Keninkryk Skotlân

It Keninkryk Skotlân (Skotsk-Gaelysk: Rhìoghachd na h-Alba; Skotsk: Kinrick o Scotland) wie in ûnôfhinklike steat yn Noardwest-Jeropa dy't neffens de tradysje stifte wie yn 843. Yn 't earstoan wie dit lân beheind ta in diel fan it tsjintwurdige Skotlân, mar meitiid wreide it him fierder út oant it yn 1472, mei de anneksaasje fan 'e Orkney- en Sjetlâneilannen, de foarm fan it hjoeddeistige Skotlân berikte. Yn 1707 gie it Keninkryk Skotlân mei syn súdlike buorsteat, it Keninkryk Ingelân, op yn it feriene Keninkryk Grut-Brittanje, dat him yn 1801, troch de tafoeging fan Ierlân, ûntjaan soe ta it Feriene Keninkryk.

Keninkryk Skotlân
Rhìoghachd na h-Alba (Skotsk-Gaelysk)
Kinrick o Scotland (Skotsk)
843 – 1707
flagge wapen
Skotsk: In My Defens God Me Defend
("Yn Myn Noed Sil My God Ferdigenje")
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd Edinburch
offisjele taal Skotsk-Gaelysk (743-1495)
Skotsk (1495-1707)
steatsfoarm keninkryk
ûntstien út Keninkryk Dalriada
Keninkryk Gallowegen
Keninkryk f.d. Pikten
Keninkryk Strathclyde
Keninkryk Noardumbrje
opgien yn Keninkryk Grut-Brittanje
no diel fan it Feriene Keninkryk
sifers
ynwennertal    500.000 (1500)
1.235.000 (1700)
befolkingstichtens 6,4 / km² (1500)
15,8 / km² (1700)
oerflak 78.387 / km² (fan ôf 1472)
bykommende ynformaasje
muntienheid Skotsk pûn

De namme "Skotlân" is ôfkomstich fan it wurd Scoti, de Latynske namme foar de Gaelen (de Kelten yn it noardwesten fan 'e Britske Eilannen, dêr't behalven de Skotten ek de Ieren en de Manksen ta hearre). Hoewol't de Latynske term Scotia oarspronklik in oantsjutting foar Ierlân wie, kaam de namme troch de Gaelyske ferovering fan westlik Skotlân, yn 'e sechsde iuw, op dat gebiet te slaan.

 
It Kastiel fan Edinburch.

It Keninkryk Skotlân besloech (úteinlik) it noardlike trêdepart fan it eilân Grut-Brittanje, dat foar de kust fan Noardwest-Jeropa yn 'e Atlantyske Oseaan leit en ta de Britske Eilannen heart. Nei de anneksaasje fan 'e Orkney- en Sjetlâneilannen, yn 1472, hie it keninkryk in totaal oerflak fan 78.387 km², wêrfan't 1,9% út wetter bestie. De iennichste lângrins fan it Keninkryk Skotlân wie dy mei it Keninkryk Ingelân, dy't yn it suden oer in ôfstân fan 96 km út it súdwesten nei it noardeasten rûn, fan kust nei kust. Oan alle oare kanten waard it Keninkryk Skotlân troch see omjûn: yn it easten en noardeasten troch de Noardsee, yn it noarden en westen troch de iepen Atlantyske Oseaan, en yn it súdwesten troch de Ierske See en it Noarderkanaal.

Yn 'e Midsiuwen ûntjoech Skotlân him ta in grienmank fan folken en riken. It noarden en noardeasten fan it lân waard bewenne troch de Pikten, in folk fan ûndúdlik komôf, hoewol't it tsjintwurdich wierskynlik achte wurdt dat hja ôfstammen fan 'e earste weach fan Keltyske lânferhuzers dy't yn it lêste milennium f.Kr. fan it fêstelân fan Jeropa oerstiek nei de Britske Eilannen en him dêr fermong mei de dêr al tahâldende Pre-Yndo-Jeropeeske bewenners. It Súdskotsk Berchlân en it grutste part fan it leechlân waard al foarôfgeande oan 'e Romeinske Tiid bewenne troch Brytoanyske Kelten.

 
Kenneth MacAlpin, neffens de tradysje de earste kening fan Skotlân.

