Karel II fan Ingelân
Karel II (Ingelsk: Charles) (St. James's Palace (Londen), 29 maaie 1630 – Paleis fan Whitehall (Londen), 6 febrewaris 1685) wie kening fan Ingelân, Skotlân en Ierlân fan 1660 - 1685.
Hy wie de twadde soan fan kening Karel I en Keninginne Henriëtta Maria, in suster fan kening Loadewyk XIII fan Frankryk.
Jonkheid
bewurkje seksjeSyn heit waard ûnthalze as gefolch fan syn machtsstriid mei it parlemint en syn stribjen nei de absolute macht. Karel II wie yn 1646, yn de boargeroarloch, nei Frankryk flechten (hy wenne in skoftsje mei syn húshâlding yn De Haach), mar waard wol offisjeel yn 1649 útroppen ta nije kening fan Ingelân as Karel II. De macht lei lykwols by de Lord Protector Oliver Cromwell en it parlemint.
Yn 1651 foel hy fanút syn Frânske ballingsoard Ingelân binnen, mar Cromwell wie te sterk; neidat hy de slach by Worcester ferlern hie, flechte hy werom nei Frankryk.
Yn 1660, dus nei de dea fan Cromwell, luts de militêre befelhawwer fan Skotlân, generaal Monck, op nei Londen, dêr't hy it "rompparlemint' by elkoar rôp. Yn dizze gearkomst waard Karel weromroppen om de regearing oer te nimmen, wêrfoar't hy romme folmachten krige. Fanút de Republyk kaam hy werom yn Ingelân. Him waard - benammen troch Amsterdam - in grut geskink meijûn, yn de hoop op bettere ferhâldings, mooglik sels in ôfskaffing fan de Akte fan Navigaasje.
Kening
bewurkje seksjeKarel troude op 21 maaie 1662 mei Portegeeske Katarina fan Braganza, dy't him wol trou wie, mar allinnich miskreammen hie. Karel sette lykwols ferskate ûnwetlike bern op de wrâld wêrfan't er der fjirtjin erkende, wêrûnder James, hartoch fan Monmouth. Hy krige troch syn hâlden en dragen dêrom de bynamme "de Fleurige Kening". Syn favorite minnaressen wienen Barbara Palmer, de aktrise Nell Gwyn en in hofdame fan syn jongste suster, Louise de Kérouaille.
Mei it ferdwinen fan heit en soan Cromwell en de macht fan de puriteinen gie der in oare wyn waaien yn Ingelân, dy't wol oantsjutten wurdt as the Restoration (restauraasje), dy't net allinnich slacht op it werstel fan de monargy, mar ek op in kulturele oplibbing. De swiersettigens fan de puriteinen makke romte foar mear fleurigens. De ûnder Cromwell sluten teaters waarden weriepene, wêrby't froulju sels it oant dan ta bjusterbaarlike rjocht krigen op de planken te stean; satirisy en oare skeppende keunstners krigen net earder meimakke frijheid fan mieningsuting.
Mar der wie in kearside. Karel syn earste minister Edward Hyde, greve fan Clarendon, oefene in wier terreur út op opposysjeleden. De ûntelbere bepalingen fan de regearing steane bekend as de "Clarendon Code". Karel hie de gewoante ministers tsjin elkoar út te spyljen. Yn syn regearingsperioade ûntstie it twapartijen-systeem yn Ingelân.
Karel joech ek in soad jild út, wêrûnder oan twa Ingelske oarloggen tsjin de Nederlânske Republyk, dy't net folle goeds opleveren. Ingelân hie yn syn tiid mei in soad tsjinslaggen te krijen. Yn 1665 bruts de pest út, dy't in protte slachtoffers easke en yn it jier dêrnei waard Londen teistere troch de Grutte Brân. Dizze episoade (en oare) waarden wiidweidich beskreaun yn it unike deiboek fan Samuel Pepys. Yn datselde jier waard troch de Nederlânske fleat, ûnder lieding fan Michiel de Ruyter en Cornelis de Witt in grut diel fan de Britske fleat ferneatige, by de Tocht nei Chatham, dy't in sûnt 1066 nea meimakke ynvaazje fan it kontinint ôf op Ingelsk grûngebiet betsjutte.
Yn 1670 sluet er mei Loadewyk XIV it geheime Ferdrach fan Dover en yn maart en april 1672 folgen oarlochsferklearrings oan de Republyk.
Dea
bewurkje seksjeKoart foar syn dea gie er oer ta it katolike leauwe. Hy stoar op 6 febrewaris 1685 oan in beroerte en waard begroeven yn de kapel fan Hindrik VII yn Westminster Abbey. Hy waard opfolge troch syn katolike broer Jakobus II.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Charles II of England fan Wikimedia Commons. |