Keninkryk Grut-Brittanje

It keninkryk Grut-Brittanje (Ingelsk: Kingdom of Great Britain), offisjeel Grut-Brittanje (Great Britain), wie in selsstannige steat yn West-Jeropa fan 1 maaie 1707 oant 1 jannewaris 1801. De steat ûntstie nei it Ferdrach fan de Uny (Treaty of Union) fan 1706 en waard befêstige troch de Acts of Union 1707, dêr't de keninkriken Ingelân (mei Wales) en Skotlân ien keninkryk foarmen dy't gâns it eilân fan Grut-Brittanje mei syn eilannen, mei útsûndering fan de Kanaaleilannen en it eilân Man. De nije steat waard regearre troch ien parlemint en oerheid dy't syn sit hie yn it Paleis fan Westminster. Nettsjinsteande dat bleaune it Ingelsk rjocht en it Skotsk rjocht jilden yn harren eigen jurisdiksjes.

Grut-Brittanje
Great Britain
1707 – 1801
flagge wapen
Flag of Great Britain (1707–1800).svg Coat of Arms of Great Britain (1714-1801).svg
Frânsk: Dieu et mon droit ("God en myn rjocht")
Skotsk: In my defens God me defend ("Yn myn noed sil my God ferdigenje") (yn Skotlân)
geografyske lokaasje
Great Britain 1789.svg
polityk
haadstêd Londen
offisjele taal Ingelsk
Skotsk, Welsk, Skotsk-Gaelysk, Norn, Kornysk
steatsfoarm keninkryk
ûntstien út Flag of England.svg Keninkryk Ingelân
Flag of Scotland (traditional).svg Keninkryk Skotlân
opgien yn Flag of the United Kingdom.svg Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Ierlân
no diel fan Flag of the United Kingdom.svg Feriene Keninkryk
sifers
ynwennertal ±7.000.000 (1707)
±10.500.000 (1801)
befolkingstichtens 30,3 / km² (1701)
45,5 / km² (1801)
oerflak 230.977 km²
bykommende ynformaasje
muntienheid Pûn sterling

NammeBewurkje

De namme "Brittanje" komt fan de Latynske namme fan it eilân Grut-Brittanje, Britannia of Brittania, it lân fan de Britten fia it Aldfrânske Bretaigne (hjoeddeisk Frânsk: Bretagne) en it Midingelske Bretayne of Breteyne. It begryp "Grut-Brittanje" waard yn 1474 foar it earst brûkt.

It brûken fan it wurd "Grut" foar "Brittanje" hat syn oarsprong yn it Frânsk, dêr't it wurd Bretagne foar beide "Brittanje" en Bretanje yn Frankryk brûkt wurdt. Dêr wurdt lykwols ûnderskaat makke troch "Brittanje" la Grande Bretagne te neamen, itjinge letter yn it Ingelsk ek oernommen waard.

It Ferdrach fan de Uny en de folgjende Acts of Union neame dat Ingelân en Skotlân "feriene wurde soene yn Ien Keninkryk mei de Namme Grut-Brittanje", en dat "Grut-Brittanje" de offisjele namme fan de steat wurde soe, allyk yn titels sa as bygelyks it "Parlemint fan Grut-Brittanje". Beide de Acts en it Ferdrach fan de Uny omskriuwe it lân as "Ien Keninkryk" en in "Feriene Keninkryk", dat sûnt de achttjinde iuw ek wol brûkt waard om de steat te omskriuwen.

Politike struktuerBewurkje

De keninkriken Skotlân en Ingelân wiene fan de njoggende iuw ôf oant 1707 selsstannige steaten. Wales wie fan de sechtjinde iuw ôf opnommen yn it keninkryk Ingelân. Yn 1603 ferienigen Ingelân en Skotlân harren al yn in personele uny, doe't de Skotske kening Jakobus VI kening fan Ingelân waard as kening Jakobus I. Dy Uny fan de Kroanen ûnder it Hûs Stuart betsjutte dat gâns it eilân Grut-Brittanje en it eilân Ierlân ûnder ien kening regearre waard, want it Keninkryk Ierlân waard doe ek al troch de kening fan Ingelân yn in personele uny regearre. Alle trije keninkriken holden harren eigen parleminten en wetten. It eilân Man en de Kanaaleilannen wiene yn besit fan de kening. De yntegraasje fan de keninkriken wie in wichtich stribjen fan keninginne Anne, dy't de lêste monarch fan it Hûs Stuart fan de keninkriken Ingelân en Skotlân en de earste monarch fan Grut-Brittanje wie.

Mei de Acts of Union 1707 feroare de situaasje tige, mei in feriene kroan fan Grut-Brittanje en in feriene parlemint. Ierlân bleau offisjeel selsstannich, mei syn eigen parlemint, oant de Acts of Union 1800. De Uny fan 1707 bepaalde dat der allinnich in protestantske erfgenamt op de troan sitte koe, sa't it al yn de Ingelske wet, Act of Settlement fan 1701, leaver as de Skotske wetten, bepaald wie. Dy Ingelske wet bepaalde dat de erfgenamt fan de Ingelske troan in neikommeling fan karfoarstinne Sofia fan Hannover, en net in roomsk-katoliken ien, wêze soe. Dat late ta de hearskippij fan kening George I fan it Hûs Hannover yn 1714.