Fierders setten omtrint 500 de earste Gaelen (of Skotten) út Ierlân har nei wenjen oan 'e Skotske westkust, wylst yn 'e sânde iuw de Germaanske Angelen út harren keninkryk Noardumbrje wei nei it noarden opteagen en súdeastlik Skotlân besetten. As lêsten arrivearren fan likernôch 800 ôf de Skandinavyske Wytsingen, benammen Noaren, dy't har yn it uterste noarden fan 'e Skotske Heechlannen (it skiereilân Caithness) en op 'e Hebriden nei wenjen setten. Op 'e Orkney- en Sjetlâneilannen waard de oarspronklike Piktyske befolking folslein troch de Noarske kolonisten assimilearre, mar dy beide eilannegroepen foelen yn dy tiid ûnder de Noarske Kroan, en waarden hielendal net ta Skotlân rekkene.

As de berte fan it Keninkryk Skotlân wurdt ornaris de kroaning beskôge, yn 843, fan Kenneth MacAlpin ta kening fan Piktlân, al moat it wiere ûntstean fan it nije lân wierskynlik inkele generaasjes letter pleatst wurde. Op dat barren folge in stadige ekspânsje fan it mienskiplike keninkryk fan 'e Pikten en de Gaelen, dat tsjin 'e alfde iuw "Skotlân" kaam te hjitten. Yn 1124 waard it Brytoanyske Keninkryk Strathclyde ta Skotlân foege, en teffens Lothian, yn it súdeasten, dat oant dy tiid yn Angelsaksyske hannen west hie. Dy opskowing fan 'e grins yn súdlik rjochting waard yn 1137 befêstige mei it Ferdrach fan York. Mei de komst fan in feriene keninkryk ûntstie ek in proses wêrby't Skotlân omtrint de tolfde iuw, benammen ûnder it regear fan kening David I, stadichoan begûn te feodalisearjen, in ûntwikkeling dy't allinnich mar fuortsterke waard troch de ymmigraasje fan Anglo-Normandyske ealju út Ingelân en Frankryk wei.

 
It stânbyld fan 'e Skotske frijheidsstrider William Wallace, yn Aberdeen.

Yn 'e jierren 1234 en 1235 folge de ynkorporaasje fan Gallowegen, yn it súdwesten, en nei't kening Aleksander III yn 1263 Haakon IV fan Noarwegen yn it ramt fan 'e Skotsk-Noarske Oarloch ferslein hie yn 'e Slach by Largs, koene by it Ferdrach fan Perth, yn 1266, ek Caithness, de Hebriden en it eilân Man oan Skotlân tafoege wurde (hoewol't Man letter wer ferlern gie). Nei it ferstjerren fan Aleksander III, yn 1286, fjouwer jier letter folge troch de dea fan syn iennichste erfgenamte, syn pakesizzer Margareta, byneamd de 'Faam fan Noarwegen', ûntstie der in krisis yn Skotlân wêrby't de troan foarearst leech bleau en it lân bestjoerd waard troch in stikmannich saneamde beskermhearen.

Dat machtsfakuum bea in iepening foar kening Edwert I fan Ingelân om syn ynfloed yn Skotlân út te wreidzjen, temear om't him troch de Skotten frege waard om as skiedsrjochter te fungearjen tusken de ferskate troanpretendinten. By dy saneamde Grutte Kwestje, waard op oanstean fan Edwert yn 1292 Jan fan Balliol, byneamd Jan Leechmantel, te Berwick-upon-Tweed ta kening kroane. Dêrby betong Edwert dat hysels troch de Skotten erkend waard as "alderheechste hear" (Lord Paramount) fan Skotlân, wat derop delkaam dat hy, as kening fan Ingelân, tenei de lienhear fan 'e kening fan Skotlân wie. Dêrmei ûndermine er daliks elts gesach dat de nije kening hawwe kinnen hie en makke er Jan ta in soarte fan Ingelsk fazal.

Twa jier letter, yn 1294, easke Edwert fan 'e Skotske kening en eallju dat se yn it Ingelske leger tsjinje soene, dat op it fêstelân fan Jeropa tsjin 'e Frânsen focht. Dat gie sels Jan te fier, en ynstee fan oan Edwert syn easken te foldwaan, sleaten de Skotten doe in bûnsgenoatskip mei de Frankryk, de saneamde Auld Alliance ("Alde Alliânsje"), dy't fan 1295 oant 1560 duorje soe. Edwert die dêrop in ynfal yn Skotlân, sette Jan fan Balliol ôf en griep sels de macht yn it lân. Dat late ta de saneamde Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen, wêrby't Andréas fan Moray en William Wallace as de wichtichste lieders fan it Skotske ferset tsjin 'e Ingelske oerhearsking nei foarren kamen. Hja fersloegen de Ingelsen yn 'e Slach by Stirling, yn 1297, mar litten it jiers dêrop in slimmen nederlaach yn 'e Slach by Falkirk. Hoewol't Wallace úteinlik troch ferrie yn Ingelske hannen foel en yn 1305 op in Londensk skavot einige, wie dat net de ein fan 'e striid, sa't Edwert hope hie.

