Ferdrach fan de Uny
It Ferdrach fan de Uny (Ingelsk: Treaty of Union) wie it ferdrach dat late ta it foarmjen fan it nije Keninkryk Grut-Brittanje, dêr't it Keninkryk Ingelân, dêr't Wales in part fan wie, en yn personele uny mei it Keninkryk Ierlân wie, en it Keninkryk Skotlân "feriene wurde moatte soene ta ien keninkryk mei de namme Grut-Brittanje". It ferdrach wie yn dy tiid mear bekend as de Artikels fan de Uny (Articles of Union).
Oer de ûnderdielen fan it Ferdrach waard op 22 july 1706 oerienkommen, en dêrnei waarden de Acts of Union troch de parleminten fan Ingelân en Skotlân goedkard. De politike uny wie mei yngong fan 1 maaie 1707 in feit.
Eftergrûn
bewurkje seksjeOp 24 maart 1603 kaam keninginne Elizabeth I fan Ingelân en Ierlân, de lêste monarch fan it Hûs Tudor, te ferstjerren sûnder opfolgers. Har neef, Jakobus VI fan Skotlân, de iennige soan fan Marije I fan Skotlân en lid fan it Hûs Stuart folge har dêrnei op. Mei de Uny fan de Kroanen waard er as Jakobus I fan Ingelân en Ierlân kroane. Troch dy personele uny naam de noed, dy't Ingel♂n hie oer in mooglike Skotske alliânsje mei in Frânske ynvaazje fan Ingelân, ôf.
De nije monarch, Jakobus I en VI, besocht de keninkriken Ingelân en Skotlân ta ien steat te ferienjen dy't er as "Grut-Brittanje" oantsjutte. Besykjen ta ferienjen mislearren yn 1606, 1667 en 1689.
Yn 1698 sette de Kompanjy fan Skotlân útein mei it finansierjen fan it Darienplan, dy't besocht in Skotske koloanje te stiftsjen oan de lâningte fan Panama. De Kompanjy sammele jild foar de ynvestearring dy't sa grut as in fearns part fan al it sirkulearjende jild yn Skotlân wie. Ek hie de Kompanjy ynvestearders yn Amsterdam, Hamburch en Londen, itjinge net nei de sin fan de Ingelsken wie. Ek kening Willem III fan Ingelân en II fan Skotlân seach net al te folle yn de Skotske koloniale warberens. Ingelân wie op dat stuit yn in kriich behelle mei Frankryk en woe Spanje net lilk meitsje, om't dy it gebiet fan Panama as in part fan syn koloanje Nij-Granada opeaske.
Ingelân stie ek ûnder druk fan de Ingelske Eastyndyske Kompanjy, dy't syn sit yn Londen hie, om't dy graach de monopoly oer de Ingelske oerseeske hannel hâlde woe. Hja twongen de Ingelske en Nederlânske ynvestearders harren werom te lûken en drigen mei wetlike aksje om't hja tochten dat de Skotten gjin tastimming fan de kening hiene om jild te sammeljen om utens. Dêrmei moasten de Skotten finansjele middels yn eigen lân sykje. De Skotske koloanje einige yn in konflikt mei de Spanjerts yn 1700, dochs de measte kolonisten ferstoaren njonkelytsen lywols oan tropyske sykten. It wie in grutte ekonomyske skeapost foar de hearskjende Skotske elite, en dy joegen harren ferwar oan de uny mei Ingelân dêrtroch ek op. Hja begûnen sels de ideeën foar de uny te stypjen, nettsjinsteande dat der tsjinstân en anty-unyrebûlje yn stêden lykas Edinburgh en Glasgow útbrutsen.
Keninginne Anne trúnde op in fierdergeande politike yntegraasje fan de trije keninkriken oan, nei't se op de trije troanen yn 1702 kaam. Under tafersjoch fan de keninginne en de parleminten, waard der fannijs ûnderhannele oer in ferdrach fan de uny.
It ferdrach
bewurkje seksjeIt ferdrach bestie út 25 artikels:
- Artikel 1: "De twa keninkriken Skotlân en Ingelân sille mei yngong fan oankommende 1 maaie foar ivichheid feriene wurde yn ien keninkryk mei de namme Grut-Brittanje."
- Artikel 2: De regeling foar de troansopfolging fan it Hûs Hannover en foar in protestantske troanopfolging sa't it regele is yn de Ingelske Act of Settlement fan 1701.
- Artikel 3: De regeling foar it stiftsjen fan in feriene Parlemint fan Grut-Brittanje.
- Artikel 4: De ûnderdienen fan Grut-Brittanje krije frijheid fan hannel en navigaasje yn it keninkryk en de "hearskippen en plantaazjes dy't dêr ta hearre", itjinge de Ingelske oerseeske koloanjes oantsjutten waard.
- Artikels 5 oant 15, 17 en 18 wiene ornearre foar alle ûnderdielen dy't hannel, belestings, regelings, en oare ûnderdielen oanbelangje om likese behanneling foar alle ûnderdienen fan it nije keninkryk wier te meitsjen.
- Artikel 16 ferplichte in mienskiplike muntienheid foar Grut-Brittanje.
- Artikel 19 beskerme de fuortsetting fan de selsstannige Skotske rjochtsysteem.
- Artikel 20 bea beskerming foar bepaalde erflike en rjochtsamten.
- Artikel 21 bea beskerming foar de rjochten fan keninklike amten.
- Artikel 22 regele dat Skotlân 16 ôffurdigen yn it Parlemint fan Grut-Brittanje hawwe soe en 45 leden yn it Legerhûs.
- Artikel 23 regele dat de Skotske peers deselde rjochten as de Ingelske peers hawwe soen.
- Artikel 24 regele it skeppen fan in nij Grutte Segel fan Grut-Brittanje, oars as dy fan Ingelân en Skotlân, mar oant dy tiid de Grutte Segel fan Ingelân brûkt wurde soe.
- Artikel 25 ferklearre dat alle wetten fan de eardere keninkriken dy't net mei de artikels yn it ferdrach oerienkomme, ûnwettich.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References en Further Reading op dizze side. |