De wetfierende macht waard útfierd troch it Parlemint fan Grut-Brittanje, dy't it Parlemint fan Ingelân en it Parlemint fan Skotlân ferfong. Winliken wie it in fuortsetting fan it Ingelske parlemint, mei deselde sit yn it Paleis fan Westminster, útwreide mei Skotske ôffurdigen. It Parlemint fan Grut-Brittanje bestie, lykas it Ingelske parlemint en it hjoeddeistige Parlemint fan it Feriene Keninkryk, út trije parten: it Legerhûs (House of Commons), it Hegerhûs (House of Lords) en de Kroan. Nettsjinsteande dat Skotlân gjin eigen parlemint mear hie, hold er syn eigen wetten en rjochtsyteem, allyk syn eigen presbyteriaanske tsjerke, en de kontrôle oer syn skoallen. Syn sosjale struktuer wie lykwols tige hiërargysk, en deselde boppeste hearskjende klasse hold syn macht noch hieltyd nei 1707. Skotlân hold syn eigen universiteiten en syn yntellektuele mienskip, benammen dy fan Edinburgh, en de Skotske ferljochting hie in grutte ynfloed op it Britsk, Jeropeesk en Amerikaansk tinken.

Rôl fan IerlânBewurkje

Nei de Wet fan Poyning út 1495 rekke it Parlemint fan Ierlân ûnderhearrich oan it Ingelske parlemint, en nei 1707 oan dy fan Grut-Brittanje. Neffens de Declaratory Act 1719 hiene de kening en parlemint fan Grut-Brittanje alle foech oer it Keninkryk Ierlân, mar yn 1782 waard dy wet wer ynlutsen, nei druk út Ierlân. De Ierske opstân fan 1798, dêr't de opstannelingen in ein oan Britske oerhearsking en it stiftsjen fan in republyk nei stribben, wie ien fan de oarsaken dat late ta it foarmjen fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Ierlân yn 1801.

SkiednisBewurkje

 
Keninginne Anne

De eardere keninkriken Ingelân en Skotlân wiene al sûnt 1603 yn in personele uny feriene, doe't kening Jakobus VI fan Skotlân, kening fan Ingelân en kening fan Ierlân, as Jakobus I, waard nei it ferstjerren fan keninginne Elizabet I, en dêrmei de Uny fan de Kroanen stifte. Sûnt it regear fan Jakobus VI en I, dy't regearre fan 1567 oant 1625, en dy't himsels as "kening fan Grut-Brittanje" oantsjutte, waard der ferskate kearen besocht en ferienje de twa keninkriken, mar dy waarden tsjin holden troch beide de Ingelske en Skotske parleminten. Keninginne Anne, dy't fan 1702 oant 1714 regearre, hie gjin protestantske erfgenamt, en om't de opfolgingswetten yn beide keninkriken ferskilden, wie der de driging dat de roomsk-katolike Hûs Stuart, dy't nei de Glorieuze Revolúsje fan 1688 ferballe waard, yn Skotlân op de troan komme koe. Under de Act of Settlement fan 1701 yn Ingelân koe der gjin roomsk-katolike op de Ingelske troan komme. Under Ingelske druk waard it ferienjen fan beide keninkriken ferhastige.

It keninkryk Ingelân wie yn in wetfierende en personele uny mei it Keninkryk Ierlân ferbûn, en waard fuortset troch Grut-Brittanje. It Britske parlemint wie der ynearsten op tsjin en belûk Ierlân yn de politike uny. Nei't kening George I yn 1714 kening waard, rekke Grut-Brittanje yn in personele uny ferbûn mei it Dútske Karfoarstendom Hannover, dêr't it Hûs Hannover wei kaam. Yn it begjin wie it nije keninkryk tangele yn de Jakobityske rebûljes ûnder lieding fan de Stuarts, benammen yn de Jabobynske Opstân fan 1715. De keningen fan Hannover koene de situaasje ynearsten net de baas wurde, en dêrtroch krige it Parlemint stadichoan mear macht, en waard de rôl fan de minister-presidint útwreide, ûnder Robert Walpole. De Jakobiten waarden lang om let ferslein yn de Slach by Culloden yn 1746.

De Hannoverske tiid, dy't yn 1714 úteinsette, waard wol oantsjutten as de "Georgiaanske tiid", in begryp dat benammen brûkt waard foar de soarte arsjitektuer út dy snuorje.

De oerwinning yn de Sânjierrige Kriich, dy't yn 1763 einige, late ta it machtiger wurden fan it Britske Ryk, dat ta it machtichste en grutste wrâldryk útwoeks. Fan it midden fan de achttjinde iuw ôf woeks de macht fan Grut-Brittanje yn Yndia, ta it neidiel fan oare koloniale machten, lykas de Republyk fan de Feriene Nederlannen en Portegal, it Mogulryk en it Marataryk. Yn krigen tsjin it Keninkryk Frankryk, krige Grut-Brittanje Boppe- en Under-Kanada yn hannen. Nettsjinsteande de waaksende macht fan de Britten, ferlearen se de Amerikaanske Unôfhinklikenskriich en dêrmei de Trettjin Koloanjes. Fan 1787 ôf setten de Britten útein mei it kolonisearjen fan Nij-Súd-Wales yn it ramt fan it stiftsjen fan in strafkoloanje yn Austraalje. Nei de Frânske Revolúsje rekke Grut-Brittanje belutsen yn de Frânske Revolúsjonêre Krigen.

Nei't de Acts of Union 1800 befêstige waarden troch de parleminten fan Grut-Brittanje en Ierlân, waard it keninkryk Grut-Brittanje mei it keninkryk Ierlân op 1 jannewaris 1801 gearfoege ta it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Ierlân.

MonargenBewurkje


Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References en Further Reading op dizze side.