Read Hynder
Read Hynder (Lakota: Tȟašúŋke Lúta, útspr.: [tˣa'ʃũ:ke 'lu:ta], likernôch: "tchasjûûnke lûûta"); Ingelske oersetting: Red Horse; op 'e noardlike Grutte Flakten (Feriene Steaten), 1822 – yn it Cheyenne River Yndianereservaat (Súd-Dakota), 1907) wie in opperhaad fan 'e Lakota, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy waard benammen bekend om't er yn 1876 meifocht yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn en dêr letter yn detail ferslach fan die.
Read Hynder | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tȟašúŋke Lúta | |
oare namme | Red Horse | |
nasjonaliteit | Sû (Sioux) | |
berne | 1822 | |
berteplak | op 'e noardlike Grutte Flakten (Feriene Steaten) | |
stoarn | 1907 | |
stjerplak | yn it Cheyenne River Reservaat (Súd-Dakota) | |
etnisiteit | Lakota-Sû | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan 'e Minnikonzjû-Lakota | |
reden bekendheid |
focht mei yn 'e Slach oan de Little Bighorn |
Libben
bewurkje seksjeRead Hynder waard yn 1822 berne yn it noardlike diel fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, mooglik yn 'e Dakota's, Nebraska, Wyoming of Montana. Hy wie in opperhaad fan 'e Minnikonzjû (Mnikȟówožu), in substamme fan 'e Lakota. Read Hynder troude twaris en hie trije bern.
Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht er op 25 en 26 juny 1876 mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn it suden fan Montana, wêrby't in grut diel fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer besingele en oan 'e lêste man ta útrûge waard troch in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho.
Read Hynder fierde yn dy slach 150 Minnikonzjû-krigers oan, en wie sawol behelle yn it ôfslaan fan 'e oanfal fan it kavalerydetasjemint fan majoar Marcus Reno, oan 'e súdkant fan it Yndiaanske doarp, as yn 'e striid tsjin Custer sels, oan 'e noardkant. Nei't Custer syn mannen op 'e flecht jage wiene, rekke Read Hynder belutsen yn man-tsjin-mangefjochten doe't Kompanjy I fan kaptein Myles Keogh troch de Lakota ûnder de foet rûn waard. Neffens Read Hynder hied er dêrby ferskate patroangurdlen mei munysje bútmakke.
Neitiid joech Read Hynder him yn it foarjier fan 1877, krekt as de measte oare lieders fan 'e Lakota, oer oan 'e Amerikaanske autoriteiten. Hy fêstige him mei de rest fan 'e Minnikonzjû yn it Cheyenne River Yndianereservaat fan Súd-Dakota. Yn 1881 makke er 41 tekenings oer it ferrin fan 'e Slach oan 'e Little Bighorn, en letter joech er der by fraachpetearen ferskate detaillearre beskriuwings fan. Read Hynder stoar yn 1907, yn 'e âlderdom fan 85 jier.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Rodney G. Thomas, Indian Casualties According to Red Horse (pdf-bestân)
- (in) Red Horse - Miniconjou Chief, op FirstPeople.us
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |