Abdij fan Westminster

(Trochferwiisd fan Westminster Abbey)

De Abdij fan Westminster (Ingelsk: Westminster Abbey), en offisjeel de Kollegiale Tsjerke fan Sint-Petrus (Ingelsk: Collegiate Church of St Peter) is it nasjonale tsjerkegebou fan Ingelân. Sûnt de kroaning fan Willem de Oermasterder yn 1066 binne alle Ingelske en Britske foarsten yn 'e abdijtsjerke kroand. Ek wurde dêr tradisjoneel de begraffenissen fan leden fan it Britske keningshûs holden en wurde der houliken sletten fan 'e keninklike famylje. Njonken de funksje fan nasjonale tsjerke stiet de Abdij fan Westminster fol mei grêven en monuminten foar minsken, dy't in wichtige rol spile hawwe yn 'e Britske skiednis. Meiïnoar fûnen likernôch 3.300 minsken dêr harren lêste rêstplak. Dêrtroch hat de tsjerke, ferwizend nei de Noardske mytology de bynamme krigen fan it "Britske Walhalla".

Abdij fan Westminster
Lokaasje
lân Ingelân
plak Londen, SW1P 3PA
adres 20 Deans Yd, Westminster
koördinaten 51° 29' N 0° 7' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Tsjerke fan Ingelân
patroanhillige Sint-Piter
status Kollegiale tsjerke
Arsjitektuer
boujier Sûnt 1065
boustyl gotyk
monumintale status Wrâlderfgoed Unesco
Webside
www.westminster-abbey.org
Kaart
Abdij fan Westminster (Londen en Westminster)
Abdij fan Westminster

De goatyske tsjerke waard yn 1987 mei it Paleis fan Westminster (Westminster Palace) en de Margarethatsjerke ynskreaun op 'e wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

 
Plattegrûn fan Westminster Abbey.
 
Eastlike Marijekapel (1503-1519.

Neffens in leginde soe de tsjerke werom gean op de stifting fan in abdij op in eilân yn 'e Teems ûnder kening Sæberht fan Esseks, nei't in fisker in fizioen hie oer Petrus.

Yn 'e tiid fan Edward de Belider waard de abdij yn Normandyske styl ferboud (1045-1065). Op 28 desimber 1065 waard de benediktynske delsetting ynwijd. De kening sels wie doe al te siik om de plechtichheid by te wenjen en waard nei syn dea yn 'e tsjerke byset. It iennige ôfbyld fan dy earste abdij stiet op it ferneamde Tapyt fan Bayeux. De lokaasje tichteby it bestjoerssintrum fan it lân, it keninklike paleis fan Westminster, droech by oan 'e macht dy't de abt en de muontsen tafoel yn 'e iuwen nei de Normandyske oermastering.

De goatyske ferbouwing fan 'e abdij yn 'e styl fan 'e Frânske heechgotyk sette sûnt 1245 ûnder kening Hindrik III útein. Oant 1269 wiene it koer, it dwersskip en it eastlike diel fan it skip mei de oanbuorjende kleastergong en it kapittelhûs foltôge. De boumaster fan dat diel fan 'e tsjerke stiet bekend ûnder de namme Henry of Reyns, dy't mooglik út Reims kaam en dêr ek oan 'e Notre-Dame wurke hat. It âld romaanske skip bleau noch wol hûndert jier oan 'e nijbou stean, mar waard ôfbrutsen om tusken 1376 en 1506 it tsjerkeskip te foltôgjen yn 'e selde styl as de rest fan 'e tsjerke. De bou waard foltôge troch de arsjitekt Henry Yevele ûnder it regear fan Richard II. Hindrik VII liet tusken 1503-1519 de oan Marije wijde kapel yn 'e perpendicular styl tafoegje, ien fan 'e moaiste let-goatyske gebouwen fan Jeropa.

De abdij waard mei de brek mei Rome en ynfiering fan in nasjonale protestantske tsjerke ûnder Hindrik VIII lykas alle oare kleasters en abdijen yn it lân opheft. De roomsk keninginne Marije I joech de abdij werom oan 'e muontsen, mar fan har suster en [protestanske opfolger Elizabeth I moasten de muontsen de gebouwen wer en no foargoed ferlitte. Elizabeth joech de tsjerke yn 1579 de status fan royal peculiar sadat de tsjerke streekrjocht ûnder de ferantwurdlikens fan 'e foarst stie en net ûnder dy fan 'e aartsbiskop fan Canterbury. Hja makke der de Collegiate Church of St Peter fan, in net-katedrale tsjerke mei in kapittel fan koarhearen ûnder lieding fan in dekaan, dy't troch de Kroan beneamd wurdt. De tsjerke hie slim te lijen ûnder de rûzige jierren 1640, doe't puriteinen de alters, de brânskildere ramen, it oargelen de kroanjuwelen fernielden of ferneatigen, mar profitearre yn 'e tiid fan 'e Mienebêst fan 'e beskerming troch de Steat. De puritein Oliver Cromwell krige yn 1658 yn 'e tsjerke noch in grutte begraffenis, mar waard yn 1661 opgroeven en postúm ophinge oan 'e galge by Tyburn, it plak dêr't misdiedigers ophongen waarden.

 
Ynterieur

De twa westlike tuorren waarden tusken 1722 en 1745 troch de arsjitekt Nicholas Hawksmoor fan stien út Portland boud en binne in ier foarbyld fan in neogoatysk ûntwerp. De muorren en de flierren fan 'e Westminster Abbey waarden mei Purbeck-moarmer belein, ek al binne de ferskate tombes fan ferskillende soarten moarmer makke. Fierder waard yn 'e 19e iuw in restauraasje útfierd troch George Gilbert Scott.

 
Kroaning fan keninginne Elizabeth II yn de Westminster Abbey.

Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje

De skea oan 'e Westminster Abbey yn 'e Twadde Wrâldkriich bleau op 15 novimber 1940 noch beheind, mar op 10 maaie waarden de gebouwen troffen troch brânbommen. De bommen waarden al gau ûnskealik makke troch leden fan 'e loftbeskerming, mar ien bom boppe it noardlike dwersskip wie dreech benei te kommen en ûntplofte. It fjoer fan 'e baarnende balken die al gau it daklead ranen en begûn fan boppe ôf te fallen op it tsjerkemeubilêr. Meiwurkers brochten sa folle mooglik meubilêr yn feiligens, mar moasten harren weromlûke. Mei it ynstoarten fan it dak fan 'e krusing koe lang om let fierdere fersprieding fan it fjoer tefoarren kommen wurde.

Nei de oarloch

bewurkje seksje

Yn 'e jierren 1990 waarden der twa ikoanen fan 'e Russyske ikoaneskilder Sergej Fjodorov ophongen yn 'e tsjerke. Yn 1997 waard foar it earst yntree frege oan it grutte tal toeristen, dat yn dy tiid alle jierren al op likernôch 1,75 miljoen rûsd waard. Op 6 septimber 1997 waard de begraffenis holden fan Diana, prinsesse fan Wales. Op 17 septimber 2010 wie paus Benediktus XVI de earste paus dy't in foet yn 'e abdijtsjerke sette.

Yn 2009 waarden der plannen makke foar de earste grutte bouwurksumheden sûnt 250 jier. In kroanfoarmige ôfsluting boppe de krusing, dy't de lege pyramide fan nei 1950 ferfange moast, waard útsteld. It wie in ûnderdiel fan in grutter projekt dat £ 23 miljoen kostje moast en foltôge waard yn 2013. Nettsjinsteand it tariedend wurk dat al dien wie, makke de deken yn 2010 bekend dat der gjin 'kroan' op 'e krusing kaam.

On 29 april 2011 fûn it ynsegenjen fan it houlik fan prins William en Catherine Middleton plak yn de abdij.

De Queen's Diamond Jubilee Galleries binne yn it midsiuwske trifoarium fan 'e abdij ûnderbrocht. Dêr. Heech om it skip fan 'e tsjerke hinne, wurde de skatten fan 'e abdij útstald. Ek waard der in nije goatyske tagong mei lift ûntwurpen troch de arsjitekt fan 'e abdij. De nije galerijen binne yn juny 2018 iepene.

