Anne fan Grut-Brittanje

Anne Stuart (Sint-Jamespaleis, Middelseks, Keninkryk Ingelân 6 febrewaris 1665 - Kensingtonpaleis, Middelseks, 1 augustus 1714 wie de keninginne fan Ingelân, Skotlân en Ierlân fan 8 maart 1702 oant 1 maaie 1707. Under de Acts of Union 1707 waarden de keninkriken Ingelân en Skotlân feriene en foarmje de nije steat Grut-Brittanje. Hja bleau keninginne fan Grut-Brittanje en Ierlân oant har ferstjerren yn 1714.

Anne
aadlik persoan en/of hearsker
keninginne Anne
keninginne Anne
nasjonaliteit Britsk
bertedatum 6 febrewaris 1665
berteplak Sint-Jamespaleis, Westminster, Middelseks (Keninkryk Ingelân)
stjerdatum 1 augustus 1714 (49 jier)
stjerplak Kensingtonpaleis, Middelseks
dynasty Hûs Stuart
keninginne fan Ingelân, Skotlân en Ierlân
amtsperioade 8 maart 1702 - 1 maaie 1707
foargonger Willem III en II
opfolger gjint
keninginne fan Grut-Brittanje en Ierlân
amtsperioade 1 maaie 1707 - 1 augustus 1714
foargonger gjint
opfolger George I

Anne waard berne as dochter fan Jakobus II en Anne Hyde yn de tiid fan de hearskippij fan har omke Karel II, de âldere broer fan har heit. Har heit, Jakobus dy't de mooglike opfolger fan syn broer wie as kening wie roomsksinnich en dat wie doe net populêr yn Ingelân. Op oantrunen fan kening Karel, waarden Anne en har âldere suster Marije anglikaansk grutbrocht. Marije boaske har Nederlânske protestantske neef, steedhâlder Willem III fan Oranje, yn 1677, en Anne boaske prins George fan Denemark yn 1683. Doe't Karel II yn 1686 ferstoar, folge syn broer Jakobus him op as kening, mar waard ferballe mei de Glorieuze Revolúsje yn 1688 en dêrnei regearren Marije en Willem tegearre. Anne en har suster Marije koene ynearsten goed meiïnoar oerwei, mar harren relaasje kuolle ôf nei ferskillen fan mienings nei't Marije op de troan kaam. Willem en Marije hiene gjin bern. Nei't Marije yn 1694 ferstoar, regearre Willem allinnich oant syn ferstjerren yn 1702. Anne folge him dêrnei op.

Under har bestjoer stipe Anne de politisy fan de Torys, dy't har anglikaanske útsichtpunten mear dielden as harren politike tsjinstanners, de Whigs. De Whigs krigen lykwols mear macht yn de rin fan de Spaanske Suksesjekriich oant 1710 doe't Anne harren dien joech. Har freonskip mei Sarah Churchill, hartoginne fan Marlborough, einige troch harren politike mieningsferskillen. De hartoginne naam wraak troch Anne negatyf te beskriuwen yn har deiboek, dat troch skiedkundigen sels oannommen waard oant it libben fan Anne fannijs besjoen waard yn de lette tweintichste iuw.

Under har bestjoer waard der fannijs ûnderhannele oer de feriening fan de keninkriken Ingelân en Skotlân ta in feriene keninkryk. Nei it Ferdrach fan de Uny yn 1706 tekene waard, waard de feriening troch de parleminten fan beide lannen befêstige mei de Acts of Union 1707 (Unywetten). Mei yngong fan 1 maaie 1707 giene de wetten fan krêft. Dêrmei waard Anne keninginne fan Grut-Brittanje.

Anne hie in minne sûnens troch gâns har libben hinne, en doe't se yn de tritich wie, waard se hieltyd faker siik en waard se grouwer. Nettsjinsteande dat se santjin kear swier wie, ferstoar se, faaks oan in oerhaal, sûnder oerlibjende opfolgers en waard se de lêste monarch fan it Hûs Stuart. Under de Act of Settlement fan 1701 koene roomsk-katoliken gjin kening wurde yn Ingelân, en waard fuortset yn Grut-Brittanje. Hja waard doe opfolge troch har tichtst besibbe protestantske famyljelid, har efterneef George I fan it Hûs Hannover.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References en Further Reading op dizze side.