G.W.S. Barrow (folút: Geoffrey Wallis Steuart Barrow; Headingley (Ingelân), 28 novimber 1924Edinburch?, 14 desimber 2013) wie in foaroansteand Britsk histoarikus. Hy waard as gesachhawwend beskôge op it mêd fan 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen yn it algemien en de persoan fan Robert de Bruce yn it bysûnder.

G.W.S. Barrow
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Geoffrey Wallis Steuart Barrow
nasjonaliteit Britsk
berne 28 novimber 1924
berteplak Headingley (Ingelân)
stoarn 14 desimber 2013
stjerplak Edinburch? (Grut-Brittanje)
etnisiteit Ingelsk
Skotsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre non-fiksje (histoaryske wurken)
bekendste
  wurk(en)
Robert Bruce and the Community
   of the Realm of Scotland
jierren aktyf 19562013
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Barrow waard yn 1929 yn Headingley by Leeds yn in begoedige maatskiplik fermidden berne as de soan fan Charles Embleton Barrow en dy syn frou Marjorie Stuart, dy't fan Skotsk komôf wie. Hy wie learling oan 'e St. Edward's School, in ynternaat yn Oxford, folge de middelbere skoalle oan 'e Keninklike Akademy fan Inverness (in kostskoalle yn Skotlân), en studearre neitiid skiednis oan 'e Universiteit fan St. Andrews, yn it Skotske St. Andrews, en oan it Pembroke Kolleezje fan 'e Universiteit fan Oxford.

Nei't er syn stúdzje mei goed gefolch ôfrûne hie, waard Barrow yn 1950 as dosint skiednis oansteld oan it Universiteitskolleezje fan Londen. Dêr wurke er oant er yn 1961 heechlearaar Midsiuwske skiednis waard oan 'e Universiteit fan Durham, yn it Noardingelske Durham. Yn 1974 krige er in oanstelling as heechlearaar Skotske skiednis oan 'e Universiteit fan St. Andrews, en fan 1979 oant syn pinsjoen yn 1992 wie Barrow heechlearaar Skotske skiednis en paleografy oan 'e Universiteit fan Edinburch. Yn St. Andrews wie ien fan Barrow syn studinten de jonge Alex Salmond, de lettere premier fan Skotlân, dy't yn ferskate fraachpetearen sein hat dat er Barrow as ien fan 'e grutte ynfloeden yn syn libben beskôget.

Barrow lei him yn 't earstoan ta op 'e stúdzje fan it feodaal stelsel dat de Normandiërs nei 1066 op 'e Britske Eilannen yntrodusearren, mar syn belangstelling ferskode al rillegau nei de Midsiuwske skiednis fan Skotlân. Dêrby konsintrearre er him op 'e normandisearring fan 'e Midsiuwske Skotske maatskippij en fan 'e Skotske oerheidsynstellings. By it bredere publyk rekke Barrow nei de publikaasje fan syn paadklearjende wurk Robert Bruce and the Community of the Realm of Scotland, út 1965, lykwols benammen bekend as ekspêr oangeande libben en tiid fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce.

Yn 1951 troude Barrow mei Heather Elizabeth Lownie, mei wa't er ien soan en ien dochter krige. Hy ferstoar op 14 desimber 2013, yn 'e âlderdom fan 89 jier.

Wurk (in kar)

bewurkje seksje
  • 1956 – Feudal Britain
  • 1965 – Robert Bruce and the Community of the Realm of Scotland (4e printinge 2005)
  • 1973 – The Kingdom of the Scots (samling artikels)
  • 1980 – The Anglo-Norman Era in Scottish History
  • 1981 – Kingship and Unity: Scotland, 1000–1306
  • 1992 – Scotland and its Neighbours in the Middle Ages (samling artikels)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.