Swarte Moanne (Lakota: Wi Sápa, útspr.: [wi 'sa:pa], likernôch: "û-y saapa"; Ingelske oersetting: Black Moon; op 'e noardlike Grutte Flakten (Feriene Steaten), ±1821 – yn it Cheyenne River Yndianereservaat (Súd-Dakota), 1 maart 1893) wie in opperhaad fan 'e Lakota, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy waard benammen bekend troch syn dielname oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn 1876, wêrby't in Yndiaanske koälysje de Amerikaanske kavalery in ferpletterjende nederlaach tabrocht. Swarte Moanne moat net betize wurde mei in tiid- en nammegenoat fan him dat in haadman fan 'e Hûnkpapa-Lakota wie.

Swarte Moanne
persoanlike bysûnderheden
echte namme Wi Sápa
oare namme Black Moon
nasjonaliteit (Sioux)
berne ±1821
berteplak op 'e noardlike Grutte Flakten
   (Feriene Steaten)
stoarn 1 maart 1893
stjerplak yn it Cheyenne River Reservaat
   (Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota-
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan 'e
   Minnikonzjû-Lakota
reden
  bekendheid
focht mei yn 'e
   Slach oan de Little Bighorn

Swarte Moanne waard omtrint 1821 berne yn it noardlike diel fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, mooglik yn 'e Dakota's, Nebraska, Wyoming of Montana. Oer de earste fyftich jier fan syn libben is frijwol neat bekend, al moat er him op in stuit ta ien fan 'e opperhaden fan 'e Minnikonzjû-stamme fan 'e Lakota ûntjûn hawwe. Tsjin 1869 beklaaide Swarte Moanne yn elts gefal in ynfloedrike posysje en wied er in fertrouling fan 'e foaroansteande medisynman Sittende Bolle.

Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 joech Swarte Moanne him mei in lytse troep Minnikonzjû by de folgelingen fan Sittende Bolle, dy't bûten it Grutte Sû Reservaat ferbleaune en fierders almeast ta de Lakota-stammen fan 'e Oglala en de Hûnkpapa hearden. Op 25 en 26 juny 1876, doe't er 55 jier wie, focht Swarte Moanne mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in ferpletterjende nederlaach tabrocht.

Om oan ferfolging troch de Amerikanen te ûntkommen wiek Swarte Moanne yn it foarjier fan 1877 út nei Kanada, dêr't er him by Sittende Bolle joech, dy't ek yn ballingskip gien wie en him te Wood Mountain, yn Saskatchewan, fêstige hie. Ek nei't Sittende Bolle yn 1881 weromkearde nei de Feriene Steaten en him oerjoech oan 'e Amerikaanske autoriteiten, bleau Swarte Moanne yn Kanada. Hy en syn gesin wennen te Moose Jaw en Willow Bunch en ûnderholden freonskiplike relaasjes mei de pleatslike befolking, sawol de Yndianen as de blanken. Syn dochter Mary troude sels mei in korporaal fan 'e RCMP, dy't stasjonearre wie yn Fort Walsh.

Uteinlik besleat Swarte Moanne yn 'e maityd fan 1889 om nei de Feriene Steaten werom te kearen oan it haad fan in lytse troep Lakota fan alve tipys. Hoewol't se oan 'e grins ûnderskept waarden troch soldaten, waard harren twa wike letter tastien om troch te reizgjen nei it Standing Rock Yndianereservaat fan Noard-Dakota. Dêrwei waarden Swarte Moanne-en-dy yn oktober 1890 oerpleatst nei it Cheyenne River Yndianereservaat fan Súd-Dakota, dêr't de oare Minnikonzjû wennen.

In diel fan Swarte Moanne syn gesin hearde ûnder de Geastedûnsoarloch ta de folgelingen fan Bûnte Wapity, doe't de Amerikaanske autoriteiten besleaten om 'e geastedûnsbeweging de kop yn te drukken. Sadwaande kamen syn frou, dochter en soan om by it Bloedbad fan Wounded Knee, wêrby't op 29 desimber 1890 by Wounded Knee yn it Pine Ridge Reservaat 297 yn 't foar fierhinne ûntwapene Yndianen, meast froulju en bern, troch it Amerikaanske Leger ôfslachte waarden. Neitiid waarden der tsjin Swarte Moanne en syn bruorren Izerne Hoarn en Houtsteapel beskuldigings utere dat dy ek yn it Pine Ridge Reservaat sjoen wiene, mar as hja al ta de geastedûnsers hearden, dan wiene se oan it bloedbad ûntkomd.

De rest fan syn libben brocht Swarte Moanne troch yn it Cheyenne River Yndianereservaat, dêr't er oan 'e Cherry Creek wenne. Hy ferstoar op 1 maart 1893 yn 'e âlderdom fan 72 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.