Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen

Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen

De Slach by Stirling, yn 1297.
datum: 12961357
plak: Skotlân, Ierlân, Man en noardlik Ingelân
útkomst: Skotlân wûn syn ûnôfhinklikheid werom
konfliktpartijen
Skotlân Ingelân
befelhawwers
William Wallace
Robert I fan Skotlân
David II fan Skotlân
Edwert I fan Ingelân
Edwert II fan Ingelân
Edwert III fan Ingelân

De Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen wiene in rige militêre fjildtochten dy't oan 'e ein fan 'e trettjinde en yn 'e earste helte fan 'e fjirtjinde iuw tsjininoar ûndernommen waarden troch Skotlân en Ingelân. De Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch begûn yn 1296 mei de ynfaazje fan Skotlân troch kening Edwert I fan Ingelân en einige yn 1328 mei de Frede fan Edinburch-Northampton. De Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch sette yn 1332 útein en kaam yn 1357 ta in ein mei de Frede fan Berwick.

Beide oarloggen makken diel út in grutte bestjoerskrisis dêr't it Keninkryk Skotlân fan te lijen krige nei it hommelse útstjerren fan it âlde keningshûs Canmore yn 1290. De Ingelsen besochten fan it doe ûntstiene machtsfakuum gebrûk te meitsjen troch Skotlân te feroverjen. De útkomst fan 'e oarloggen wie dat Skotlân syn selsstannigens weromwûn. Teffens oppenearre him de grutte spanbôge yn dizze oarloggen foar it earste as in krúsjaal ûnderdiel fan 'e Midsiuwske oarlochsfiering.

Foarskiednis

bewurkje seksje

Tsjin 'e ein fan 'e trettjinde iuw waard Skotlân regearre troch kening Aleksander III, dy't it lân in perioade fan frede en ekonomyske stabiliteit brocht. Yn 1286 kaam Aleksander lykwols om by in fal fan syn hynder, en doe't fjouwer jier letter syn iennichste erfgenamte, syn pakesizzer Margareta, byneamd de 'Faam fan Noarwegen', ek kaam te ferstjerren, ûntstie der in krisis yn Skotlân wêrby't de troan foarearst leech bleau.

Dat machtsfakuum bea in iepening foar Edwert I fan Ingelân om syn ynfloed yn Skotlân út te wreidzjen, temear om't him troch de Skotten frege waard om as skiedsrjochter te fungearjen tusken de ûnderskate troanpretendinten, in barren dat bekend kaam te stean as de 'Grutte Kwestje' (Great Cause). Op Edwert syn oanstean waard yn 1292 Jan fan Balliol, byneamd Jan Leechmantel, te Berwick-upon-Tweed ta kening kroane, wylst er by dy gelegenheid sels fan 'e Skotten erkenning ôftwong as "alderheechste hear" (Lord Paramount) fan Skotlân, wat derop delkaam dat hy, as kening fan Ingelân, tenei de lienhear fan 'e kening fan Skotlân wie. Dêrmei ûndermine er daliks elts gesach dat de nije kening hawwe kinnen hie en makke er Jan ta in soarte fan Ingelsk fazal.

 
It stânbyld fan 'e Skotske frijheidsstrider William Wallace, yn Aberdeen.

Twa jier letter, yn 1294, easke Edwert fan 'e Skotske kening en eallju dat se yn it Ingelske leger tsjinje soene, dat op it Jeropeeske fêstelân tsjin 'e Frânsen focht. Dat gie sels Jan te fier, en ynstee fan oan Edwert syn easken te foldwaan, sleaten de Skotten doe in bûnsgenoatskip mei Frankryk, de saneamde Auld Alliance ("Alde Alliânsje").

De Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch.

Yn antwurd op wat er as ferrie troch de Skotten seach, die Edwert I yn maart 1296 in ynfal yn Skotlân, wêrby't er Berwick-upon-Tweed ferovere en it Skotske leger fersloech yn 'e Slach by Dunbar. Dêrop sette er Jan fan Balliol ôf, dy't er neitiid finzen hold yn 'e Toer fan Londen. Yn Skotlân stelde er Ingelske amtners oan om it lân te bestjoeren. Yn augustus 1296 waarden mear as 1.500 Skotske eallju twongen om te Berwick in eed fan trou oan 'e Ingelske kening te swarren.

