Jena
Jena is in stêd yn it easten fan Dútslân, oan de Saale yn de dielstaat Tueringen. De stêd hat goed 105.000 ynwenners en is op Erfurt nei it grutste plak yn Tueringen. Bestjoerlik is Jena in kreisfreie Stadt (stedsdistrikt).
Jena | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Tueringen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 105.129 (2010) | |
Oerflak | 114,29 km² | |
Befolkingsticht. | 920 / km² | |
Hichte | 145-425 m | |
Oar | ||
Stifting | 1182 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
www.jena.de |
Jena is fanâld bekend om syn optyske yndustry. Bekende bedriuwen dy't út Jena komme binne Carl Zeiss en Jenoptik. Yn 1926 waard it earste moderne planetarium troch Zeiss yn it Damenvierteldistrikt fan Jena boud. Hjoeddedei is ûnder oaren bioynformatika, biotechnology en software-produksje] ekonomysk ek fan belang.
Sûnt 1558 is Jena in universiteitsstêd. De Friedrich-Schiller-Universität is ferneamd nei de dichter, Friedrich Schiller, dy't dêr les joech.
De namme fan de stêd komt ek werom yn de Jenaplanskoalle: de betinker fan dat skoalsysteem, Peter Petersen, kaam út Jena.
Bestjoerlike yndieling
bewurkje seksjeStedsdielen binne: Ammerbach Ort, Beutenberg/Winzerlaer Straße, Burgau Ort, Closewitz, Cospeda, Drackendorf, Drackendorf/Lobeda-Ost, Göschwitz, Ilmnitz, Isserstedt, Jena-Noard, Jena-Súd, Jena-West, Jena-Sintrum, Jenaprießnitz, Krippendorf, Kunitz, Laasan, Lichtenhain Ort, Leutra, Lobeda-Altstadt, Lobeda-Ost, Lobeda-West, Löbstedt Ort, Lützeroda, Maua, Mühlenstraße, Münchenroda, Nord II, Remderoda, Ringwiese Flur Burgau, Vierzehnheiligen, Wenigenjena/Kernberge, Wenigenjena Ort, Wenigenjena/Schlegelsberg, Winzerla, Wogau, Wöllnitz, Ziegenhain Ort, Ziegenhainer Tal, en Zwätzen.
Berne yn Jena
bewurkje seksje- Immanuel Fichte (1797-1879), filosoof
- Bernhard fan Lippe-Biesterfeld (1911-2004), Prins fan de Nederlannen
- Dieter Wasshausen (1938), botanikus
- Ingrid Auerswald (1957), sprintster
- Sabine Günther (1963), sprintster
- Bernd Schneider (1973), fuotballer
- Robert Enke (1977-2009), fuotballer