Neville Chamberlain

Arthur Neville Chamberlain (Birmingham, 18 maart 1869 - Reading, 9 novimber 1940) wie in Britske politikus dy’t foar de konservative partij wie. Hy wie de Earste Minister fan 1937 oant 1940. Hy soe de skiednis yngean as de man dy’t tocht dat hy de wrâldfrede rêden hie. (“Peace in our time”).

Arthur Neville Chamberlain, jier ûnbekend

Libben en wurk

bewurkje seksje

Nevelle Chamberlain waard berne op 18 maart 1869 as soan fan Joseph Chamberlain, de boargemaster fan Birmingham. Syn mem ferstoar yn it kreambêd doe’t hy 6 jier âld wie. Hy hie 3 susters, in healsuster en healbroer út it foarrige houlik fan syn heit. De healbroer Joseph Austen soe him foargean yn de polityk, Joseph waard minister fan finânsjes.

Neville groeide op as man mei in soad ynteresses. Hy fûn muzyk, literatuer, plantkunde en ornitology moai. Hy helle syn yngenieursdiploma en spesjalisearre him yn de metaalkunde. Syn karriêre begûn yn it bedriuwslibben. Hy waard priizge as manager.

Op 42-jierrige leeftyd die Nevelle syn earste stappen yn de polityk. Hy waard keazen yn de gemeenterie fan syn stêd. Sân jier letter op 49-jierrige leeftyd wurdt er in parlemintslid. Syn politike karriêre kaam doe echt op gong en yn 1923 waard er foar it earst minister. Hy waard minister fan folkssûnens. Hy woe it better meitsje foar de minder bedielden en dêrom soarge hy foar bettere húsfesting en foar betelbere wenten.

Hy beklaaide de post oant 1929. Hy waard doe minister fan finânsjes. Yn dy funksjes liet er wer sjen dat er in sosjale herfoarmer wie. Ek sette hy him yn om de skulden út de Earste Wrâldkriich fuort te wurkjen. Ek soarge hy der foar dat fabriken en minen harren sels fernijden. Dêrtroch koe it Feriene Keninkryk mei de modernste technology en middelen de Twadde Wrâldkriich begjinne. Al wie dit net syn earste doel. Ek yn it bûtenlân waarden syn prestaasjes besjoen. Hy helle de foarkant fan it Amerikaanske blêd de Time.

 
Chamberlain swaaide mei syn papier en sei dat der peace in our time wie

Op 28 maaie 1937 krige Chamberlain it heechste amt, hy waard Earste Minister. Hy seach dat Nazi-Dútslân hieltiten mear nei oarloch nige. Dútslân anneksearre Eastenryk. Hy woe kriich foarkomme en dêrom besocht hy by de konferinsje fan Munchen om Hitler tefreden te krijen. Hitler mocht in grut diel fan Tsjechoslowakije hawwe. Hy mocht Sudetelân hawwe wêr't in protte folksdútsers wennen. Dat wie foar it lân in grutte ramp. It ferdrach soe it begjin fan de ein wêze fan Chamberlain. Op 1 septimber 1939 foel Hitler dochs Poalen binnen nettsjinste alle beloften. Dêrnei foel der net mear oan Twadde Wrâldkriich te ûntkommen. Doe't Nazi-Dútslân dêrnei ek noch op 10 maaie 1940 Belgje, Nederlân en Frankryk binnen foel wie syn posysje net mear te hâlden. Hy waard opfolge troch Winston Churchill.

Seis moannen letter ferstoar Neville Chamberlain oan maachkanker. Hy liet in frou en twa bern nei.

Keppeling om utens

bewurkje seksje