Beskermhear fan Skotlân
De beskermhearen fan Skotlân wiene reginten en de facto steatshaden dy't ûnder it Earste Keningsleaze Tiidrek (1290-1292) en it Twadde Keningsleaze Tiidrek (1296-1306) oer it keninkryk Skotlân regearren. Yn 'e rest fan 'e Skotske skiednis kaam it gauris foar dat in kening of keninginne minderjierrich op 'e troan kaam, sadat der in regint oansteld wurde moast, mar dy waarden neitiid inkeld ûnder it regear fan kening David II oantsjutten as 'beskermhearen'.
Under it Earste Keningsleaze Tiidrek (1290-1292)
bewurkje seksje- William Fraser, biskop fan St. Andrews (1290-1292)
- Robert Wishart, biskop fan Glasgow (1290-1292)
- Jan II Comyn, hear fan Badenoch (1290-1292)
- Jakobus Stewart, 5e grutsteedhâlder fan Skotlân (1290-1292)
- Aleksander Comyn, greve fan Buchan (1290-1292)
Under it Twadde Keningsleaze Tiidrek (1296-1306)
bewurkje seksje- Andréas fan Moray (1297)
- William Wallace (1297-1298)
- Robert fan Bruce, greve fan Carrick (1298-1300)
- John III Comyn, hear fan Badenoch (1298-1300 & 1302-1304)
- William Lamberton, biskop fan St. Andrews (1299-1301)
- Ingram fan Umfraville (1300-1301)
- Jan fan Soules (1301-1304)
- John fan Bretanje, greve fan Richmond (1305-1307 & 1307-130?) (oansteld troch Edwert I fan Ingelân)
Under de minderjierrigens fan David II fan Skotlân
bewurkje seksje- Tomas Randolph, 1e greve fan Moray (1329-1332)
- Donald II, greve fan Mar (1332, 10 dagen)
- Andréas Murray (1332-1333, oant er finzen nommen waard troch de Ingelsen)
- Archibald Douglas (1333, in fearnsjier)
- Andréas Murray (1335-1338, foar de twadde kear)
- Robert de Steedhâlder (omkesizzer fan, mar âlder as David II, wie fjouwer kear beskermhear, soms mei oaren, en de lêste kears fan 1345-1357, doe't David II kriichsfinzen wie yn Ingelân; mei't David sûnder manlike erfgenamt stoar, folge Robert him op as kening)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: References dizze side. |