Springfield Model 1873
De Springfield Model 1873, eins it Springfield Model 1873 Trapdoor-gewear, wie it earste efterladende gewear dat troch it Amerikaanske Leger as standertwapen ynfierd waard. Dit ienskotsgewear fan fabrikant Springfield Armory waard levere yn in model op folle lingte foar de ynfantery en yn karabynfoarm foar de kavalery, en waard in protte brûkt yn 'e oarloggen tsjin 'e Yndianen.
Springfield Model 1873 | ||
In Springfield Model 1873-gewear mei bajonet. | ||
algemiene ynformaasje | ||
offisjele namme | Springfield Model 1873 Trapdoor-gewear | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type wapen | gewear | |
tsjinstskiednis | ||
brûkt troch | de Feriene Steaten | |
tsjinstwapen | 1873 – 1892 (mei útrinperioade f. ±10 jr.) | |
konflikt(en) | Grutte Sû-Oarloch fan 1876 oare Yndiaanske oarloggen Spaansk-Am. Oarloch Filipynsk-Am. Oarloch | |
ûntwerpskiednis | ||
ûntwerper | Erskine S. Allin | |
ûntwurpen | 1873 | |
fabrikant | Springfield Armory | |
yn produksje | 1873 – 1884 | |
oantal prod. | 700.000 | |
farianten | kavalerykarabyn (560 mm loop) kadettemodel (760 mm loop) | |
spesifikaasjes | ||
gewicht | 4,1 kg | |
lingte | 131,8 sm (828,7 mm loop) | |
berik | 550 m |
Skaaimerken
bewurkje seksjeDe Springfield Model 1873 wie de fyfde fariant op it trapdoor-ûntwerp fan wapensmid Erskine S. Allin, dat ferneamd wie nei in trapdoor ("fallûk"), om't it iepenjen fan it mei knieren tariste sturtstik fan it gewear (sadat it laden wurde koe) op deselde wize as in fallûk wurke. It standertmodel, foar de ynfantery, hie in loop fan 828,7 mm (325/8 inch) en in totale lingte fan 131,8 sm. De lichtere karabyn, dy't foar de kavalery makke waard, hie in loop fan 560 mm (22 inch). Fierders waard der ek noch in (folle seldsumer) model foar kadetten yn oplieding levere, mei in tuskenbeiden loop fan 760 mm (30 inch).
De Springfield Model 1873 weage 4,1 kg (de karabyn wie lichter), en hie in effektyf berik fan 550 m. It gewear wie kaliber .45-70, wat ferwiisde nei in patroan mei .45 kaliber-kûgel en 70 grein (4,5 g) buskrûd. In patroan mei in fermindere lading buskrûd fan 55 grein (3,6 g) waard makke foar it karabynmodel, om 'e weromslach foar skutters te pearde te ferlichtsjen, mar mei as gefolch ek in beheinder berik. De Springfield Model 1873 wie in ienskotsgewear, dat nei elts skot op 'e nij laden wurde moast. In feardich skutter koe der 15 skotten yn in minút mei losse.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1872 en 1873 ûndersocht en teste in Amerikaanske militêre kommisje ûnder lieding fan brigadegeneraal Alfred Terry 99 modellen gewearen fan Amerikaanske en bûtenlânske fabrikanten, wêrûnder guon fan Springfield, Sharps, Remington en Winchester, om in nij standertwapen te kiezen foar it Amerikaanske Leger. De kar foel dêrby op 'e Springfield Model 1873, dat sadwaande de earste efterlader waard dy't as standertwapen troch it Amerikaanske Leger ynfierd waard, hoewol't de Springfield Model 1866 foartiid ûnder de Oarloch fan Reade Wolk al yn beheinde mjitte brûkt wie troch Amerikaanske soldaten dy't by it Bozeman Trail lâns stasjonearre wiene.
Oarspronklik waard de Springfield Model 1873 levere mei koperne patroanen, mar de soldaten ûntdieken al rillegau dat it koper útsette troch waarmte. Dat smiet swierrichheden op by it ferwiderjen fan 'e patroanhúl fan 'e ôfsketten kûgel út it sturtstik as it gewear troch oanhâldend gebrûk hjit wurden wie. Dêr kaam noch by dat it koper grien útsloech as it yn lear (bgl. sealtassen) bewarre waard, en dat dy útslach by it ôfsjitten fan it gewear de patroan praktysk yn it sturtstik fêstlaske. Dan moast de soldaat it patroan der mei syn mês of bajonet útpjukje, eat dêr't er yn in gefjocht fansels gjin tiid foar hie. De karabyn, dêr't gjin laadstôk by levere waard, koe dêrtroch as wapen soms inkeld noch as gnodze brûkt wurde.
Dat probleem waard pas serieus nommen nei't yn juny 1876 yn 'e ferneamde Slach oan 'e Little Bighorn fiif kompanjyen fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint ûnder luitenant-kolonel George Armstrong Custer, dy't mei de Springfield Model 1873-karabyn útrist wiene, troch in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho oan 'e lêste man ta útrûge waarden. Neitiid die nammentlik út ûndersyk bliken dat it fêstrinnen fan harren fjoerwapens wolris yn oansjenlike mjitte bydroegen hawwe koe oan dy nederlaach. By de kompanjyen fan it 7e Kavaleryrezjimint dy't de fjildslach wol oerlibben mar oardel dei lang op in hichte boppe de rivier de Little Bighorn troch de Yndianen belegere waarden en oanhâldend oan oanfallen bleatstiene, wie kaptein Thomas French, de befelfierend ofsier fan M Kompanjy (dy't detasjearre wie fan it 10e Ynfanteryrezjimint) nammentlik allegeduerigen dwaande om mei syn ynfanterylaadstôk de fêstrûne karabinen fan syn mannen skjin te meitsjen.
Neitiid werûntwurp Springfield Armory de patroan fan 'e Springfield Model 1873 mei in brûnzene húl, wat in grutte ferbettering wie om't brûns by hjittens lang net sa útsette as koper en boppedat gjin griene oanslach ôfjoech. Sadwaande is brûns oant hjoed de dei ta it materiaal dat brûkt wurdt foar alle militêre patroanen foar it Amerikaanske Leger. Yn 1884 naam Springfield Armory de Springfield Model 1873 út produksje, om't it gewear doe ferfongen waard troch de nije Springfield Model 1884. It bleau lykwols it standerwapen fan it Amerikaanske Leger oant 1892, doe't it stadichoan ferfongen waard troch it Springfield Model 1892-repeteargewear mei reekleaze patroanen. De Springfield Model 1873 wie lykwols noch altyd yn gebrûk by ûnderstypjende legerienheden ûnder de Spaansk-Amerikaanske Oarloch (1898) en de dêropfolgjende Filipynsk-Amerikaanske Oarloch. Tsjin dy tiid wiene soldaten dy't mei dit wapen tarist wiene, sterk yn it neidiel foar de Spanjerts oer, dy't beskikten oer M93 Mauser-repeteargewearen mei reekleaze patroanen.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|