 
De brêge fan Stirling, it toaniel fan 'e Slach by Stirling yn 1297.

Want yn 1306 fermoarde Robert fan Bruce, greve fan Carrick, ien fan 'e wichtichste Skotske troanpretendinten, yn 'e Greyfriars Kirk yn Dumfries syn foarnaamste rivaal, Jan III fan Comyn, hear fan Badenoch. Minder as sân wiken letter waard Bruce ta kening fan Skotlân kroane. As Robert I wraksele er dêrnei mear as tweintich jier lang, earst om 'e ûnôfhinklikheid fan syn heitelân werom te winnen, en dêrnei om dy ûnôfhinklikheid feilich te stellen foar de takomst. Mei de oerwinning oer de Ingelsen yn 'e Slach by Bannockburn, yn 1314, bewiisden de Skotten dat se wer baas yn eigen hûs wiene. It jiers dêrop waard Robert syn broer Edwert fan Bruce ta hege kening fan Ierlân kroane ûnder de koartduorjende Skotske ynfaazje fan dat troch de Ingelsen bestjoerde eilân. Yn 1320 liet Robert de Ferklearring fan Arbroath ôfkundigje, wrâlds earste dokumintearre ûnôfhinklikheidsferklearring. Doe't dy de stipe krige fan paus Jehannes XXII, moast ek de Ingelske Kroan him úteinlik by in selsstannich Skotlân dellizze en kaam yn 1328 de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch ta in ein mei de Frede fan Edinburch-Northampton.

Nettsjinsteande dat holden de beide Britske keninkriken noch iuwenlang in muoisume en by fleagen fijannige relaasje. Fan 1332 ôf soarge de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch foar in werhelling fan setten, wêrby't hiel it lân earste troch de Ingelsen en harren Skotske meistanners oerweldige rekke, mar neitiid mei Frânske stipe wer weromwûn waard. Dêrnjonken late de bittere rivaliteit tusken de Bruce-dynasty en de Comyn/Balliol-famylje ta ynterne rebûlje yn Skotlân en sels ta in boargeroarloch dy't oant de midden fan 'e fjirtjinde iuw oanhold. Hoewol't de Bruce-dynasty de winner yn dy striid waard, feroarsake it brekme oan manlike erfgenamten fan kening David II yn 1371 dat mei syn omkesizzer Robert II it Hûs Stuart op 'e troan kaam.

 
It stânbyld fan Robert de Bruce op it slachfjild fan Bannockburn.

De Stuarts (eins: Stewarts) hearsken dêrnei oant de Renêssânse oer Skotlân, en ûnder harren bewâld makke it lân in gruttere woltier troch as ea tefoaren, nettsjinsteande de oanhâldende konfrontaasjes mei Ingelân en de swierrichheden dy't feroarsake waarden troch de almar djippere kulturele kleau tusken it leechlân en de Heechlannen. It wie yn dy snuorje dat it de Skotten yn 1472 einlings slagge om 'e Orkney- en de Sjetlâneilannen los te weakjen fan Noarwegen, al gie yn it uterste súdeasten de stêd Berwick-upon-Tweed yn 1482 foargoed ferlern oan Ingelân.

Yn 1502 tekene Jakobus IV fan Skotlân it Ferdrach fan Ivige Frede mei Hindrik VII fan Ingelân. Om dat te besegeljen naam er Hindrik syn dochter Margareta Tudor ta frou, in houlik dat late ta in famyljebân tusken de Tudors fan Ingelân en de Stuarts fan Skotlân. In goede tsien jier letter, yn 1513, waard Jakobus troch omstannichheden, de ferbûnsferplichtings mei Frankryk en Ingelske agresje twongen en doch in ynfal yn noardlik Ingelân, mar de ekspedysje draaide út op in fiasko, en it Skotske leger waard ferneatigjend ferslein yn 'e Slach by Flodden, dêr't Jakobus IV op it slachfjild sneuvele. Syn soan, Jakobus V, stoar yn 1543 sûnder manlike opfolgers, sadat syn dochter Marije Stuart op 'e troan kaam as keninginne suo jure. Yn 1560 moast Skotlân ûnder Ingelske druk by it Ferdrach fan Edinburch de Auld Alliance mei Frankryk beëinigje.

