Eastern Shoshone Tribe).
Wind River Yndianereservaat Wind River Indian Reservation | ||
De rivier de Wind yn it dernei ferneamde reservaat. | ||
polityk | ||
haadplak | Fort Washakie (Wyoming) | |
stamme | Arapaho Stamme Eastlike Sjosjoanestamme | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Wyoming | |
sifers | ||
ynwenners | 23.237 (2000) | |
oerflak | 9.147,9 km² | |
bef.tichth. | 2,5 / km² | |
oar | ||
stifting | 1868 | |
tiidsône | UTC-7 | |
simmertiid | UTC-6 | |
kaart | ||
Yndianereservaten yn 'e steat Wyoming. Wind River is werjûn yn read. |
Geografy
bewurkje seksjeIt Wind River Reservaat leit yn 'e Dobbe fan 'e Windrivier, en wurdt omjûn troch de Windrivierbergen, de Owl Creekbergen en de Absarokabergen. It beslacht 9.147,9 km², wêrmei't it kwa oerflak it op seis nei grutste reservaat fan 'e Feriene Steaten is. Fan it oerflak bestiet 8.995,7 km² út lân en 152,2 km² út wetter (foar it meastepart de rivier de Wind, dy't troch it reservaat streamt en dêr't it nei neamd is). It reservaat beslacht rom in trêdepart fan Fremont County en goed in fyfdepart fan Hot Springs County. Fan it grûngebiet fan it reservaat is 7.608,4 km² (83,2%) yn Yndiaanske hannen (yn 'e measte reservaten yn 'e Feriene Steaten leit dat persintaazje ûnder de 50%). Nochris 730 km² (8,0%) bestiet út natoergebiet mei in beskerme status, en de restearjende 809½ km² (8,8%) is eigendom fan 'e blanke bewenners fan it reservaat.
It grutste plak is Riverton, mei in befolking fan 10.600 minsken, dat fan 1906 oant 2013 bûten de grinzen fan it reservaat lei. It reservaatbestjoer, de haadkertieren fan 'e beide stamme-organisaasjes en it agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken binne lykwols fêstige yn Fort Washakie. Oare wenkearnen binne: Arapahoe, Boulder Flats, Crowheart, Ethete, Hudson en Johnstown.
Demografy
bewurkje seksjeNeffens de Amerikaanske folkstelling fan 2000 wennen der doe goed 23.000 minsken yn it Wind River Reservaat, wêrfan't sa'n 11.900 (of 51,3%) Yndianen wiene en likernôch 11.300 (of 48,6%) blanken. De Yndiaanske befolkingsgroep kin fierder opdield wurde yn sa'n 8.200 (of 35,2%) Arapaho fan 'e substamme fan 'e Noardlike Arapaho, en 3.700 (of 16,1%) Sjosjoanen fan 'e substamme fan 'e Eastlike Sjosjoanen. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 spriek doe 22% fan 'e Yndiaanske befolking fan it Wind River Reservaat yn húslik fermidden in oare taal as it Ingelsk.
Skiednis
bewurkje seksjeIt Wind River Reservaat waard yn 1868 oprjochte foar de Eastlike Sjosjoanen, mar doe't yn 1878, nei ôfrin fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, de Noardlike Arapaho al harren lân oan kolonisaasje troch de blanken ferlearen, waarden se by de Eastlike Sjosjoanen yn it Wind River Reservaat pleatst. In Yndiaansk agintskip en militêre bûtenpost, Kamp Auger, waard op 28 juny 1869 stifte op it stee fan it hjoeddeistige stedsje Lander. Yn 1870 waard it omneamd ta Kamp Brown, en yn 1871 waard it ferpleatst nei it plak dêr't no Fort Washakie leit. Dy namme krige it yn 1878, om it Eastlik Sjosjoanske opperhaad Washakie te earjen. Oant 1909 behold it syn funksje fan militêre basis.
Fuort beëasten fan Fort Washakie stiene jierrenlang in troch de Amerikaanske oerheid rund ynternaat foar Yndiaanske bern en in sikehûs. De St. Michael's-skoalle yn Ethete waard tusken 1917 en 1920 boud. It doarp Arapahoe waard oarspronklik stifte as in subagintskip foar de Noardlike Arapaho (dêrfandinne de namme), en hie lange tiid in grutte hannelspost. Yn 1906 waard op lêst fan it Amerikaanske Kongres in diel fan it reservaat ôfstien foar blanke kolonisaasje, en op dy grûn ûntjoech him doe it stedsje Riverton. Mear as in iuw hold de tsierderij oer de status fan dat gebiet oan, oant yn desimber 2013 it Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken, yn gearwurking mei beskate oare oerheidsorganen, kedize dat Riverton ûnderdiel fan it reservaat foarme (yn 2014 focht de steat Wyoming dit beslút by de rjochter oan).
Yn it bûtengebiet fan it Wind River Reservaat waard oan it begjin fan 'e tweintichste iuw begûn mei yrrigaasje, om yn it drûge lân feehâlderij en lânbou mooglik te meitsjen. By Fort Washakie waard in nôtmûne boud. Sûnt de 1980-er jierren hawwe de Yndiaanske stammen yn it reservaat fjouwer kasino's iepene, mei't reservaatlân útsûndere is fan it steatsferbod op gokken dat yn Wyoming fan krêft is. Sadwaande binne it Wind River Casino, it Little Wind Casino en de 789 Smoke Shop & Casino fan 'e Arapaho Stamme en it Shoshone Rose Casino fan 'e Eastlike Sjosjoanestamme de iennichste kasino's yn Wyoming. In oare grutte toeristyske trekpleister yn it reservaat is it Grêf fan Sacajawea, de ferneamde Sjosjoanske frou dy't yn 1804-1806 de romrofte Amerikaanske Ekspedysje fan Lewis en Clark nei de westkust ta begeliede.
De lêste jierren hat it Wind River Reservaat nochal yn 'e belangstelling stien fanwegen misdie en drugsgebrûk. De pleatslike befolking soe sels nei guon strjitten ferwize mei nammen fan beruchte gewelddiedige lokaasjes yn grutte Amerikaanske stêdekloften, lykas Compton. Oare reservaatbewenners hawwe oppenearre dat it der mei Wind River Reservaat foar it meastepart in stik better foarstiet as dat út 'e berjochten yn 'e media nei foarren komt.
Trivia
bewurkje seksjeDe film Wind River spilet yn it Wind River Yndianereservaat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |