Riverton (Wyoming)

Riverton (útspr.: ['ɹɪvǝɹtn], likernôch: "riw-wur-tun"; Arapaho: Hóóxonó’oo, útspr.: [hɔ:xɔnɔʔɔ:], likernôch: "hô-chòn-nò-ô") is in stêd yn Fremont County, yn it westen fan 'e Amerikaanske steat Wyoming. It makket diel út fan it Wind River Yndianereservaat (Wind River Indian Reservation). Neffens in offisjele skatting út 2012, op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010, hie Riverton doe krapoan 11.000 ynwenners.

Riverton
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Wyoming
County Fremont County
Sifers
Ynwennertal 10.971 (2012)
Oerflak 25,6 km² (ynkl. wetter)
25,5 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 415,7 / km²
Hichte 1.509 m
Oar
Stifting 1906
Tiidsône UTC -7
Simmertiid UTC -6
Koördinaten 43°01′40″N 108°23′42″W
Offisjele webside
www.rivertonwy.gov
Kaart
De lizzing fan Riverton yn Fremont County en
yn 'e steat Wyoming.

Riverton, dat sa neamd is om't dêr fjouwer rivieren byinoar komme, waard yn 1906 stifte op lân dat de Arapaho Stamme (Arapaho Tribe) en de Eastlike Sjosjoanestamme (Eastern Shoshone Tribe) fan it Wind River Yndianereservaat op lêst fan it Amerikaanske Kongres ôfstean moatten hiene foar kolonisaasje troch blanken. De stammen leine har lykwols net by dy gong fan saken del, en de tsierderij oer Riverton giet oant hjoed de dei troch. Yn desimber 2013 besleaten it Amerikaanske Miljeubeskermingsagintskip (EPA), it Ministearje fan Binnenlânske Saken en it Ministearje fan Justysje dat Riverton ûnderdiel útmakke fan it reservaat. Dêrmei liek de saak nei mear as in iuw fan strideraasje einlings besljochte te wêzen, mar yn 2014 focht de steat Wyoming dit beslút by de rjochter oan. It is op dit stuit (juny 2014) noch net bekend hoe't it úteinlik beteare sil.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Riverton 15,2% âlder as 65 jier en 23,9% jonger as 18 jier. Fierders bestie 31,3% fan 'e húshâldings út ien persoan. Neffens âldere sifers, fan 'e folkstelling fan 2000, libbe doe 15,7% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 74,5% blanken; 10,4% Yndianen; 9,0% Latino's; 0,5% swarten; 0,3% Aziaten; 5,3% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Riverton hat in steppeklimaat, mei kâlde drûge winters en hjitte, justjes wietere simmers. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 31,7 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –1,1 °C. Riverton kriget jiers trochinoar 223,1 mm delslach.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.