Datselde jiers, 1560, fierde Skotlân de troch de tsjerkeherfoarmer John Knox beïvere Reformaasje troch en waard it sadwaande in kalvinistysk lân. Dat late ta nije ynterne striid, mei't de yn Frankryk goedroomsk grutbrochte Marije der neat fan witte woe om nei it protestantisme oer te gean. Yn in barbaarske boargeroarloch waarden de oanhingers fan 'e keninginne lytsman makke, en Marije sels waard yn 1567 ôfset, wêrnei't Skotlân regearre waard troch in rige reginten foar har jonge soan Jakobus VI yn 't plak. Nei in mislearre besykjen om 'e troan werom te winnen, flechte Marije de grins mei Ingelân oer, dêr't se troch har efternicht Elizabeth I krapoan tweintich jier lang finzen holden waard, oant har eksekúsje yn 1587.

 
Kening Jakobus VI fan Skotlân, dy't as Jakobus I ek op 'e Ingelske troan kaam.

Doe't mei Elizabeth yn 1603 it Hûs Tudor útstoar, waard Jakobus VI fan Skotlân as har neiste famyljelid har erfgenamt, en kaam er as Jakobus I op 'e Ingelske troan. Sadwaande waarden Skotlân, Ingelân en ek Ierlân doe feriene yn in personele uny, de Uny fan de Kroanen, mei ien en deselde kening oan it bewâld. Hoewol't it lân tenei fierhinne út it Ingelske Londen wei regearre waard, bleau Skotlân lykwols noch in iuw lang yn namme in selsstannich lân, útsein ûnder de koarte perioade fan it Protektoraat (1657-1659) en it dêropfoljgende Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân (1659-1660), doe't Oliver Cromwell en de Ingelske republikeinen de Britske Eilannen ta ien steat ferienen.

Pas yn 1707 waard mei it Ferdrach fan de Uny en de beide (Ingelske en Skotske) Wetten op de Uny it feriene Keninkryk Grut-Brittanje skepen, mei ien parlemint en ien regear (allebeide yn Londen). Dat barde nei it jammerdearlik ferrûne besykjen om in Skotske koloanje te stiftsjen yn wat no Panama is, dêr't nei't sein wurdt frijwol alle grûnbesitters yn Skotlân jild yn stutsen hiene. It bankrot fan 'e Skotske elite, dat dêr it gefolch fan wie, die in protte om sokken derfan te oertsjûgjen dat de uny mei Ingelân in goed ding wie (foar de miening fan it gewoane folk hie doedestiden nimmen belangstelling), en Ingelske drigeminten dat der oarloch komme soe as de Skotten net omlyk woene, beklonken de kwestje. Hoewol't der neitiid, yn 1715, 1719 en 1745 noch opstannen yn Skotlân plakfûnen, waarden dy yn bloed smoard en wie Skotlân syn selsstannichheid foargoed kwyt.

 
De foarm fan 'e Union Jack dy't tusken 1606 en 1707 yn Skotlân brûkt waard, mei it Skotske wite skeankrús oer it Ingelske reade steande krús hinne ynstee fan oarsom.

It Keninkryk Skotlân wie in absolute monargy mei yn 'e regel in kening oan it haad dy't oant 1296 kroane waard mei in formele seremoanje by de Stien fan Scone. Yn twa gefallen wie der in keninginne dy't út eigen rjocht regearre, nammentlik Margereta (1286-1290) (hoewol't dy har regear omstriden is om't se minderjierrich wie en nea foet op Skotske boaiem sette), en Marije I (1542-1587).

Hoewol't der fan 'e sechstjinde iuw ôf ivere waard foar de ynfiering fan in konstitúsjonele monargy, waard dat altyd tsjinholden troch de Skotske Kroan. De Kroan bleau ek oan 'e ein ta de ferienjende macht yn it keninkryk, nettsjinsteande it grutte oantal monargen dat minderjierrich op 'e troan kaam en dêr't in regint foar oanwiisd wurde moast. It Parlemint fan Skotlân wie yn prinsipe de autoriteit op it mêd fan wetjouwing, belestingheffing en algemien belied, mar it waard gauris oan 'e kant set troch de Kroan, en nei de feriening mei Ingelân waard it yn 1707 opheft.

Der wurdt rûsd, op basis fan it beskikbere lânbou-areaal, dat de befolking fan it Keninkryk Skotlân tusken syn stifting yn 'e njoggende iuw en de Swarte Dea, de pestepidemy dy't it lân yn 1349 trof, oanwoeksen wie fan likernôch 500.000 ta ien miljoen. Hoewol't der gjin betroubere dokumintaasje foarhâns is oer de ynfloed dy't de pest op 'e befolkingsgrutte hie, besteane der withoefolle anekdotale ferwizings nei lânbougrûn dy't yn 'e desennia nei 1349 ûnbrûk rekke. As it patroan fan 'e Swarte Dea yn Skotlân oerienkomt mei dat yn Ingelân, is de befolkingsgrutte nei gedachten weromrûn oant 500.000 oan 'e ein fan 'e fjirtjinde iuw.

