Aberdeen (Skotsk-Gaelysk: Obar Dheathain) is in stêd yn Noardeast-Skotlân, yn Aberdeenshire. It is nei ynwennertal de tredde stêd fan Skotlân. Aberdeen leit oan de Noardsee by de mûningen fan de rivieren Dee en Don.

Aberdeen
Flagge Wapen
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Steat Skotlân
council area Aberdeen Stêd
Sifers
Ynwennertal 196.670 (2014)
Oerflak 184,46 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 1.169 / km²
Stêdekloft n.f.t.
Hichte 2-10 m
Oar
Stifting 1179
Tiidsône UTC 0
Simmertiid UTC+1
Webside Offisjeel webstee Aberdeen
Lizzing fan Aberdeen yn Skotlân
Aberdeen, spoarstasjon

De twa universiteiten, de University of Aberdeen, oprjochte yn 1495, en de Robert Gorden University (RGU), dy't earst yn 1992 universiteitsstatus krige, meitsje fan Aberdeen de studintestêd fan it noarden. De stêd wie al yn de 12e iuw fan belang.

De tradisjonele papier-, skip- en tekstylyndustryen, ûntstien yn de tiid fan de Yndustriële Revolúsje, binne de lêste jierren foarbystribbe troch de oaljeyndustry en de seehaven. Itselde jildt foar de fiskyndustry. De helyhaven fan Aberdeen is ien fan de drokste kommersjele helyhavens yn de wrâld, en de seehaven is de grutste fan Noardeast-Skotlân.

Keppelings om utens bewurkje seksje