Bou en ynterieur

bewurkje seksje

De haadyngong is oan 'e westlike kant. It portaal wurdt mei foarstellings fan 'e fjouwer kristlike deugden Wierheid, Gerjochtichheid, Barmhertigens, Frede en tsjien 20e-iuwske martlers omseame.

Yn it middenskip fan 'e abdij leit it Grêf fan de Unbekende Soldaat. Yn 'e ierde fan 'e Frânske slachtfjilden rêst dêr in ûnbekende soldaat fan 'e Earste Wrâldkriich "tusken kenings wylst er syn God en Heitelân goed tsjinne', sa't it ynskrift yn it swarte moarmer it beskriuwt. De fallen soldaten fan 'e twa wrâldkrigen wurde ek yn de Sint-Joariskapel betocht.

Ek yn it skip binne de grêven fan 'e ûntdekker David Livingstone, de dichter en toanielskriuwer Ben Jonson en de premiers Andrew Bonar Law en Neville Chamberlain. Yn it súdlike dwersskip is de Poets' Corner mei in monumint foar Shakespeare de grêven fan û.o. Chaucer, Tennyson, Browning, Longfellow, Dickens en Händel

 
Kroaningstroan.

Ut it noardlike diel fan it dwersskip wei kin men de efter it heechalter lizzende Kapel fan Edward de Belider yngean. Yn it midden stiet dêr de sark fan 'e yn 1066 ferstoarne kening. Dêrefter stiet de kroaningstroan, dêr't oant 1996 ûnder it sitflak de saneamde Stone of Scobe bewarre waard. Op dy stien waarden eartiids iuwenlang de Skotske kenings kroand, oant Edward I de stien yn it jier 1297 meinaam. De stien waard yn 'e Kryst fan 1950 stellen en nei lang sykjen werom fûn. Yn 1996 waard de stien, dy't de ienheid fan Ingelân en Skotlân symbolisearret, wer oan Skotlân oerdroegen. Sûnt wurdt de stien yn it Slot fan Edinburgh bewarre. Yn 'e kapel steane de sarken fan Hindrik III, Edward I, Edward III, Richard II en Hindrik V.

It oargel fan 'e Westminster Abbey is ferdield oer de noardlike en súdlike kant fan it westlike diel fan it koer. It ynstrumint waard yn 1937 boud troch de Britske oargelbouwer Harrison & Harrison (Meadowfield) en foar de earste kear brûkt foar de kroaning fan George VI.

Ynearsten hie it oargel 84 registers, ferdield oer fjouwer manualen en pedaal. Yn it oargel waard in diel fan it piipmaterjaal fan 'e foargonger op 'e nij brûkt, dat troch William Hill yn 1848 boud wie. De oargelkas fan it oargel datearret út 1895 en binne yn it ein fan de 19e iuw ûntwurpen troch John Loughborough Pearson.

Yn 1982 en 1987 fergrutte Harrison & Harrison it oargel mei in Lower Choir Organ en in Bombarde Organ. It hjoeddeiske oargel hat fiif manualen en 109 registers.

 
Ferwulft kapittelhûs.

Kapittelhûs

bewurkje seksje

It kapittelhûs, in foarbyld fan suvere gotyk, waard tusken 1245 en 1253 mei de eastlike dielen fan 'e abdij ûnder Hindrik III boud. George Gilbert Scott restaurearre it kapittelhûs yn 1872. De tagong is fanút it eastlike diel fan 'e kleastergong. In doar yn it portaal datearret fan 1050 en der wurdt tocht dat it de âldste fan Ingelân is. Yn guon bline nissen oan 'e muorren binne 14e iuwske fresko's bewarre bleaun. De tegelflier is noch orizjineel 13e-iuwsk. Under de seal leit in achthoekige krypte.

De loftbôgen bûten binne yn 'e 14e iuw tafoege en it tintfoarmige dak op in stielen frame is in 19e iuwsk ûntwerp fan Scott.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Westminster Abbey