Sadwaande moat it Keninkryk Skotlân om 1500 hinne dus likernôch in heal miljoen ynwenners hân hawwe, dy't frij lykmjittich oer it lân ferspraat wennen, mei sa'n 250.000 benoarden de rivier de Tay en in selde oantal súdlik dêrfan. De hjoeddeiske konsintraasje fan 'e Skotske befolking yn 'e stêden fan it leechlân ûntstie pas ûnder de Yndustriële Revolúsje, doe't der in grutte urbanisaasje plakfûn. Omtrint 1500 wenne miskien 10% fan 'e Skotten yn in ommuorre stêd. De grutste fan dy stêden, de haadstêd Edinburch, hie tsjin 'e ein fan 'e Midsiuwen in ynwennertal fan mar justjes mear as 10.000 minsken.

Priisynflaasje, in ferskynsel dat doedestiden ornaris fuortkaam út in groeiende fraach nei iten, suggerearret dat de befolking fan it keninkryk yn 'e earste helte fan 'e sechstjinde iuw sterk oanwoeks. Nei de hongersneed fan 1595 moat de befolkingsgroei lykwols frijwat belune wêze, mei't de prizen yn 'e iere santjinde iuw relatyf stabyl bleaune. Berekkenings op basis fan 'e hefte belestings yn 1691 hawwe in befolkingsgrutte fan 1.234.575 opsmiten, al moat dêrby oantekene wurde dat der letter yn 'e 1690-er jierren ferskate hongersneden plakfûnen dy't dat oantal sterk beynfloede hawwe kinne. Tsjin 1750 soe Edinburch (foarstêden ynbegrepen) in ynwennertal fan 57.000 minsken berikke. De iennichste oare plakken mei mear as 10.000 ynwenners wiene doe Glasgow (32.000), Aberdeen (16.000) en Dundee (12.000).

 
De taalsitewaasje yn Skotlân omtrint 1400.
     Skotsk-Gaelysk
     Skotsk

By of koart nei de stifting fan it Keninkryk Skotlân waard yn it noardeasten fan it lân Piktysk sprutsen, yn it noardwesten Skotsk-Gaelysk, yn it súdwesten Kumbrysk en yn it súdeasten Skotsk. Sawol it Piktysk as it Kumbrysk stoar yn 'e Midsiuwen út, wylst de Wytsingen, dy't har yn dyselde perioade op 'e Orkney- en Sjetlâneilannen nei wenjen setten, in Noardgermaanske taalfoarm meinommen dy't him dêr úteinlik ta it Norn ûntjoech.

Op it fêstelân hie it Skotsk-Gaelysk earst de oerhân, mar fan 'e trettjinde iuw ôf waard dat stadichoan tebekkrongen troch it út it Angelsaksysk fuortkommen Skotsk. Oant likernôch 1495 wie it yn Skotlân wenst om it Skotsk-Gaelysk Scottis ("Skotsk") te neamen, wylst it Skotsk fan Inglis of Ynglis ("Ingelsk") hiet. Mar omtrint dy tiid waarden de rollen omdraaid: it Skotsk kaam doe Scottis te hjitten, wylst it Skotsk-Gaelysk fan Erse ("Iersk") neamd waard. Dat jout moai it omslachpunt oan wêrby't it Skotsk de machtsstriid mei it Skotsk-Gaelysk yn syn foardiel wist te besljochtsjen: foartiid waard it Skotsk as in frjemde taal sjoen ("Ingelsk"); no begûn men it Skotsk-Gaelysk as in frjemde taal te sjen ("Iersk").

It Skotsk waard yn 'e Lette Midsiuwen sterk beynfloede troch it Frânsk, mar lang net yn 'e mjitte wêryn't dat by it Ingelsk it gefal wie. Oan 'e ein fan 'e Midsiuwen krong it Ingelsk yn 'e Skotske stêden troch, fral ek nei't de offisjele bibeloersetting fan 'e Tsjerke fan Skotlân yn 1611 net yn it Skotsk mar yn it Ingelsk útbrocht waard. Likegoed bleau it Skotsk de offisjele taal fan it Keninkryk Skotlân fan 'e ein fan 'e fjirtjinde iuw ôf oan de opheffing fan it lân yn 1707 ta.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.