Walhalla
It Walhalla (fan it Aldnoarske Valhöll, yn wittenskiplike publikaasjes almeast stavere as Valhǫll, letterlik: "de hal fan 'e fallenen") is yn 'e Noardske mytology it majestueuze paleis fan 'e god Odin (of Weda). It stiet yn Asgard, de wrâld fan 'e goaden, en omfettet in reuseftige feestseal dêr't de walkueren, de boppenatuerlike tsjinneressen fan Odin, dy helte fan 'e sneuvele krigers hinne bringe dy't oan Odin tafalt. (De oare helte giet nei it fjild Fólkvangr, dêr't de goadinne Freya oer hearsket.)
It dak fan it Walhalla is belein mei goudene skylden. Ferskate wêzens libje om it Walhalla hinne, wêrûnder de goudene beam Glasir, dy't foar de yngong groeit, en ek de hartebok Eikþyrnir en de geit Heiðrún, dy't allebeide op it dak fan it paleis stean soene, dêr't se fan it blêdte fan 'e beam Læraðr frette.
De sneuvele krigers dy't yn it Walhalla bedarje, wurde einherjar neamd. Hja bringe dêr harren tiid troch mei it oefenjen fan harren kriichskeunst foar de takomstige striid fan Ragnarök op it fjild fan Vígríðr, wannear't de wrâld sa't dy no bestiet ûndergean sil yn 'e oarloch tusken goaden en meunsters. Yn dat ramt befjochtsje de einherjar it skriklike bist Sæhrímnir, dat eltse jûn op 'e nij ta libben komt. Tuskentroch fiere se feest mei iten en it drinken fan mea (in sterke drank makke fan fermintearre hunich), dy't yn it hjirneimels streekrjocht út it jaar fan 'e geit Heiðrún molken wurdt. De mea wurdt harren servearre troch de walkueren.
Beskriuwings fan it Walhalla binne oerlevere yn 'e Poëtyske Edda, in Aldiislânske dichtbondel dy't yn 'e trettjinde iuw gearstald is út eardere tradisjonele boarnen; de Proaza-Edda, dy't om dyselde tiid hinne skreaun waard troch de grutte Iislânske skald Snorri Sturluson; it Heimskringla, dat ek skreaun waard troch Sturluson; en yn ferskate kûpletten fan in anonym tsiende-iuwsk gedicht ta betinking fan 'e dea fan 'e Noarske kening Earik Bloedbile, dat bekend stiet as it Eiríksmál en diel útmakket fan 'e bondel Fagrskinna.
It Walhalla hat yn 'e moderne tiid de ynspiraasjeboarne west foar ferskate keunstwurken en publikaasjes. Dêrby kin men tinke oan 'e Walhalla-timpel dy't arsjitekt Leo von Klenze tusken 1830 en 1847 by it Dútske Regensburg foar kening Loadewyk I fan Beieren boude, en de foarstelling fan it Walhalla troch de Dútske komponist Richard Wagner yn syn operasyklus Der Ring des Niebelungen (1848-1876).
De term 'Walhalla' is yn 'e Westerske kultuer synonym wurden mei "it yn in beskaat domein of opsicht begearlikste of heechst berikbere plak."[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|