Yn maaie 1297 briek yn Skotlân lykwols in opstân út tsjin 'e Ingelske hearskippij, dy't laat waard troch William Wallace en Andréas fan Moray. Hja fersloegen de Ingelsen yn 'e Slach by Stirling, yn 1297, mar litten it jiers dêrop in slimmen nederlaach yn 'e Slach by Falkirk. Lykwols slagge it de Ingelsen net en hâld hiel Skotlân ûnder de tomme. Yn 'e simmer fan 1301 rûn in nije Ingelske ynfal op 'e non, mar yn 1303 wist Edwert I einlings hiele Skotlân te feroverjen. By in plechtichheid yn febrewaris 1304 joegen alle Skotske lieders, mei útsûndering fan William Wallace, har formeel oan him oer. Hoewol't de Ingelske kening bearde dat Skotlân no weromkeare soe nei de stân fan saken ûnder it regear fan Aleksander III, wie de Skotske ynbring yn it bestjoer fan har eigen lân minym en inkeld foar de foarm, wylst it fannijs Ingelske bestjoerders wiene dy't it foar it sizzen krigen. Doe't op 5 augustus 1305 de fuortflechtige William Wallace troch de Ingelsen oppakt waard yn 'e neite fan Glasgow en op 23 augustus te Londen terjochtsteld waard, liek de Ingelske oerwinning finaal te wêzen.

 
In fiktoriaansk groepsportret fan 'e Skotske lieders yn 'e Unôfhinklikheids-oarloggen. Fan rjochts ôf: William Wallace, Isabella MacDuff, Robert I fan Skotlân, de Swarte Douglas, Tomas Randolph, 1e greve fan Moray en David II fan Skotlân.

Dat wie lykwols net sa, want yn febrewaris 1306 fermoarde Robert fan Bruce, greve fan Carrick, ien fan 'e wichtichste Skotske troanpretendinten, yn 'e Greyfriars Kirk yn Dumfries syn foarnaamste rivaal Jan III fan Comyn, hear fan Badenoch. Minder as sân wiken letter liet er him ta kening fan Skotlân kroane. As Robert I wraksele er dêrnei mear as tweintich jier lang, earst om 'e ûnôfhinklikheid fan syn heitelân werom te winnen, en dêrnei om dy ûnôfhinklikheid feilich te stellen foar de takomst.

Mei de oerwinning op 'e Ingelsen yn 'e Slach by Bannockburn, yn 1314, bewiisden de Skotten dat se wer baas yn eigen hûs wiene. It jiers dêrop waard Robert syn broer Edwert fan Bruce ta hege kening fan Ierlân kroane ûnder de koartduorjende Skotske ynfaazje fan dat troch de Ingelsen bestjoerde eilân. Uteinlik kaam oan dat Ierske aventoer fan it Hûs Bruce in ein doe't Edwert fan Bruce yn 1318 yn 'e Slach by Faughart sneuvele. Yn 1320 liet Robert de Ferklearring fan Arbroath ôfkundigje, wrâlds earste dokumintearre ûnôfhinklikheidsferklearring. Doe't dy de stipe krige fan paus Jehannes XXII, moast ek de Ingelske Kroan him úteinlik by in selsstannich Skotlân dellizze. Yn maaie 1328 tekene kening Edwert III fan Ingelân einlings en te'n lêsten it Ferdrach fan Edinburch-Northampton, wêryn't Skotlân erkend waard as in ûnôfhinklik lân mei Robert de Bruce as kening.

 
It stânbyld fan Robert I fan Skotlân op it slachfjild fan Bannockburn.

De Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch.

