Act of Settlement

De Act of Settlement, of de opfolgingswet, is in wet dy't troch it Parlemint fan Ingelân oannommen waard yn 1701 om te regeljen dat de erfgenamten fan de kroanen fan Ingelân en Ierlân allinnich protestanten wêze koene. Dat late ta it ferbaljen fan de ôfstammelingen fan kening Karel I, mei útsûndering fan syn protestantske pakesizzer prinsesse (de lettere keninginne) Anne. De folgjende protestantske erfgenamt wie karfoarstinne Sofia fan Hannover, in pakesizzer fan kening Jakobus VI fan Skotlân, dy't yn 1603 as kening Jakobus I fan Ingelân en Ierlân kroane waard. Nei Sofia, mocht de troan allinnich mar beset wurde troch net-katoliken.

In kopy fan de Act of Settlement, stjoerd nei karfoarstinne Sofia fan Hannover

De Act of Supremacy 1558 bepaalde dat de Anglikaanske tsjerke selsstannich wêze soe fan de Roomsk-katolike tsjerke en ûnder behear stean soe ûnder de Ingelske monarch. Kening Jakobus II wie roomsksinnich, mar waard oan de kant setten troch syn dochter Marije en har man steedhâlder Willem III fan Oranje mei de Glorieuze Revolúsje fan 1688. Om't Willem en Marije en har suster Anne, de lettere keninginne, gjin bern krije koene, en oare leden fan it Hûs Stuart katoliken wiene, wie der ferlet fan in opfolgingswet. It tichtst besibbe lid fan it Hûs Stuart, dy't protestantsk wie, wie karfoarstinne Sofia fan Hannover. Sofia ferstoar op 8 juny 1714, earder as keninginne Anne dy't op 1 augustus fan dat jier ferstoar. Sofia har soan, George I, waard doe kening, en doe sette de dynasty fan it Hûs Hannover útein.

De wet spile in wichtige rôl yn it foarmjen fan it keninkryk Grut-Brittanje. Ingelân en Skotlân hiene al sûnt 1603 deselde monarch, mar wiene hieltyd noch selsstannige lannen. It Skotske parlemint wie mear weromhâldend om it Hûs Stuart gean te litten, om't de Stuarts folle langer Skotske monargen west hiene ear't se Ingelske monargen wiene. Ingelân sette Skotlân ûnder druk en nim de Act of Settlement oan, en dat wie ek ien fan de redens foar de feriening fan de twa lannen yn 1707.

De Act of Settlement bepaalde dat eltsenien dy't roomsk-katolyk waard, of ien boaske, gjin troanopfolger wêze koe. Ek beheinde de wet de rôl fan bûtenlanners yn it Britske regear en de macht fan de monarch yn relaasje mei it Parlemint fan Ingelân.

De Act of Settlement is hjoed-de-dei noch hieltyd ien fan de wetten dy't de troanopfolging fan it Feriene Keninkryk, allyk as dy fan de oare lannen fan it Britske Mienebêst, regelet. De wet kin net feroare of oanpast wurde troch de parleminten fan elts fan dy lannen, of it moast wêze dat alle oare lannen der mei ynstimme, om't de kroan de steatshaad fan al dy lannen is.

By de Oerienkomst fan Perth yn 2011, waard de diskwalifikaasje om katoliken te boaskjen mei yngong fan 26 maart 2015 opheft. Oare ûnderdielen jilde noch hieltyd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch Notes en Sources op dizze side.