Ruth Fuchs
Ruth Fuchs (Egeln, 14 desimber 1946 - Jena, 20 septimber 2023) wie in Dútsk atlete en politika, dy't wilens har sportkarriêre útkaam foar it doetiidske East-Dútslân.
Ruth Fuchs | ||
sporter | ||
Ruth Fuchs (1980) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ruth Fuchs | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
bertedatum | 14 desimber 1946 | |
berteplak | Egeln | |
stjerdatum | 20 septimber 2023 | |
stjerplak | Jena | |
lingte | 1.69 m | |
gewicht | 71 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Atletyk | |
ûnderdiel | Spearwerpen | |
O.S. | München 1972 Montreal 1976 Moskou 1980 | |
debút | 1967 | |
karriêre-ein | 1980 | |
wichtige prestaasjes | ||
2x goud Olympyske Spullen 1972, 1976 2x goud EK 1974, 1978 1x brûns EK 1971 |
Ruth Fuchs | ||
politikus | ||
Ruth Fuchs (1990) | ||
partij | Partei des Demokratischen Sozialismus |
Atletyk
bewurkje seksjeFuchs die trije kear mei oan de Europeeske kampioenskippen, en trije kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1972, 1976 en 1980). Sy waard by dizze kampioenskippen twa kear Europeesk kampioene, en Olympysk kampioene. Nei de Olympyske Simmerspullen fan 1980 beëinige Fuchs har karriêre as atlete. Yn 1994 joech se ta by har karriêre doping brûkt te hawwen.
Wrâldrekôrs
bewurkje seksjeOfstân (m) | Datum | Plak |
65,06 | 11 juny 1972 | Potsdam |
66,11 | 7 septimber 1973 | Edinburgh |
67,22 | 3 oktober 1974 | Rome |
69,12 | 10 july 1976 | Berlyn |
69,52 | 13 juny 1979 | Dresden |
69,96 | 29 april 1980 | Split |
Polityk
bewurkje seksjeNei har sportkarriêre gie Ruth Fuchs yn de polityk. Fan 18 maart 1990 oant de Dútske wereniging op 3 oktober 1990 wie hja lid fan it parlemint de Volkskammer foar de Partei des Demokratischen Sozialismus (PDS), de fuortsetting fan de kommunistyske partij fan de DDR, de SED. Nei de Dútske wereniging wie se lid fan de Bundestag, ek foar de PDS en lid fan it Thüringer Landtags yn Tueringen. Yn 2009 stelde sy har net mear kandidaat foar de Landtags ferkiezingen.
Ruth Fuchs ferstoar op 20 septimber 2023, yn 'e âldens fan 76 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|