Nei de dea fan Robert I, yn 1329, laten de yntriizjes fan 'e saneamde 'Unterfden', in groep Skotske eallju dy't yn 'e earste oarloch oan 'e Ingelske kant fochten hie, ta in nij konflikt. Yn 1332 diene dy ûnder lieding fan Edwert fan Balliol (de soan fan Jan fan Balliol) en mei stipe fan 'e Ingelske kening Edwert III (de pakesizzer fan Edwert I) in ynfal yn Skotlân. Tsjin alle ferwachtings yn wist it lytse legerke fan ballingen en hierlingen yn 'e Slach by Dupplin Moor in folle grutter Skotsk regearingsleger te ferslaan. Dêrnei liet Edwert fan Balliol himsels ta kening fan Skotlân kroane, wêrby't er him daliks in trou fazal fan 'e Ingelske kening betoande. It wiere Skotske regear liet de moedfearren lykwols net hingje, en ûnder Archibald Douglas brochten Skotske regearingstroepen Balliol-en-dy yn 1533 in ferpletterjende nederlaach ta by Annan. Dêrop late Edwert III fan Ingelân lykwols in Ingelsk leger nei it noarden ta om syn bûnsgenoat te help te kommen.

Yn 't earstoan brochten de Ingelsen de Skotten swiere nederlagen ta. Wylst de minderjierrige kening David II mei syn hofhâlding yn ballingskip gie yn Frankryk, waard Skotlân regearre troch in rige beskermhearen, dy't in guerrilja-oarloch tsjin 'e oanhâldende Ingelske ynfaazjes úteinsetten. De sterke stipe dy't de Skotten fan kening Filips VI fan Frankryk ûntfongen, en dy't yn 1337 late ta it útbrekken fan 'e Hûndertjierrige Oarloch tusken Ingelân en Frankryk, wie op dit punt yn 'e oarloch ûnmisber. Tsjin 1338 hie Edwert III, dy't ynsiet oer in mooglike Frânske ynfal yn súdlik Ingelân, in grut diel fan syn troepen út Skotlân weromlutsen en wiene de Skotten wer fierhinne baas yn eigen lân.

 
David II (loftsûnder) finzen nommen yn 'e Slach by Neville's Cross.

Nei't David II yn 1341 weromkeard wie yn Skotlân, wied er wisberet om 'e oantins oan syn heit Robert I eare oan te dwaan en syn tankberens oan Filips VI foar de Frânske stipe blike te litten. Dêrta joech er sels lieding oan ferskate ynfallen yn noardlik Ingelân. Yn 1346 waard it Skotske leger yn Noardumberlân lykwols ferslein yn 'e Slach by Neville's Cross, wêrby't David II kriichsfinzen makke waard. Hy waard dêrnei troch (syn sweager) Edwert III alve jier lang finzen holden yn 'e Toer fan Londen, wylst syn omkesizzer Robert Stewart, 7e grutsteedhâlder fan Skotlân (dy't âlder as him wie) yn syn stee oer Skotlân regearre. Nei in lêste mislearre ynfal yn Skotlân, yn 1355, joech Edwert fan Balliol úteinlik yn 1356 syn oanspraken op 'e Skotske troan op.

Yn 1357 waard David II einlings en te'n lêsten troch de Ingelsen frijlitten. Under de betingsten fan 'e Frede fan Berwick, dêr't de frijlitting ûnderdiel fan útmakke, moast Skotlân de ûnbidige lospriis fan 100.000 Skotske marken betelje (ien Skotske mark wie ⅔ fan in Britsk pûn). Yn 1363 stimde David II der boppedat mei yn dat as hysels sûnder bern ferstoar, Edwert III of ien fan dy syn soannen him opfolgje soe. (De measte histoarisy sjogge dy oerienkomst lykwols as in falsk besykjen om 'e Ingelsen safier te krijen dat se de rest fan 'e lospriis kwytskelden, wat se net diene.) It Skotske parlemint ferwiisde dizze oerienkomst nei de foddekoer, en doe't David II yn 1371 yndie sûnder bern ferstoar, waard er opfolge troch syn omkesizzer Robert Stewart, as Robert II. By de dea fan Edwert III, yn 1377, moasten der fan 'e lospriis noch 24.000 Skotske marken betelle wurde, mar dêr waard net mear oan foldien.

De útkomst fan 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen wie dat Skotlân syn selsstannigens weromwûn en trijehûndert jier lang behold, oant kening Jakobus VI fan Skotlân yn 1603 as Jakobus I ek op 'e Ingelske troan kaam. Neitiid foarmen de beide keninkriken in personele uny oant se yn 1707, by de saneamde Act of Union, ek polityk gearfoege waarden ta it nije lân Grut-Brittanje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.